Portret fan Aggie van der Meer – De ûnsillige sucht ta popularisearjen by Omrop Fryslân
(22-10) Wêr is Aggie van der Meer de dichteres yn de dokumintêre dy’t Bart Kingma fan Omrop Fryslân oer de Gysbert Japicxpriiswinner fan dit jier makke? Wêr de fragminten dêr’t de skriuwster sels yn foarlêst – proaza of poëzy – of de deklamaasje derfan troch in oar, ien fan har bern bygelyks? Wêr in koart wurd oer har motiven, tematyk en styl fan skriuwen?
In oeuvre, sa’t dat yn in lytse tweintich jier byinoar skreaun is, dat kin yn in dokumintêre fan in goed heal oere fansels net folslein syn gerak jûn wurde. Kingma hat dat gelokkich ek net besocht.
Mar op it momint dat de skriuwster bygelyks ûnder in ôfdakje yn it tún nei de rein te harkjen sit, hie der maklik in sprek dien wurde kinnen oer it feit dat de natuer, yn syn soarte de panteïstyske kant it neist, in net ûnbelangryk tema yn har wurk is. It tilt yn dat oeuvre ommers op fan de fûgels, bijen, flinters en dieren.
Yn datselde ramt hie der bygelyks in lyts fragmint út de novelle In moaie dei yn ’e hjerst oanhelle wurde kinnen of oars in lyts gedichtsje lykas ‘Nachtsee’ út de ymposante poëzybondel It bern dat oer it wetter blaast.
streksum
De skriuwster hat mei de Gysbert Japicxspriis de heechste literêre priis fan Fryslân krigen, mar de literatuer sels, sawol de poëzy as it proaza, komt yn dizze doku oan de krapperein. Wat mear Omroppelike literêr-dokumintêre rek-en strekoefeningen hiene wol sa streksum west.
Fansels, dat Aggie van der Meer op har âlde dei in sterke en fitale frou is dy’t moedich en selsbewust yn it libben stiet, dat allegearre komt der yn de dokumintêre wol út, al moat sein dat de opset en de oanpak derfan, spitigernôch, it gehalte hawwe fan lit sizze it eardere NCRV/De Stoel-programma.
De wearde en it belang fan it unyk soarte fan literatuer dy’t Aggie van der Meer skriuwt, komt yn alle gefallen net oan bod. It is in tekoart dat út soarte de frucht is fan in ûnsillige sucht ta ferpopularisearring.
.
Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân
- Eeltsje Hettinga, Gysbert Japicxpriis foar Aggie van der Meer, 25 sept. 2019.