Presentatie ‘Nachtspraak’ + onthulling poëziesteen

(23-09) – Donderdag, 26 sept., wordt op het plein voor de Blokhuispoort de poëziesteen met het door Eeltsje Hettinga geschreven gedicht ‘Net te beteljen’ over vrijwilligers onthuld: dat is een initiatief van het Prins Bernhard Fonds.

Daarna om 12.15 uur zal uitgeverij Perio de door Richard Bos typografisch buitengewoon mooi verzorgde uitgave van het gedicht ‘Nachtspraak’ presenteren. De illustraties zijn van Anne Feddema.

Schrijver-onderzoeker Pieter Breuker geeft een toelichting op het gedicht. De presentatie vindt plaats in De Schepperij, Oude Oosterstraat 14 te Leeuwarden.

Schrijver-dichter Eeltsje Hettinga reflecteert in zijn poëzie regelmatig op actuele maatschappelijke onderwerpen. Ook uit zijn werk als Dichter van Fryslân (2018-2019) spreekt dat engagement. In ‘Nachtspraak’, een lang gedicht over de vondeling Kaspar Hauser, legt Hettinga onder meer een verband met de hedendaagse vluchteling.

Deze tweetalige uitgave van het gedicht ‘Nachtspraak’ is een publicatie van uitgeverij Perio. (tekst persbericht Perio)

Anne Feddema, ‘Kaspar Hauser… Ich will ein Reiter werden’ – 18 x 30 sm., 2018.

Presintaasje ‘Nachtspraak’ + ûntbleating poëzystien

No tongersdei, 26 septimber, om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei it troch Eeltsje Hettinga skreaune gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.

Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk singelier moai fersoarge útjefte fan it gedicht ‘Nachtspraak’ presintearje. It byldwurk is fan Anne Feddema. Skriuwer-ûndersiker Pieter Breuker jout in taljochting op it gedicht. De presintaasje fynt plak yn De Schepperij, Oude Oosterstraat 14 yn Ljouwert.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga reflektearret yn syn poëzy gauris op aktueel maatskiplike ûnderwerpen. Ek út syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019) sprekt dat engaazjemint. Yn ‘Nachtspraak’, in lang gedicht oer de fûnling Kaspar Hauser, leit Hettinga ûnder mear in ferbân mei de hjoeddeiske flechtling.

De twatalige útjefte fan it gedicht ‘Nachtspraak’ wurdt útjûn troch útjouwerij Perio. (tekst parseberjocht Perio)