Nachtspraak 2019 – 1

It gedicht ‘Nachtspraak’ is útjûn yn in doaze mei in magneetsluting, mei dêryn losse kaarten dêr’t it fers yn twa talen [FY-NE] op ôfprinte is yn in spesjaal foar dizze útjefte makke typografy. Fierders sitte der ferskillende tekstboekjes yn, ûnder ien mei in ynliedend essay oer de fûnling Kaspar Hauser. It byldwurk is fan Anne Feddema. De oersettingen binne fan Elske Schotanus.

Poëzy – Eeltsje Hettinga
Foarmjouwing – Richard Bos
Utj.: Utjouwerij Perio, Ljouwert/ Leeuwarden, 2019