Sânyndustry yn de Iselmar? Nee! – Zandindustrie in het IJsselmeer? Nee!

(05-02) Oare wike beslist de ried fan de gemeente De Fryske Marren oer de plannen foar it bouwen fan in grutte sânwinningsfabryk yn de Iselmar. Wurdt dit de safolste oanslach op in like unyk as klassyk Frysk lânskip?

De kust fan Koarnwert ôf oant en mei Lemmer wurdt wat langer wat mear ferkwânsele. By Nij Hiddum-Houw ferrize aanst njoggen, hast twahûndert meter hege wynmûnen. Yn oansluting dêrmei komt ûnder de Ofslútdyk by datselde Koarnwert in grutte elektrisiteitssintrale. Wilens binne by Lemmer grutskalige sinne-enerzjyfjilden yn de maak.

En sa giet it fierder. Oare wike jout de gemeente De Fryske Marren mooglik in fergunning ôf foar in yndustrieel en grutskalich sânwinningsprojekt, in pear kilometer út de kust fan Gaasterlân, nettsjinsteande dat it om in part fan de Iselmar giet dat wetlik in hege, beskerme natuerstatus hat.

Hoewol’t de provinsje Fryslân en de eardere gemeenten yn de Súdwesthoeke foar dit gebiet jierren oanien in stringint natuer- en miljeubelied oanholden hawwe en dat by de jierren lâns ek op tal fan punten oanskerpe hawwe, steane no CDA, VVD en de FNP lykwols iepen foar swiere yndustry yn dit gebiet.

‘Hypocriet’, neamde Michiel de Vries, heechlearaar bestjoerskunde oan de Radboud Universiteit Nijmegen, dat twaslachtige belied, juster, 4 febrewaris, op in ynsprekjûn fan de ried fan de Fryske Marren. ‘U hebt u zelf als raad in een onmogelijke positie gebracht.’

Earder al neamde hy de MER [Milieu Effect Rapportage], dy’t de miljeu-effekten fan de sânwinningsyndustry yn de Iselmar en foar de Gaasterlânske kust yn kaart bringe moat, ‘een wassen neus’.

Fuort 

‘Het klassieke Friese landschap is over tien jaar verdwenen,’ sei sjoernalist en histoarikus Geert Mak oait, yn 2010 yn in ynterview mei Historisch Nieuwsblad. Hy is linkelytsen op syn winken betsjinne.

Geert Mak: ‘Een eeuwenoud cultuurlandschap is veranderd in een industriegebied.’

Ferline simmer by de diskusje oer de plannen foar it wynmolepark Nij-Hiddum Houw koe Mak en mei him tal fan oaren oars net fêststelle as dat de werklikheid fan in folslein ferwoaste lânskip al lang syn beslach krigen hat. Mak: ‘Een eeuwenoud cultuurlandschap is veranderd in een industriegebied.’

De dichter Obe Postma hie fan datoangeande in foarútsjende blik doe’t er yn 1949 it gedicht ‘Fan fuorgen en sleatswâlen’ skreau. ‘En do mei dyn fuorgen en sleatswâlen, wêr sille hja keare / as de produksjekosten omleech moatte?’

Fuort binne wilens de fuorgen, fuort ek in lânskip mei syn hichten en lichten, syn sleatswâlen en dammen, begrinzge fan faak iuwenâlde hikspeallen.

En it hâldt net op. Grutskalige sânwinning yn de Iselmar betsjut de safolste oanslach, diskear op it lânskip fan Gaasterlân en de Gaasterlânske kliffen en kusten, fan Skarl, Mirns, Laaksum oant en mei de Steile Banken.

Troch in hast totalitêre foarm fan yndustrialisaasje driget ék dêr in âld, klassyk kultuerlânskip nei de filistinen holpen te wurden.

flitsgedicht

Neamde Michiel de Vries de plannen en it belied fan de Fryske Marren al hypokryt, allike bryk is yn dizzen it hâlden en dragen fan de FNP.

Oan ‘e iene kant stiet dy partij iepen foar de yndustryplannen yn de Iselmar, oan ‘e oare kant docht de Fryske deputearre en FNP-er Johannes Kramer – hy hat ûnder mear miljeu yn de portefúlje – in pleit foar duorsume, ekologyske lânbou.

Kramer, skamje dy, wie ien fan de sizzens, justerjûn op de publike tribune, tartuffe. Oer it CDA en de VVD hoege wy it net te hawwen. Dy hawwe yn dizzen de earen dochs al fol sân. Gjin salve oant te striken.

Hoewol’t ik net de mooglikheid krige om yn te sprekken, wie der al de gelegenheid om op it bordes foar it gemeentehûs foar in grutte anty-sânwinningdemonstraasje it flitsgedicht ‘Jim bestjoerders, jim fernielders’ oer it fuotljocht te bringen, in tekst dy’t mei it each op de folslein ûnfolsleine MER yn earste ynstânsje de titel ‘Merde’ jûn wie.
.


JIM BESTJOERDERS, JIM FERNIELDERS

‘Een eeuwenoud cultuurlandschap is veranderd
in een industriegebied.’ – 
Geert Mak

Jim, bestjoerders, jim, fernielders,

hear de stim, de stim fan it sâlt,
de stim fan it gas,
de stim fan it sân,

o, jim fan de skepping los,

stim

&

stim

en sis nee,

nee, tsjin de langer alles fernielende
yndustrialisaasje fan it lânskip en
de kust, de kust fan Koarnwert,
Laaksum oant en mei it Mirnser klif.

Jim, de bestjoerders, jim, de fernielders,

O, jimme, sânrovers, sûnder siele!

.

Eeltsje Hettinga – www.dichterfanfryslan.nl

 

 

 

“jIm, de bestjoerders, jim, de fernielders, jimme sânrovers, sûnder siele!”