Sault St. Marie – It is let en belibje silst it as altiten te let

(Sept. 2017) foar fvdm

1.

It is let en belibje silst it as altiten te let:
augustus en it boadskip fan dyn wei op transatlantyske kabel,
de ferbining kreakjend as taspjaltend hout,
de ôfsniene tonge fan de wrâld,
de feiten bluodderich as ienris de hynstehammen
tsjin in hok yn in seizoen, pears yn ’t âljen,
mar ik skreau net, tink oan ôftichele hynders
mei stiennen om skoft en nekke,
dyn lichem blau oer ’e side yn bad,
fal stil en lis op, domwei
en allinnich om’t de dimes op binne.

2.

Sa sil it stil bliuwe, jierren, ieuwen, swijend
sa’t alles it swijen derta docht,
elk op in kant fan it wetter,
in libben ûnder it bewâld fan
stekkende miggen út de sompen njonken de mar,
it oantinken tommeljend de romten troch
by it inkelde oehoe fan in ûle
tusken de tûken fan in simmer dy’t swart is.

3.

Sault St. Marie. In leech en skurf benzinestasjon
mei it útsjoch achter autofinsters dat op nearne liket: miggeljend
neonljocht ûnder de moanne har lêst’ kertier.
De fleanfjilden sille tenei sûnder oankomsthal wêze
en op ’e matte fan dyn doar dy’t winich is,
sille al de brieven dy’t ik ferstjoerde fan diskant de oseaan,
net iepene, foargoed te deademanseach wêze.

Werom te gean, no, mar oer hokker kant ik ek kom,
bliuwe silsto oare kant de tiid, it wetter.

4.

It is let en belibje silst it as altiten te let.
Mei de auto’s dy’t ik hinne en wer karkje fan Boston nei
Vancouver wit it libben himsels
beknypt tusken twa fiere kusten, in ûnderweis fan
alles wat it net tsjinkomme sil,
do, in god om hals – in leafde dy’t bliuwt
de driuwende ûnrêst oan de loft fan dyn hinnegean.

Allinnich efter it stjoer fan in net te stjoeren
allinnich-wêzen ryd ik yn it neat fan nacht en nimmenslân
troch roettsjuster Pennsylvania, mid-augustus,
moanne fan diktators, moardnershannen en
in lichem blau oer ’e side yn bad.

5.

Hiel de kosmos sliept, tsjusterder as it wetter
dat te moanne drinzgjen stiet. Sels McDonalds is ta.
Oer myn fiters stroffeljend,
hingje ik yn de winterhurde hulst en koarje.
Dôve binne de lampen, ferheftich it smoken,
it smûgen fan de longen,
skrinend as it snijen fan dyn stim.

Billy Holliday sjongt.
Oeren rispje oantinkens en fruit op steden frjemd:
in parkearplak en de noartske snút
fan in Ford, it kabaal yn in laadbak
mei bargen, krytsjend, it oerémiske leven op ’e drompel
fan tentakeljende romten.

6.

Stjerren trilje as de ljochten fan doarpen en gehuchten
ûnder de mar, mar alle wetter is my
ûnferskillich in opheljen fan skouders.

In fûst tadiggelet de jiskebak,
reek kringelet ta de finsters út, driuwt wei
it wetter oer. Pittsburgh Radio jammeret:

you drag the dead in me,
I am yours alone

Sault St. Marie, oprizen sjoch ik earst
de sinne, dyn stal, dyn lichem, wyt út de Grutte Marren wei
oer it ûnlân fan de romte tusken
twa fiere kusten.

.

@Eeltsje Hettinga

.