Sjueryrapport oer de opfolging Dichter fan Fryslân

(25-11) Myn dichterskip fan Fryslân sit derop. ’t Hat west, it is. Hjirûnder it sjueryferslach fan de advyskommisje (Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga) dy’t yn opdracht fan de provinsje oer de opfolging fan de dichter fan Fryslân gear west hat. De kommisje jout yn in wiidweidich ferslach oan hoe’t hja lang om let by de nije dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, útkaam is. Ik gean oare, nije wegen. Nyk, alle lok. Let it grow. Scrol door voor de Nederlandse vertaling van het rapport.

Sjueryrapport advyskommisje Dichter fan Fryslân 2019-2021

Fryslân hat in breed poëtysk lânskip. Der binne Frysktalige dichters pur sang, dichters dy’t om utens wenje en dy’t it Frysk lang net alle dagen mear brûke kinne, mar dy’t noch wol bining ha mei de taal. Ek wenje der dichters yn Fryslân foar wa’t de memmetaal it Nederlânsk is, mar dy’t dochs in bân ha mei de provinsje en de literatuer en der binne dichters dy’t in oarstalige achtergrûn ha as it Frysk en it Nederlânsk, al dan net wenjend yn Fryslân en dy’t dêr likegoed in bân mei ha. Sjoen har wurk en publikaasjes sjogge we in breed skala oan uteringen. Sa binne der tradisjonele dichters, eksperimintele dichters, engazjearre dichters, natuerdichters pur sang, dichters dy’t crossmediaal en ynterdissiplinêr wurkje en dichters foar wa’t it poadium in wichtich medium is en dy’t har wurk dêrop oanpasse.

proseduere

It is de twadde kear dat der in Dichter fan Fryslân beneamd wurdt. De foarige kear, yn 2017, waard fan kandidaten frege in nij gedicht te skriuwen en in plan yn te tsjinjen mei de aktiviteiten dy’t se as Dichter fan Fryslân opsette en útfiere woene. Dêrneist makke in iepenbiere publyksstimming ûnderdiel út fan de proseduere. Diskear keas de provinsje foar in trije leden tellende kommisje dy’t de provinsje advisearret, neffens ús in folle effisjintere proseduere.

Kritearia
De kommisje hat in breed skala oan dichters en gedichten ûnder it loerizer lein en is oer it algemien tige te sprekken oer de kwaliteit, sawol nei foarm as nei ynhâld, wat de kar fansels net allinne dreech makke, mar ek in soad tiid en oerlis frege. Dochs hat de kommisje unanym west yn syn kar. Dêrby is sjoen nei in tal kritearia dy’t de kommisje foar dizze funksje fan belang achtet:

1) Kwaliteit
2) Eigensinnichheid / orizjinaliteit
3) Ferbining mei oare keunstdissiplines, lykas muzyk, byldzjende keunst en teater
4) Meartalichheid
5) Performance
6) Organisatoaryske feardichheden
7) Diversiteit (man-frou-genderneutraal, jong-âld ensfh.)
8) Ferbining mei de provinsje en/of mei it Frysk

Skets fan de Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân hoecht net perfoarst fernijend, autentyk of klassyk oriïntearre te wêzen. Yn earste ynstânsje stie de kwaliteit fan it wurk foarop en de ôfwaging oft de dichter by steat wêze soe om op in stimulearjende manier by te dragen oan it Fryske poëzylânskip. Ek de performance achte de kommisje wichtich. De oare kritearia spilen net allinne op de achtergrûn mei.

Der is in grut ferskaat yn de presintaasje fan gedichten: fan poëzymasines oant multymediale en muzikale eksperiminten. De sjuery stelt it tige op priis dat in soad dichters dêrby de prioriteit jouwe oan kwaliteit, ynhâld en ynnovaasje. Dêrtroch krijt it wurkfjild in profesjoneel karakter. Oan de iene kant docht bliken dat de omfang fan it Fryske ferskaat oan dichters mar beheind is as it giet om de man/frou/genderneutraal-ferhâlding, de ferhâlding stêd-plattelân en de ferhâlding as it giet om leeftiid en komôf. Oars sein: de diversiteit is smel. Oan de oare kant is der in tal dichters dat har ûnderskiedt troch har, neist it skriuwen, suksesfol yn te setten as organisator fan meet-ups, netwurkgearkomsten en poëzyjûnen. Dat jildt sawol foar âldere, mear settele dichters as foar nije, jonge dichters en skriuwers.

We fine it wichtich dat der briedplakken binne foar skriuwers en byldzjende keunstners en dat sy by har inisjativen finansjeel better en aktiver stipe wurde. Hast struktureel ferlieze sy de slach. Krekt dit soarte fan briedplakken en organisaasjes binne it oe sa nedige ‘kapitaal’ foar de groei en bloei fan it universum fan de Fryske poëzy, sawol wat strukturele stipe fan âld en nij wurk oanbelanget, as foar ynspiraasje, krityk, eksperimint en útwikseling. It kritearium ‘eigensinnichheid/orizjinaliteit’ is hantearre by de ôfwaging op hokker wize it wurk skreaun wurdt, wat der skreaun wurdt en ek hoe it presintearre wurdt.

De kritearia ‘ferbining mei oare keunstdissiplines’ en ‘meartalichheid’ wiene net fan absolute aard om de Dichter fan Fryslân foar te dragen, mar soene al de trochslach jaan kinne yn it einoardiel. Foar it kritearium ‘organisatoaryske feardichheden’ seach de sjuery nei hokker projekten de dichter oant no útfierd hat en oft hy of sy in ‘open mind’ ha soe as it giet om nije gearwurkingsferbannen of it organisearjen fan events. As lêste waard rekkening holden mei de diversiteitskwestje. De kommisje fynt it spitich dat der yn ferhâlding mar in pear dichteressen yn Fryslân binne dy’t in rol fan betsjutting spylje.

‘lokwinske’

Nei lang berie hat de kommisje derfoar keazen om de provinsje as advys mei te jaan Nyk de Vries de titel fan Dichter fan Fryslân ta te kennen. Hij foldocht yn sawat alle opsichten oan de stelde kritearia.  

Nyk de Vries (1971) skreau as dichter de bondels Motorman en 39 oare proazagedichten en De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Dêryn joech hy it sjenre fan it proazagedicht in nije en fitale ympuls. It binne lytse juwielen, gauris geheimsinnich fûnkeljende kristallen dy’t in grutter hielal wjerspegelje. It Absurde is by Nyk de Vries net selden in motor foar syn poëzy. Yn de foardracht fan syn wurk is hy in treflike performer. De Vries skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn wurk is yn meardere talen oerset. Hy debutearre yn 1996 yn it tydskrift De Blauwe Fedde, dêr’t hy ien fan de oprjochters fan wie. It realistyske wurk fan De Vries ken nei ynhâld yn ’e regel allerhande ferfrjemdzjende eleminten. Yn kombinaasje mei syn nochter iroanyske styl ûntstiet in eigensinnich en hyperpersoanlijk proaza. Film (David Lynch), muzyk, media, froulju, drank en mear yn it bysûnder de Fryske Wâlden binne typyske yngrediïnten en tema’s yn it wurk fan Nyk de Vries.

Wy lokwinskje him fan herte mei de titel: Dichter fan Fryslân.

Michelle Samba (foarsitster) Job Degenaar Eeltsje Hettinga

Juryrapport adviescommissie Dichter fan Fryslân 2019-2021

 

Door Eeltsje Hettinga, Job Degenaar en Michelle Samba (voorzitter)

Friesland heeft een veelzijdig poëtisch landschap. Er zijn Friestalige dichters pur sang, dichters die ‘om útens’ wonen en voor wie het Fries geen alledaagse spreektaal meer is, maar die nog wel binding hebben met de taal. Ook wonen er dichters in Fryslân voor wie de moedertaal het Nederlands is, maar die toch een band hebben met de provincie en de literatuur en er zijn dichters die een anderstalige achtergrond hebben dan het Fries en Nederlands, al dan niet wonend in Fryslân en die evengoed een band daarmee hebben. Gelet op hun werk en publicaties zien we een breed scala van soorten uitingen. Zo zijn er traditionele dichters, experimentele dichters, geëngageerde dichters, natuurdichters-pur-sang, dichters die cross-mediaal en interdisciplinair werken en dichters voor wie het podium een belangrijk medium is en die hun werk daarop aanpassen.

procedure

Het is de tweede keer dat er een Dichter fan Fryslân benoemd wordt. De procedure voor de benoeming gebeurde de vorige keer via een openbare publieksstemming, waarbij kandidaten een plan dienden te schrijven over de activiteiten die ze als Dichter fan Fryslân wilden opzetten en uitvoeren. Deze keer koos de Provincie voor een drie leden tellende commissie die de Provincie hierin adviseert, o.i. een efficiëntere procedure.

criteria

De commissie heeft een breed scala aan dichters en gedichten onder de loep gehad en is over het algemeen zeer te spreken over de kwaliteit, zowel naar vorm als naar inhoud, wat de keuze uiteraard niet alleen bemoeilijkte, maar ook tijdrovend maakte. Toch is zij unaniem geweest in haar keuze. Daarbij is gelet op een aantal criteria die zij van belang acht voor deze functie:

1) Kwaliteit 2)
Eigenzinnigheid/originaliteit
3) Verbinding met andere kunstdisciplines, zoals muziek, beeldende kunst en theater
4) Meertaligheid
5) Performance
6) Organisatorische vaardigheden
7) Diversiteit (man-vrouw-genderneutraal, jong-oud etc.
8) Verbinding met de provincie en/of met het Fries

Schets van de Dichter fan Fryslân

De dichter van Friesland hoeft niet per se vernieuwend, authentiek of klassiek georiënteerd te zijn. In eerste instantie stond de kwaliteit van het werk voorop en de afweging of de dichter in staat zou zijn op een stimulerende manier bij te dragen aan het Friese poëzielandschap. Ook de performance achtte de commissie belangrijk. De overige criteria speelden zeker niet uitsluitend op de achtergrond mee.

Er is een grote verscheidenheid in voordracht, van poëziemachines tot multimediale en muzikale experimenten. De jury stelt het zeer op prijs dat veel dichters daarbij kwaliteit, inhoud en innovatie prioritair stellen, hetgeen het werkveld een professioneel karakter verleent. Enerzijds blijkt de omvang van de Friese verscheidenheid beperkt waar het de man/vrouw/genderneutraal-verhouding, de verhouding stad-platteland en de verhouding qua leeftijd en afkomst betreft. Anders gezegd: de diversiteit is smal. Anderzijds is er een aantal onderscheidende dichters dat naast het schrijven zich succesvol inzet als organisator van meet-ups, netwerkbijeenkomsten en poëzie-avonden. Dat geldt zowel voor oudere, meer gesettelde dichters als voor nieuwe, jonge dichters en schrijvers.

We vinden het belangrijk dat er broedplaatsen zijn voor schrijvers en beeldende kunstenaars en dat ze bij hun initiatieven financieel beter en actiever worden ondersteund. Bijna structureel delven ze het onderspit. Juist dit soort broedplaatsen en organisaties zijn het broodnodige ‘kapitaal’ voor de groei en bloei van het universum van de Friese poëzie, zowel wat structurele ondersteuning van oud en nieuw werk betreft, als voor inspiratie, kritiek, experiment en uitwisseling. Het criterium ‘eigenzinnigheid/originaliteit’ werd gehanteerd bij de afweging op welke wijze het werk geschreven werd, wat er geschreven werd en ook hoe het werd gepresenteerd.

De criteria ‘verbinding met andere kunstdisciplines’ en ‘meertaligheid’ waren niet van absolute aard om de Dichter fan Fryslân te worden, maar zouden wel een beslissende factor kunnen worden in een eindoordeel. Voor het criterium ‘organisatorische vaardigheden’ keek de jury naar welke projecten de dichter inmiddels had uitgevoerd en of hij of zij een ‘open mind’ zou hebben voor nieuwe samenwerkingen of het organiseren van events. Ten slotte werd rekening gehouden met de diversiteitskwestie. De commissie vindt het jammer dat er verhoudingsgewijs weinig dichteressen in Fryslân een rol van betekenis spelen.

Van harte

De commissie heeft na lang beraad ervoor gekozen om de Provincie te adviseren Nyk de Vries de titel van Dichter fan Fryslân te geven. Hij voldoet vrijwel in elk opzicht aan alle gestelde criteria.

Nyk de Vries (1971) schreef als dichter de bundels Motorman en 39 oare proazagedichten en De dingen gebeuren omdat ze rijmen. Daarin gaf hij het genre van het prozagedicht een nieuwe en vitale impuls. Het zijn kleine juwelen, vaak geheimzinnig schitterende kristallen die een groter heelal weerspiegelen. Het Absurde is bij Nyk de Vries niet zelden een motor voor zijn poëzie. In de voordracht van zijn werk is hij een voortreffelijke performer. De Vries schrijft zowel in het Fries als Nederlands. Zijn werk is in meerdere talen vertaald. Hij debuteerde in 1996 in het tijdschrift De Blauwe Fedde, waarvan hij een van de oprichters was. Het realistische werk van De Vries kent naar inhoud doorgaans allerlei vervreemdende elementen. In combinatie met zijn nuchter ironische stijl ontstaat een eigenzinnig en hyperpersoonlijk proza. Film (David Lynch), muziek, media, vrouwen, drank en meer in het bijzonder de Friese Wouden zijn typische ingrediënten / thema’s in het werk van Nyk de Vries. Wij feliciteren hem van harte met zijn titel.

.