Skilder Jochem Hamstra oer de Russyske dichter Boris Ryzji

Utnoeging

Wêr komt ynienen al dy belangstelling foar de jong ferstoarne Russyske dichter Boris Ryzji wei, de dichter oer wa’t film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst fannejûn yn de Klamaere yn Warkum oan it wurd komt en dy’t ûnder oaren yn de LC fan hjoed wiidweidich omtinken krijt?

De oanlieding foar it skriuwen oer Ryzji en de ferfryskingen fan syn poëzy leit by de skilder en byldzjend keunstner Jochem Hamstra fan Grins, oer wa’t ik foar it algemien kultureel-opinytydskrift De Moanne in wiidweidich artikel skreau n.o.f. fan syn tentoanstelling Het mooie leven in het Melklokaal op it Hearrenfean, de nije galery fan Monique Vogelsang en Albert Oost. It wie Hamstra dy’t my op it spoar fan Ryzji syn yndrukwekkende poëzij sette.

“De lêste tiid,” fertelt Hamstra, “sjoch ik in soad films en dokumintêres út de jierren santich en tachtich. Alles dêryn hat wat griis. Dan giet men bygelyks nei it strân en dochs is it griis. Ast de films fan hjoed-de-dei sjochst, dan kloppet alles presys. Mar de sfear mist. Ik woe mar sizze: oan de bylden werkenst de tiid.”

Dat lêste jildt ek foar Het mooie leven, út de sfear fan de searje skilderjen sprekt in bepaald epoch. Wat dat oanbelanget, is Hamstra in dichter, omspanend yn de gongen en krochten fan tiid en herinnering. De poëzy is him trouwens net alhielendal frjemd. Syn favorite dichter is Boris Ryzji, de Russyske dichter, bokser en heale hooligan dy’t yn 2000 op Poetry International yn Rotterdam te hearren wie en dy’t himsels in jier letter – hy wie krekt sânentweintich – tekoart dwaan soe. [sj. ek: Boris Ryzji – Op jiskelân fan it ûnthâld ]

Hamstra: “Syn wurk is bot en rau, mar ek hiel sensityf. Der is in prachtige dokumintêre oer syn libben makke, it lit syn omjouwing sjen, in isolearre treasteleaze Russyske yndustrystêd yn de tiid nei de fal fan it kommunisme.” [sj. fierders ek: Jochem Hamstra, in yndrukwekkend spul fan skyn en werklikheid ]

Under de titel: ‘Dichter verscheurd door de peristrojka’ makke Rob Leemhuis foar de LC in moai yngeand ynterview mei Aliona van der Horst oer de persoan en it wurk Boris Ryzji.

Ernst Bruinsma, haadredakteur fan De Moanne ynterviewt Van der Horst fannejûn yn kultureel sintrum de Klamaere yn Warkum oer har wurk as film- en dokumintêremakker, wurk dat in sterk maatskiplik engaazjemint yn hat en dat gâns mear omfiemet as allinnich de ‘doku’ oer Boris Ryzji.

 

info aliona van der horst