Slachthuzen – Poëzy

hopper
Edward Hopper, ‘Rocks and roads’, 1962

 

SLACHTHUZEN

Finsters skaadzje hastige passanten.
Frachttreinen en krie drage de skreau fan
altyd earne immen yn it stjerrende.
Do witst, der is in aloan en hieltiten fierder
fallen yn in weiwurden, gjin ein oan.
Mûnsters krioelje ûnder de foarhollen om.
Spotsk skrillet op in laitsjen by in âld fersyk:
Skink my in boaiem yn it wurd dat hâldt.

Op doek ploffe fleantugen as sturtstjerren
mids flatgebouwen yn it skommeljen.
Skiednis hat longen yn slachthuzen djip.
Net rêd ik my út it fers dat
ûnfoltôge dit tinken earst de sliep ûntkeart.
It tsjusteret, mar noch net is it nacht –

 

Ut: ‘Oanslaggen’, s. 79

.