Slauerhoff – Oade – ‘Nim my op, Nirwana’
It gedicht ‘Ode’ út de bondel Serenade (1930) is tekenjend foar Slauerhoff syn dualistyske fyzje op dit bestean. It gedicht begjint as in lofsang op de leafde yn al syn streamende oerfloed. Lykwols, inkeld sinlik geniet jout net de iepening ta in lân fan gelok dat duorjend is. Yn de knier tusken it lok en it genot, twa saken dy’t by Slauerhoff net mei-inoar gearfalle, bliuwt it lyrysk subjekt úteinlik oars net as de leechte.
.
Dat smeekjen om ferlossing, fuortkommend út in fûneminteel ûnbehagen yn dit bestean, ûnderstreket noch wer ris Slauerhoff syn belangstelling foar it Easten, yn it bysûnder foar it boeddhisme, dêr’t it begryp Nirwana yn op te fetsjen is as it ûnbeweechlike en it net mear streamende, ûnderdiel fan in ryk dêr’t gjin plak mear yn is foar it minsklike lijen.
Lykwols, ek dy foarm fan befrijd wêzen liket foar de dichter net weilein, teminsten net as men yn dit stik fan (hegere, metafysyske) saken bygelyks Slauerhoff syn romantitel Het verboden rijk yn acht nimt.
En sa is der altyd wat of, sa’t syn suster Augusta Buwalda-Slauerhoff it nei foaren brocht yn it ynterview dat se oait mei Boudewijn Būch hie: ‘Met Jan was altijd wat’. Slauerhoff sels skreau datoangeande yn it gedicht ‘Dialogue Mystique’: (…) Ik haw noait wat, / En haw ik wat, / Dan is ’t net dat.
spjalt
Wa’t it gedicht ‘Ode’ neier besjocht, lêst dat ‘lichaamspracht’ de dichter gjin treast ferskaft. Lang om let himsels te befrijen út ‘de twang fan sinnen’, sil, as it syn beslach krije soe, oars net opsmite as ‘glimkjend, in ieuwenlang dreamlibben’. Dat is it oare uterste fan in inkeld en allinne troch sinnen bepaalde genot.
It ‘gelokslân’ sels lit him alle kearen wer sjen as ‘in fata morgana yn de lege woestyn’. It genot fan sinnen jout, koartsein, gjin iepening ta it lân fan in gelok dat bliuwend is. Dat, om fan alles ferlost te wêzen ropt de dichter, omtrint wanhopich, yn de lêste strofe út: ‘Nim my op, Nirwana!’, in útrop dêr’t ek it hegere, om mar net te sizzen it metafysyske yn brocht wurdt.
Yn syn ynlieding by de Verzamelde Gedichten fan Slauerhoff skriuwt Hendrik Marsman oer dizze spjalt tusken de twang fan sinnen en it ferlangen nei it gelok dat duorjend is: ‘Het is ongetwijfeld deze teleurstelling, die hem wantrouwig en verbitterd deed spreken over de onmacht van het genot om het geluk en de eeuwigheid te veroveren.’
Lok en genot binne by Slauerhoff dus net itselde, lit stean dat se mei-inoar gearfalle. ‘Och, elk omstringeljen / Is inkeld snokjen fan rou / Om ’t genot fan inglen.’ It djipste wêzen dat folsleinens belichemet, it lit him net berikke, want sa’t it yn de fjirde strofe fan ‘Oade’ nei foaren brocht wurdt: ’It djipste neaken wêzen / Is inkeld in gleone klacht / Om noch folsleiner wêzen.
‘alles vereffend ledig’
Slauerhoff makket yn syn lettere wurk in radikale skieding tusken genot en lok. Troch elk fisjoen ferret, is der it ferdrinken yn it besef dat it lok – ‘de grootre volmaaktheid’ – oer alle boegen bûten de dichter syn berik bliuwt. Lykwols, ûnderhûdsk reauntet altyd weroan de (âlde) dream, dy’t him leauwe lit dat de sinnen wól by machte binne en jou him dat iene en bliuwende eagenblik fan ivige omearming.
Dy slach om ‘e earm is beskiedend foar Slauerhoff syn dualistyske ynslach. Hendrik Marsman skriuwt yn syn ynlieding by de Verzamelde Gedichten dat ‘zijn diepste mythische geluksvoorstelling tallooze malen overschaduwd en overwoekerd wordt door de beelden van het Eiland der Stilte en dat ook dit op zijn beurt herhaaldelijk vervangen moest worden door het verlangen naar een uiterste kust, waar alle leven vernietigd zou zijn en ontbonden in een alles vereffend ledig.’
It is lykas by Prediker: alles is lucht en leechte, al hoe faak de dichter him ek de sinnen wierje lit. Algeduerigen is der de dream oer it ‘grootere volmaakte’. Lykwols, yn it besykjen om dat lok belicheme te krijen, is der is besef dat alles omdoch, sinleas en leech is. Mei dy leechte rint de dichter Jan Jacob Slauerhoff yn wêzen foarút op it nei-oarlochske eksistinsjalisme.
.
OADE
It libben wie twingend goed.
Ik haw gysten nommen
Ut streamende oerfloed:
Der wie gjin ûntkommen.
Mar oait reitsje ik útdjoeid
By al dizze dingen,
As ’t blomt yn licht meitsjende bloei,
As de froulju dy’t twinge
Ut leafde, troch gleonens, om trou.
Och, elk omstringeljen
Is inkeld snokjen fan rou
Om ’t genot fan inglen.
Gjin treast jout lichemspracht;
It djipste neaken wêzen
Is inkeld in gleone klacht
Om noch folsleiner wêzen.
Mar ’k sil my oait frijmeitsje
Ut de twang fan sinnen,
En, ieuwen oanien, laitsjend,
Dreamlibben winne.
Ik fûn yn lege woestinen
Steeds in fata-morgana,
In gelokslân soe dêr tine.
Nim my op, Nirwana!
ODE
Het leven was een dwingend goed.
Ik heb wild genomen
Uit stromenden overvloed:
Er was geen ontkomen.
Maar eenmaal raak ik vermoeid
Van al deze dingen,
Als ’t gebloemt’ dat bedwelmend bloeit,
Als de vrouwen die dwingen
Uit liefde, door wellust, om trouw,
Ach, ieder omstrenglen
Is slechts een snikken van rouw
Om ’t genot der englen.
Geen troost geeft lichaamspracht;
De volledigste naaktheid
Is niets dan een glanzende klacht
Om grootre volmaaktheid.
Maar ‘k zal uit zinnendwang
Mij wel eindlijk bevrijden
En, glimlachend, eeuwen lang
Droomleven leiden.
Ik vond in de leege woestijn
Steeds een fata-morgana
Waar een geluksland moest zijn.
Ontvang mij, Nirwana!
.
Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Serenade III, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1941, s. 204.
.
Slauerhoff yn it Frysk. Sjoch ek: