Snein – Obe Postma
In man sit allinnich op ’e stoepe foar de lege etalaazjes fan in blok tichte winkels. In strjitte, in snein. Sinneljocht strykt bylâns de houten gevels, bout geometrysk syn trijehoeken en piramiden yn dûnkere portiken en iepen doarren. Der leit in djip yn himsels fersonken neisimmertiid oer de dingen yn in romte fan mostergriene, kopergiele en tabaksbrune kleuren. Wa is dizze man dy’t dêr delsit, swijsum, allinne yn in wrâld dêr’t alle libben út ferballe liket? Wêr binne de bewenners, wêr de nearingdwaanden, wêr de wurden? Wêr sjocht de man nei, nee, oars: wa of wat nimt him op?
.
De dichter Obe Postma (1868-1963) hie yn dit stik fan stilte, swijen en waarnimmen mooglik sein: ‘ ’t each sjocht neat en alles.’ Yn it wachtsjen wit de minske syn bidden, syn dream, syn útsjen. Traach as sigarereek, de blakstille oere. Skyn is de rêst fan de ljochte snein. Tiid stiet as in muorre.
De Amerikaanske dichter en essayist Mark Strand (1934) skriuwt oer it wurk fan Edward Hopper (1882-1967) dat in protte fan syn tematyk te krijen hat mei de fragen: “What do we do with time and what does time do to us? In Hopper’s paintings there is a lot of waiting going on. Hopper’s people seem to have nothing to do. They are like characters whose parts have deserted them and now, trapped in the space of their waiting, must keep themselves company, with no clear pace to go, no future.” (Mark Strand, Hopper, X, s. 25).
Strand is ien fan dyjingen dy’t it wurk fan Hopper net direkt sjen wol as de wjerslach fan alderhande sosjale feroarings yn it Amerikaanske libben, sa yn de earste helte fan de foarige ieu. “Hopper’s paintings are not social documents, nor are they allegories of unhappiness or of other conditions that can be applied with equal imprecision to the psychological make-up of Americans.”
It is benammen it transendintale karakter fan it wurk dêr’t Strand troch fassinearre is. De dingen stige by Hopper boppe de aktualiteit út of oars: der is in rikken nei in oare, net waar te nimmen werklikheid dy’t boppe it tydlike útgiet. De ivichheid fan in snein, soms. It tinken fan in platonist.
Unheimisch
Fan de Fryske dichters is Obe Postma dejinge by wa’t it ûnderwerp fan de snein miskien wol it meast foarkomt, mar Aggie van der Meer (1927) komt ek in hiel ein, ûnder oaren mei in fers dat dizze rigels ta begjin hat: ‘Snein, krûdkoeke, portretten fan hillige / famyljes. Praat út in mûle fan moal. Utrutsen, / ynbûn. De dea te gast as in te goede bekende.’ (Hjir, nr. 3, 1996), wylst se yn har koartby ferskynde bondel Sneinen (2012) twaenfyftich sneinen ûnder it meditative loerizer set.
By Obe Postma is de snein gauris ferbûn mei dream en weemoed, tiidleazens en ivichheid. Al dielt hy mei Hopper it tema fan it ljocht, de ûnheimische leechten fan Hopper syn wurken binne him frjemd. Rikt by Postma de wrâld nei ienheid, it Iene, sis it ljocht, by Hopper dêrfoaroer falt dat gehiel útinoar, in begjin fan dekonstruksje, mei romten wêryn’t de minske, allinnich as er is, himsels, dûnker, in frjemdling wit: in man, allinne, op de fan skaden beslûpte stoepe fan de geast.
It hjirûnder ôfprinte gedicht ‘Snein’ fan Obe Postma (Samle Fersen, 2006, s. 55) is it earste yn in rige fan Fryske gedichten oer de snein, dy’t hjirre, op dit plak, de kommende tiden syn gerak jûn wurdt.
Opmerklik oan Postma syn fers, dat yn 1914 syn earste publikaasje hie yn it tydskrift Forjit my net, is dat der gjin einrym yn tapast is. Neist de sterk parallelle sinsbou moat it gedicht it, technysk, foaral hawwe fan syn ritmen en healrimen. Yn Fryslân wie Postma datoangeande in fernijer.
Yn ‘Snein’ meitsje dream en sjen it ferlangen by it witten fan in lok dat, sa’t de dichter it mei in ferwizing nei Gysbert Japicxs útropt, ’te rêd ferrûn!’
SNEIN
Noch moaier as dy sels!
’t Is midden yn ’e simmer en de blêden bûge sêft
Op ’t sudewyntsje, miggen komme gûnzjend keamer yn.
Dan stil te dreamen: ’t each sjocht neat en alles,
En rûnom komme swiete tinzen wei!
De langstme fan ’e jûn,
En rêstich is it hert; de bylden komme op
En wurde wei, elts sa’t er wol.
Dan is ’t de bou mei ’t moaie koalsieblomt’,
In bêdsje duzendskoan, ien roas;
– Ien blom is foar in bern in wrâld –
Dan is ’t in famke yn in skotse jurk,
In keppel bern, dy’t boartet buorren om;
Dan swiere weiden dy’t de leanen lâns
Fan alle kanten nei de skuorren ride;
Of stille tsjerkjes yn it boerelân.
Wiet wurde d’ eagen, mar it hert is bliid!
O, stille snein, o dei fan dicht en dream!
O, gouden lok, te rêd ferrûn!