Ta begearte fan gean – Akten fan winter

 

TA BEGEARTE FAN GEAN

foar rrrv/dl

 

Te pearde, te pearde foar ’t reade famke Libanon
Waans portret ik seach, stoned yn ȃld Avignon.
Hja sjongt de lieten fan dier en beamte, slacht
Reinder út de rotsen fan onyx, in simmernacht
Is har Gryks boud liifke, fjoer drage har eagen
En oerryp is de gielguorde fan har golle geast.

Ergens achter glêzene rivieren sit hja op, trije
Trijekleuren op skurte, lêzend by alle woldijen
Yn hear Villon, it nonkeljend famke Libanon,
Lyts skapulier yn it brevier fan dage dy’t jong
Oer alle mieden en kûzemûzjende dieren komt.
Rûke kin ik har yn de wite tsjelken fan de aron.

Reedzje my de happe om no fuort fan dea en
Dûm op reis te gean – oan har tenei myn jûnen.
En ik sil har bringe gouden brakteäten, sidene
Hoazzen, krispele slofkes, fideootsjes, gystene
Begeartme, o folle net genȏch. It is tiid en gean.
Stoned yn Avignon sit my in ferlangen te hean.

Lit famke yn hoare fierte hearre it droanen fan
Myn hoegen, ek as ik noch mar amper in hȃn
Foar eagen sjoch, wylst libben yn dampe bosk
Fan dûnkere mûklagen belegere, boas en hosk
Twongen wurdt ta grutte omwegen, – witte sil
Hja dat ik kom oer Nijjurk, Oaxaca of Langelill’.

In ridder dreaun fan har byld rȏvje ik har stim:
‘Hjirre drink fan myn molk-en-bloeden lichem.’
En ik sil stean it fenyn fan kristusdoarn, de tút
Fan de Mob en de pokke fan kloathommelske
Keallepoatboeren dy’t mei leipe mûntsegieren
Foar mear as smearkanus opslane, de klieren,

Houwe sil ik har de klaai-okske troanjes, ek al
Komme der tûzen koleare koppen foar yn ’t plak.
Muzen yn ’e east, leavje om’e súd, moardzje
Moat men earst, omdoarmje, ay, siele kardzje
Allinnich en dûm as yn de oere fan de dea sa’t
Men earst ek daaie moat de smaak fan nacht,

Slachthûzen en liken, eardat leafde de deade
Dingen fan tiid foar in sjongen jout. Te pearde,
Te pearde dêrom foar it reade famke Libanon
Dat hyt by alle begeartmen ropt oare kant fan
De rivier: – Jou no nacht hastich dyn spoaren,
Al wa’t net giet, komt net mear ta feroarjen.

>

Ut: Akten fan Winter – ©Eeltsje Hettinga

.

me2