Tacita Dean – The Niagara Falls – Lânskippen 5
‘Approaching Manhattan up by the long-stretching island, / Under Niagara, the cataract falling like a veil over my countenance’ (…)
Walt Whitman
De rigels komme út it gedicht Song of myself (1855). It wurd ‘cataract’ hat oars neat te krijen mei ‘staar’ (glaukoom), mar alles mei wetterfallen, yn dit gefal de Niagara Falls. “It geweld, it wetter. It leven, it lawaai, it razen, al oanboazjendewei neigeraden it tichteroan kommen. In storeinen, in spatten, in wale fan dize, damp en nevel en alles wat him oan dizze oerweldigjende natoer net sizze lit.” (Deiboek, Youngstown, sept.,’95)
Yn it koarte essay The boy who fell into the sea skriuwt de Ingelske filmer en byldzjend keunstneres Tacita Dean oer it wurk fan keunstner Bas Jan Ader dat ‘when he fell all he would say was that it was because gravity made itself master over him. He understood the necessary surrender and decisiveness of purpose needed to make gravity his companion, unlike the prosaic James Honeycutt in The Boy Who Fell Over Niagara Falls, whose misjudgement of the supremacy of water, left him trying desperately to reverse his ineffective outboard motor on the brink of the Niagara Falls. It is a bad sailor who trusts his engine. Bas Jan Ader probably felt closer to the boy whose very lightness would be his protector as he fell the 161 feet to certain death.’
Fia Dean rint in paad nei de yndrukwekkende dokumintêre oer de Niagara Falls, wêryn’t wetter en keunst op alderhande manieren by inoar lape binne. Wurk fan Ader hat yn dizze film in prominint plak taparte krigen, ûnder mear syn performance Light vulnerable objects threatened by eight cement bricks: boppe oer de grûn lizzende objekten lykas gloeilampen, aaien, in jierdeistaart en in portret hingje grouwe betonblokken; mei in stanleymes snijt de keunstner de triedden troch en lit alles wat der ûnder leit tepletterje.
It is deselde fal as dy yn it troch Ader op film foarlêzen ferhaal The boy who fell over the Niagara Falls (1971), in teltsje dat yn syn soarte de dramatyske kant neist is, meidat de haadfiguer, krekt foardat er by de wetterfallen delstoart, noch alle war docht om de motor fan syn boatsje yn de achterút te krijen.’ Sjoch yn dizzen ek: Eeltsje Hettinga, Bas Jan Ader- De dream, de reis – Lânskippen 3.
Wy tinke dat wy dogge, mar ûnderwilens wurdt mei ús dien. Dêr giet foar in net lyts part ek de dokumintêre oer de Niagara Falls oer.