Tweintich dichtersportretten fan Christiaan Kuitwaard

De kommende twa moanne rint yn Museum Belvédère de tentoanstelling ‘Dichters als stilleven’, dêr’t skilder-tekener Christiaan Kuitwaard de portretten sjen lit fan tweintich, hast allegearre yn Fryslân wenjende en wurkjende dichters. De rige sels is wilens oankocht troch Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, yn Ljouwert.

Portret Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga – Potlead en Sineeske tekeninket op Fabrianopapier. Portret troch Christiaan Kuitwaard.

.

Alle dichters waard yn it foar frege om mei tichte eagen model te sitten, ‘met geloken ogen’, sa’t Kuitwaard it omskreau. Op dy wize is besocht om harren del te setten as stillibben. ‘De tijd was beperkt, omdat er toch een mens zat te poseren. Daarom heb ik de camera lucida gebruikt. Zo kon ik heel snel de positie van de ogen, de neus en de kin bepalen.’

De earste opset, makke op it iepen atelier fan it Fries Museum yn Ljouwert, waard mei potlead dien, de rest waard op it bleate each útwurke mei fertinne inket. Om mear as ien laach yn it portret te krijen waarden ferskillende soarten fan beljochting brûkt. Kuitwaard koe op dy manier meardere, inoar oerlaapjende skaden foar it ljocht helje. ‘De concentratie ligt dan ook op het vastleggen daarvan.’

It binne dus net de eagen dy’t lykas sa faak by skilder- en fotoportretten it sprekkende part fan it gehiel útmeitsje, mar de ljocht- en skaadpartijen dêromhinne. Mei dêrtroch leit de klam op de trekken, lês: de foarmen fan it gesicht. De wurken sels binne yn har soarte de yntroverte en ynbannige kant it neist, of better noch: ferstille.

De ferskillende skriuwers makken by harren konterfeitsel in gedicht, in rige dy’t nei te lêzen is yn it kommende nûmer fan it kulturele opinytydskrift de Moanne. Dêryn wurdt tagelyk rom omtinken jûn oan Thom Mercuur (1940-2016), de koartby ferstoarne keunstsamler, galeryhâlder en oprjochter fan Museum Belvédère.

It spesjaalnûmer fan de Moanne wurdt op 23 maart presintearre yn it museum op it Oranjewâld.

De tweintich dichters dy’t troch Christiaan Kuitwaard op portret set waarden, binne: Wilco Berga, Tsead Bruinja, Eppie Dam, Anne Feddema, Edwin de Groot, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Sytse Jansma, Elske Kampen, Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Remco Kuiper, Bartle Laverman, Aggie van der Meer, Martin Reints, Grytsje Schaaf, Albertina Soepboer, Johan Veenstra, Abe de Vries en Baukje Wytsma.

.

Tentoanstelling: ‘Dichters als stilleven’
Museum Belvédère, fan 12 maart o/m 15 maaie.

.

.

Museum Belvedere