Ut ‘e blauwe Wang-sangen fan Hu Thung-song

yangsha6

By it wurk oan it spoar II

foar myn trijejierrige
pakesizzer Wang Thung-song

Sjoch hoe’tst der om lakest: de skaden
fan de fazanten oer de wite klaver,
it fluensk fertokjen fan har bûnte fearren.
Do Wankje, lokkich noch, do hearst net
hoe’t yn my de tiden tekear geane of
wolsto witte wat ik hjir, in libben lang
by de teekom fan tiid, de nacht befreegje?

Hokker kromswurd sil ús biede it ferlos
fan de swarte krokodil fan it ûnthâld?

’t Is mei de wurge gong fan de iisbear,
dat ik it spoar delgean. Tusken de rails
gûlt de kiezelstien: de eagen fan myn
kammeraten, de rêch krom ûnder de boal
fan de sinne, – hoe’t de hite kûgel skroeit
boppe harren anonym nûmere liven,
bealgjend by’t nea net einigjende spoar.

Hokker kromswurd sil ús biede it ferlos
fan de swarte krokodil fan it ûnthâld?

De geast, in panter, mar wankeljend
lang om let – Tsjin de leafde,
in fuortploege beam, koen’ de sinnen
it amper hâlde. Gjin takomst dy’t ús
te widzjen kaam. O, myn Wankje,
’t Lijen, it ûntnimt it libben syn
weardichheid foar wa’t him ferliest
yn de bitterens fan inkeld klacht. St…!

Hokker kromswurd sil ús biede it ferlos
fan de swarte krokodil fan it ûnthâld?

Winter kaam, heech út ‘e bergen wei.
Wyn waard knyptange foar taferzene
fingers. De beanhearre swypke snie
ta splinters fan glês. Tigers, dêr’t wy
nea de namme fan neame soene, foelen
oer ’e side, stoaren de hongerdea.
Pod fan moanne plofte, stikken de himel.

Slaven wiene wy, Wang, slaven ûnder
de klappende karwats fan tiid en twang.

Dêr’tsto hjoed noch boartest, lûd geiend
yn de bargegerzen leidest, der skuort no
de flakte my iepen. Ik bin it spoar
delgien; hearst it gûlen fan ’e kiezelstien,
hjir yn de hoare lûdsput fan myn hert?
O, skink my fan dyn slomme in sliepen.

Slaven wiene wy, Wang, slaven ûnder
de klappende karwats fan tiid en twang.

Jonkje, nóch kensto net it mâlrazen
fan fazanten en de lilke swannewjok
fan al it ûnminsklike, – it wurk
oan it spoar, nin trein dy’t ea ús stêd
berikke soe. Del leit it izer: in C-
healkrom, in stikkene reinbôge dy’t nei
de swarte himel omhegen wiist. St…

Do bûkemantsje, koes no mar of oars:
boartsje noch wat.

 

Hu Thung-song, Yn ’e fal fan jûn

 

Naamloosw1
p
Naamloosq2
Ut: ‘Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur.’

.

x