Wat wier is, dat wurket – Gedicht by it ôfskied fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert

(21-06) – Gedicht voor de afscheidnemende burgemeester Ferd Crone van Leeuwarden. Even doorscrollen voor de Nederlandse vertaling van Elske Schotanus en nog weer een eind verder voor die in het Leewaddes van Anne Feddema. ===

Gedicht foar de ôfskiednimmende boargermaster Ferd Crone fan Ljouwert. Even trochskrolle foar de Nederlânske oersetting fan Elske Schotanus en noch wer in eintsje fierder foar de oersetting yn it Leewaddes fan Anne Feddema.

WAT WIER IS DAT WURKET

By it ôfskied fan boargemaster
Ferdinandus Johannes Maria (Ferd) Crone

Wa wie sa gek en set
As bestjoerder himsels
Yn ’t djipst fan in krisis
Oan it roer fan in stêd,
Pleage en narre troch
In tefolle oan dope,
Misdied en wurkleas wêzen?
Wa wie sa gek en
Ha de gek mei it âlde
Galgelapperswurd:
Ut is nix, wurdt nix en
’T Sal nooit wat wurde oek?

Hy kaam fan oer de Dyk,
Koe hurder rekkenje
En siferje as oait God
Telle koe. Hy, fiere
Soan fan Troelstra en
Vondeling, hy babbele
Los wat fêst siet en sette
Nei âld pragmatyske
Wetten – wat wier is, dat
Wurket – mear as tawijd
In provinsjestêd
Royaal op ’e weareldkaart.

Broer fan Eberhard en
Cohen fytst fadertje Ferd,
Waans tillefoan him hast
Oan it ear fêstplakt sit,
Mei it wurd fan Mak
Op ’e bûs de Emma del,
Spint en spant, berikber
En beskikber foar Jan
En Alleman, syn linen
Om de weareld hinne,
Neamt Mata Hari’s plak
Syn lyts, lyts Amsterdam.

Nee, syn wurd is net wyld
Of woest lykas dat fan
Jan Slauerhoff, sa’t er ek
In oare siel hat as dy
Fan dy almar fereale
Skipsarts, want freegje
Him: Hear Ferdinand,
Wa is de knapste frou
Op ierde – nee, jo eigen
Frou net meiteld – en hy stelt
Yn Zeno’s geast: myn frou
Myn frou, it alderearst.

En it komt as in slach
By nacht, brân dy’t
Samar in minske deadocht,
Sa’t somtiids in betize
Persoan, staf-oer-nacht,
De stêd syn frijheid
In mes yn ’e rêch stekt.
O, in ûnferskillige God
De rin fan tiid,
Dûnker en stil lykas
De Potmarge syn stream,
Wylst de hagebeam bloeit.

Maaie is it no en
Achter de Grutte Tsjerke
En Bij de Put dêr’t
In lân yn in âlde eangst
Foar de Oar en it Oare
Oait in sûndebok fûn,
Wiist in boargemaster
By it betinken fan
De deaden mei rjocht op
De driigjende echo
Fan in tsjuster ferline,
De boreäle winen.

Foar Tûmba oer sjong ik
Under de reuzen
Mei de blauwe gitarist:
Yn ’t foarste plak bin ik
Europeaan. Ik sjong
Nêst de Daphnes, de Gryk
En de Antilliaan,
Ek foar Kick Out Zwarte Piet,
Ik spylje jim’ yn ’t spoar
Fan Prince Purple Rain,
Purple Rain en skyt op
Elke nasjonalist.

Lykop mei de dûker,
It famke en de hûn
Makket fadertje Ferd
Foarby it stasjon
Syn eigen reuzestappen,
Bebabbelet, al
Beljend, syn deals foar
De stêd en bestelt
Yn ’t foarbygean – Old Boys
Network never dies –
Himsels in plak as
Kedizer yn de Keamer.

Soms by in stampen
En wjokjen fan fuotten
En hannen klapt it dak
Fan de himel oer d’ ierde
Om al wat net syn sin
Krige. Sjoch ûnder
De lampen it skaad-
Fjochtsjen fan klerken
En amtners, stik foar stik
Drok op it slachfjild fan
Plot, eare en macht neffens
Ald stedhâlderlik beskik.

Wa wie sa gek en set
As bestjoerder himsels
Yn ’t djipst fan in krisis
Oan it roer fan in stêd,
Pleage en narre troch
In tefolle oan dope
Earmoed en wurkleas wêzen?
Wa wie sa gek en
Ha de gek mei it âlde
Galgelapperswurd:
Ut is nix, wurdt nix en
’t Sal nooit wat wurde oek?

©Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân, maaie 2019

WAT WAAR IS DAT WERKT

Bij het afscheid van burgemeester
Ferdinandus Johannes Maria (Ferd) Crone

Wie was zo gek en neemt
Als bestuurder plaats –
Op het toppunt van een crisis –
Aan het roer van een stad,
Gekweld en gesard door
Een teveel aan dope,
Misdaad en werkloosheid?
Wie was zo gek en
Steekt de draak met het oude
Galgenlapperswoord:
Ut is nix, wurdt nix en
Ut sal nooit wat wurde oek?

Hij kwam van over de Dijk,
Kon sneller rekenen
En cijferen dan God ooit
Kon tellen. Hij, verre
Zoon van Troelstra en
Vondeling, hij babbelde
Los wat vast zat en zette
Naar oude pragmatische
Wetten – wat waar is, dat
Werkt – vol toewijding
Een provinciestad
Royaal op de wereldkaart.

Broer van Eberhard en
Cohen fietst vadertje Ferd,
Wiens telefoon hem zowat
Aan het oor lijkt geplakt,
Met het woord van Mak
Op zak de Emma uit,
Spint en spant, bereikbaar
En beschikbaar voor Jan
En Alleman, zijn netten
Heel de wereld over,
Noemt Mata Hari’s stadje
Zijn klein, klein Amsterdam.

Nee, zijn woord is niet wild
Of woest als dat van
Jan Slauerhoff, zoals hij ook
Een andere ziel heeft dan die
Van de almaar verliefde
Scheepsarts, want vraag je
Hem: Heer Ferdinand,
Wie is de mooiste vrouw
Op aard’ – nee, uw eigen
Vrouw telt niet mee – en hij stelt
In Zeno’s geest: mijn vrouw
Mijn vrouw, het allermeest.

En het komt als een dief
In de nacht, ’t vuur dat
Lukraak een bewoner ombrengt,
Zoals soms een verward
Persoon, onverwacht,
De stad zijn vrijheid
Een mes in de rug steekt.
Een onverschillige God
Het verglijden der tijd,
Donker en stil zoals
De stroom van de Potmarge,
Terwijl de meidoorn bloeit.

Mei is het nu en
Achter de Grote Kerk
En Bij de Put waar
Een land in een aloude angst
Voor de Ander en het Andere
Ooit een zondebok vond,
Wijst een burgemeester
Bij het herdenken van
De doden met recht op
De dreigende echo
Van een duister verleden,
De boreale winden.

Tegenover Tûmba zing ik,
Onder de reuzen
Met de blauwe gitarist:
Boven alles ben ik
Europeaan. Ik zing
Naast de Daphnes, de Griek
En d’ Antilliaan,
Ook voor Kick Out Zwarte Piet,
Ik speel jullie in het spoor
Van Prince Purple Rain,
Purple Rain en verfoei
Elke nationalist.

Gelijk met de duiker,
Het meisje en de hond
Maakt vadertje Ferd
Voorbij het station
Zijn eigen reuzenstappen,
Bebabbelt, al
Bellend, zijn deals voor
De stad en regelt
In het voorbijgaan – Old Boys
Network never dies –
Zichzelf een zetel
Als fikser in de Kamer.

Soms bij een stampen en
Wieken van handen en
Voeten klapt het dak van
De hemel over de aarde
Om wat zijn zin niet
Kreeg. Ai, zie onder
De lampen het schaduw-
Gevecht van klerken
En ambtenaren, stuk voor stuk
Druk op het slagveld van
Plot, eer en macht naar
Oud stadhouderlijk beschik.

Wie was zo gek en neemt
Als bestuurder plaats –
Op het toppunt van een crisis –
Aan het roer van een stad,
Gekweld en gesard door
Een teveel aan dope,
Misdaad en werkloosheid?
Wie was zo gek en
Steekt de draak met het oude
Galgenlapperswoord:
Ut is nix, wurdt nix en
Ut sal nooit wat wurde oek?

©Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân, mei 2019

Vertaling: Elske Schotanus

WAT WAAR IS DAT WERKT ( Leewaddes)

Bij ut afskied fan burgemeester
Ferdinandus Johannes Maria ( Ferd ) Crone

Wie wadde sù gek en set
As bestuurder umsellef
In ut diepst fan un krisus
An ut roer fan un stad,
Plaagd en nard deur
Un tefeul an dope
Misdaad en werkloas weze?
Wie wadde sù gek en
Hew de gek met ut ouwe
Galgelapperswoord:
Ut is nix, wurdt nix en
Ut sal nooit wat wurde oek?

Hij kwam fan overe Diek,
Kon flugger rekene
En siefere as oait God
Telle kon. Hij, ferre
Soan fan Troelstra en
Vondeling, hij swetste
Los wat fast sat, en sette
Naar ouwe pragmatiese
Wetten – wat waar is, dat
Werkt – mear as toewijden
Un prevînsiestad
Royaal oppe wereldkaart.

Broer fan Eberhard en
Cohen fietst fadertje Fred,
Die sien tillefoan um hast
An ut oor fastkoekt sit,
Met ut woord fan Mak
Inne búse, d’ Emma del,
Spint en spant, beriekbaar
En beskikbaar foor Jan
En Alleman, sien dradeweb
Om de wereld hene,
Noemt Mata Hari’s stad
Sien klein, klein Amsterdam.

Neu, sien woord is niet woest
Of wild sù as dat fan
Slauerhoff, sù as ie oek
Un annere siel het as die
Fan die heultied ferliefde
Skeepsarts, want fraag
Um: Heer Ferdinand,
Wie idde kreaste frou
Op aarde, neu, jou eigen
Frou niet metteld, en hij stelt
Inne geest fan Zeno: mien frou
Mien frou, komt as eerst.

En ut komt as un slag
Bij nacht, bran die
Sùmar un meens doadkrijt,
Sù as soms un ferwarde
Persoan, fanút ut niks
De stad sien frijhied
Un mes inne rug steekt.
O, un onferskillege God
De loop fan tied,
Donker en stil sù as
De Potmarge sien ferloop,
Terwiel de meidoorn bloeit.

Mei is ut nou
Achter de Groate Kerk
En Bij de Put daar
Un lan in un ouwegreep
Foor de Anner en ut Annere
Ooit un sondebok fon,
Wiest un burgemeester
Bij ut herdenken fan
De doaden met recht op
De dreigende echo
Fan un duuster ferleden,
De boreale wienen.

Teugenover Tûmba sing ik
Onner de reuzen
Mette blauwe gitarist:
Oppe eerste plaats bin ik
Europeaan. Ik sing
Naast de Daphnes, de Griek
Enne Antillijaan,
Oek foor Kick Out Swatte Piet,
Ik speul jum’ in ut spoor
Fan Prince Purple Rain,
Purple Rain en skiet
Op elke nasjenalist.

Tegeliek mette dúker,
Ut meiske enne hon
Maakt fadertje Ferd
Foorbij ut stasjon
Sien eigen reuzestappen
Bebabbelt, al
Bellend, sien deals foor
De stad en bestelt
Onner ut foorbijgaan – Old Boys
Network never dies –
Umsellef un plakje as
Fikser inne Kamer.

Soms bij un stampen en
Fleugelen fan hannen en
Fúten klapt ut dak fan
De hemel over d’aarde
Om wat net sien sin
Kreeg. Ay, siën onner
De lampen ut skaduw –
Knokken fanne klerken
En ambtenaars, stuk foor stuk
Druk op ut slagfeld fan
Plot, eer en macht naar
Oud stadhouwerlek beskik.

Wie wadde sù gek en set
As bestuurder umsellef
In ut diepst fan un krisus
An ut roer fan un stad,
Plaagd en nard deur
Un tefeul an dope
Misdaad en werkloas weze?
Wie wadde sù gek en
Hew de gek met ut ouwe
Galgelaperswoord:
Ut is nix, wurdt nix en
Ut Sal nooit wat wurde oek?

©Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân, mei 2019

Fertaling: Anne Feddema