Yn in úthoeke fan it hielal – Marboei 34

Foto: Maartje Roos

 

It gedicht ‘Yn in úthoeke fan it hielal’ is skreaun nei oanlieding fan in lytse boattocht oer de Bombrek, in smelle, ferlitten baai oan de râne fan de Aldegeaster Brekken, fuort ûnder it fytspaad Aldegea-Warkum. Tegearre mei fotografe Maartje Roos en skipper Martin Walinga foeren wy op in betide jûn yn juny oer de Aldegeaster Brekken de kant fan Warkum op. De loft hong derhinne as in âld frouljusûnderbroek yn minne dagen oant it lang om let, en net te kearen, begûn te reinen, hieltiten fûlder, katten, foarken en hynste-eagen tagelyk. It gedicht sels makket diel út fan it Marboei-projekt, dêr’t ferskillende skriuwers en dichters oan meiwurkje, ûnder oaren Maarten Inghels, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Erik Lindner, Arjan Hut, Joost Oomen, Tsead Bruinja, Saskia Stehouwer en Elske Kampen. Op ’e webside fan it twatalige projekt Marboei (poëtische ankerplaatsen op de Friese wateren) is de GPS-lokaasje fan de Bombrek, boei 34, werom te finen. De foto by ‘Yn in úthoeke fan it hielal’ is fan Maartje Roos:  http://roosphotography.nl 

.
YN IN UTHOEKE FAN IT HIELAL

‘Ik maakte mij van de kade los’
Maarten Inghels

In blauwe skûte it wurd op ’e dronkene
wetters fan de skommeljende Bombrek.

Dêr’t it swurk tonger seit, hâldt de loft
de duvelskoppen fan Breughel en Bosch.

Seilen ride op ’e reiden, skowe as
reade triangels troch pleats en gehucht.

In reager – wy neame him Maarten –
bedjippet ûnder Sânfurd de hichten fan

de puollen, sa’t ik yn in oanhâldend
ferlangen nei in taal dy’t ûnder wetter is

de skaden begnúf fan alle oan it ljocht
te bringen wytfisk. Yn ’e wâlen, mei

sarkstiennen beskoeid, sprekt de oere fan
de deaden. Wat moat ik hjirre, dit plak dat

de fraach berûzet wat men mear is as
in ferlerne skoech yn in úthoeke fan

it hielal? As in snoekbears kjel nimt my
de skipper op, ropt, blinder, hjirwei, gas.

.

Op ‘e Bombrek. Foto: Maartje Roos

.
.