Bloei op dea hout en het laatste woord Fries

Provinsje Fryslân
Deputearre fan kultuer, Jannewietske de Vries

Underwerp: Fryske literatuer
Titel: “Bloei op dea hout en het laatste woord Fries.
Subtitel: “In oanklacht”

Fan: Eeltsje Hettinga

 

Ljouwert, 26 oktober 2012

 

Bêste deputearre De Vries,

Yn de nije Kultuernota wurdt útsteld om de Obe Postma- en de Fedde Schurerpriis (foar resp. de bêste oersetting en it bêste literêre debút oer de lêste trije jier) sneuvelje te litten. Jo arguminten om beide prizen oan Blauwe Fedde mei te jaan, binne slaggen yn de loft, want net goed fan feiten ûnderboud. Jo sizze de literatuer stimulearje te wollen, mar troch jo letterebelied spanne jo it hynder achter de wein. In Fryske skriuwer fan kwizekwânsje stelt yn dizzen: “Sa wol ik eins net mear fierder. Miskien moat ik it dêrom mar ris yn it Nederlânsk besykje.”

Mei troch it oersetwurk fan minsken as Klaas Bruinsma, Jarich Hoekstra en tal fan oare Obe Postmapriiswinders is it Frysk by de jierren lâns mear oansjen jûn. Tink oan de slagge oersettingen fan it grutte ’Bommel-wurk’ fan Marten Toonder troch Jarich Hoekstra en Harke Bremer of oan de fernimstige Shakespeare- en Tsjechov-oersettingen fan toanielfrou pur sang, Tryntsje van der Zee silger. En wat te tinken fan de yn it Frysk kwêkjende Donald Duck dy’t by tsientûzenen de toanbank oer gie?

Eeltsje Hettinga docht Fedde '99 retour oan Provinsje Fryslan 2012
Eeltsje Hettinga jout syn Fedde Schurerpriis ’99 werom oan de deputearre

In soartgelikens súksesferhaal jildt foar de wilens tritich jier âlde Fedde Schurerpriis. Mei troch dy priis binne tal fan talinten, fan Harmen Wind oant en mei Jaap Krol djipper yn de Fryske literatuer behelle. Elk fan harren hat op syn/har wize de Fryske literatuer nei in heger nivo tild. Pratend oer it gewicht, de útwurking en it effekt fan dy priis kin ûnder mear dit sein wurde: Sûnder ‘de Fedde’, en dêr stek ik myn hân foar yn it fjoer, hie der bgl. nea in blêd as Kistwurk west, it literêre tydskrift fan Elske SchotanusEric Hoekstra en ûnderskreaune.

Mar al dy arguminten telle net foar jo, want jo prestearje it, bêste deputearre, om te sizzen dat “dy prizen net genôch wurdearre wurde, in te lytse bekendheid hawwe en in te min effekt op it literêre fjild en de lêzers.” Dat binne dus slaggen yn de loft; wat mear fjildûndersyk en de feiten hienen jo it tsjindiel sjen litte kinnen. Hawar, hat it al net ris faker bliken dien dat jo net alhiel op ’e hichte wiene mei wat der yn it fjild omgiet? Dan haw ik it net allinnich oer it gegeven dat jo okkerdeis net wisten dat jo provinsje yn it ramt fan jo projekt CH2018 meibetelle oan rapporten fan alderhande rjochtse, folksnasjonalistyske snit, mar ék oer gâns simpeler saken lykas jo sizzen by de útrikking fan ‘de Fedde-2012’ dat “de Rely Jorritsmapriis in priis foar debutanten is.”

Privatisearring

Fan ’t jier hawwe jo de ferantwurdlikheid foar de organisaasje fan beide prizen, dy’t de provinsje NB al yn 2011 útrikke moatten hie, nei Tresoar trochskood, mei as foarnimmen om 1) de útfiering fan it letterebelied “safolle mooglik del te lizzen by ien partij” en 2) in opstapke te meitsjen nei de ‘vermarkting’ fan it prizestelsel, omdat jo de literêre prizeboel net ta “de kearndoelen fan de provinsje” rekkenje.

Wat it earste punt oangiet, dêrfan moat steld wurde dat de macht wol hiel sterk by ien ynstitút te lizzen komt, om it mar net te hawwen oer it gefaar fan alderlei foarmen fan ynstitusjonele repressiviteit. Je sille mar yn tsjok waar reitsje mei it ynstitúsjonele skaai… Wat it twadde punt oangiet, dêrby traktearje jo de Fryske literatuer op in sigaar út eigen doaze. De pear luzige sinten dy’t jo oerhâlde fan jo likwidaasje fan ‘de Fedde’ en ‘de Obe’ – mei-inoar seis tûzen Euro – hevelje jo oer nei ‘de Gysbert’. Yn de media litte jo dêrnei, hiel triomfantlik, witte dat jo it prizejild foar ‘de Gysbert’ mei 5000 Euro ferheegje nei 10.000 Euro.

By it omfoarmjen fan de rest fan it prizestelsel tidigje jo derop dat dy tenei bestuivere wurde kin troch it bedriuwslibben en de útjouwers. Jo litte it dêrby foarkomme as soe de literêre ynfrastruktuer by in minderheidstaal as it Frysk itselde wêze as dy by it Nederlânsk literêre systeem. Dat is besiden de werklikheid. De útjouwers dy’t nóch Fryske boeken yn ’e hannel bringe, bêste deputearre, doare it ‘brede’ boek, de lektuer, noch wol oan, mar skrilje wat langer wat mear tebek foar it útjaan fan it mear literêr rjochte boek. Slimmer, guon skriuwers wurde troch harren útjouwers yn it foar twongen om mei te beteljen oan har eigen útjeften, lit stean dat dy útjouwers dus jild (oer) hawwe foar nije, opsnolke literêre prizen.

Koely fan de kultuer

Dêr’t de Fryske skriuwer bytiden fan earmoed amper de klink fan de doar fine kin, dêr wapperje by it projekt ‘Fryslân-Ljouwert 2018’ de Euro’s mei miljoenen ta de finsters fan it provinsjehûs út. Bûten roai. En dêr’t de Frysktalige literêre skriuwer hâlden en kearen hat om syn/har boeken ûnder de minsken te krijen, dêr sille Tresoar en it Nederlands Letterenfonds aanst mei de glossy brosjuere ‘Books from Fryslân’, in djoer betelle literatueryntendant en in nust hol pratende kommunikaasje- en prosesmanagers nei de Frankfurter Buchmesse om de Fryske literatuer mear kasjet te jaan.

Dat is moai, mar it is de wrâld op syn kop. Of lit ik it oars sizze: Wat jo stimulearje, bêste deputearre, is bloei op dea hout.

PvS Halbe Zijlstra_717x1024By dat lêste moat ek tocht wurde oan in fierhinne útklaaide fakulteit Frysk yn Grins – literatuerûndersyk wurdt dêr amper noch dien – of oan in Fryske Akademy dy’t sûnt 2004 al gjin literatuerhistoarikus mear yn tsjinst hat. En ek al lûke jo yn de nije Kultuernota 2013-2016 mear jild út foar de taal en it ûnderwiis, – pico bello, two thumbs up – de literêre ynfrastruktuer bliuwt ûnder druk stean. De oarsaken derfan iensidich by de provinsje del te lizzen, dat is te maklik, dêrfoar is de ûnderlizzende problematyk ek te kompleks (ûntlêzing, in te lytse merk, in ekonomysk delgeand tij ensfh.), dat besef ik, mar kin it dêr by jo oan de Twiebaksmerk ek in krom minder des Halbe Z., as it om de Keunst sels giet?

It is net allinnich troch it nasjonale kultuerbewâld fan Zijlstra & Ko, mar ek troch de ynrjochting fan in letterebelied as dat fan jo dat de Frysktalige skriuwer sa linkenlytsen redusearre is ta de koely fan de kultuer. Ien fan de meast foaroansteande skriuwers fan it lêste desennium, Aggie van der Meer wurdt mei troch jo belied de tinte fan de Frysktalige literatuer útjage. Van der Meer: “It literêre guod komt hieltiten mear yn ’e knipe. Ik ha it jild fan de Piter Jellespriis [de skriuwster krige dy priis ferline jier foar har roman Oerfeart, e.h.] brûke moatten om de útjeften fan myn twa novellen en myn yn desimber te ferskinen dichtbondel te beteljen. Sa wol ik eins net mear fierder.  Miskien moat ik it dêrom mar ris yn it Nederlânsk besykje.”

As dat de bedoeling fan it provinsjaal kultuerbelied is, bêste deputearre, dan sis ik mei in eardere kollega, de dichter, keunsthistoarikus en âld direkteur fan de Princessehof, Hessel Miedema: “Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer siz mar […] En dit is dan meteen het laatste woord / Fries dat ik heb geschreven ook.”

Eeltsje Hettinga

PS. De yn 2006 yn ’t libben roppen Fedde Schurerpublykspriis kin fansels wol ôfskaft wurde, al wie it mar fanwegen it ûnderlizzende fraudegefoelige ferkiezingssysteem, sa’t dat troch ûnderskate bloggers oantoand is.