‘De schalmei’ – Slauerhoff – ‘De skalmei’

Ien fan Slauerhoff syn klassikers is it gedicht ‘De Schalmei’, dêr’t de ôfdieling ‘Voor kinderen’ yn de bondel Serenade (1930) mei útein set. Dizze ‘bernefersen’ – meielkoar seis – binne net sasear foar bern, mar geane folle mear oer bern. ‘De schalmei’ is nei besibbe oan it gedicht ‘Mijn Zonen of rampspoed geeft recht op dronkenschap’ fan de Sineeske dichter Chen Tao ek wol Tao Sjen neamd, fan wa’t Slauerhoff yn syn bondel Young Poe Tsoeng (1930) wurk oersette. ‘De Skalmei’ lit him lêze as in pleit foar it frije yndividu (as keunstner). ‘Laat andren werken, / Sandalen maken of kerken. / Wanjka heeft genoeg aan zijn schalmei.’

Portret3 Slauerhoff - tek. Van Uytvanck
Tekening Valentijn Edgar Van Uytvanck (1896-1950)

Yn de bondel Young Poe Tsoeng (1930) sette Slauerhoff fan ferskillende Sineeske dichters poëzy út it Frânsk, Dútsk en Ingelsk oer. Dêrnjonken brocht er by wize fan chinoisery in grut tal gedichten byinoar dy’t mei it Sineeske libben en lânskip fan dwaan hiene. De wenstige sidene gewaden, glânzgjende moannen en bloeiende roazen, dêr’t it yn de Sineeske poëzy faak fan optilt, giet er lykwols út ’e wei. Yn de samling Young Poe Tsjoeng, dat letterlik ‘fan gjin nut’ betsjut, jout Slauerhoff de foarkar oan de bitterens en mankelikens fan it bestean sels.

Mei it gedicht ‘Mijn Zonen of Rampspoed geeft Recht op Dronkenschap’ wurdt op basis fan Ingelske en Dútske oersettingen de Sineeske dichter Tao Tsjen, ek wol Chen Tao neamd, neifolge.

Mijn Zonen of rampspoed geeft Recht op dronkenschap

Haast al mijn haar is al grijs,
Vol rimpels mijn gezicht.
Toch is het mij goed gegaan:
Geen dochter heb ik en vier zoons.
Maar allen haten papier en penseel.

A Sjoe is achttien,
Alleen in luieren is hij een meester.
A Sji An doet zijn best,
Maar in zijn hart haat hij de Letteren.
Yoeng Twan is dertien,

Maar kan geen zes van zeven onderscheiden.
Toeng Tse, toch al negen jaar,
Heeft alleen verstand van lekker eten.

Waar de hemel mij zoo misdeelt,
Heb ik geen recht diep in het glas te zien?

It gedicht ‘De Schalmei’ wjerspegelet net inkeld de ferhâlding tusken mienskip en yndividu, mar is ek in salút oan dejinge dy’t him maatskiplik net foeget. De figuer Wanjka slút oan by de faker troch Slauerhoff op it aljemint brochte anty-boarger, in gegeven dat bygelyks ek nei foaren komt yn it gedicht ‘Tot mijn erfgenaam’, dêr’t de bondel Serenade mei iepenet.

Wanjka is de non-konformist dy’t gjin boadskip hat oan de boargerlik-kristlike maatskippij dy’t wurk, leauwe en oansjen heech yn it findel hat. Hy is de leechrinner en libertyn dy’t muzyk makket, neat útheeft en dy’t syn ôfkear hat fan de wurkjende en alles lykskeakeljende massa dêr’t de iene Piter net ferskilt fan de oare Piter.

Oer nammen en getallen praat, it lyrysk subjekt yn ‘De schalmei’ falt fierhinne gear mei de dichter Jan Jacob Slauerhoff sels, want wie de namme Wjanka net in ferlytsingswurd foar de Russyske namme Jan? Wanjka wie yn it gesin ien fan de sân soannen. Slauerhoff sels kaam út in húshâlding fan seis bern, mar winliken wiene it der sân om’t ien fan de bern by de berte ferstoar.

Yn in protte kultueren en religy’s is sân in hillich en magysk getal, dat yn mearkes en teltsjes gauris symboal stiet foar it lok. Wanjka is de lokkige dy’t frij fan alle maatskiplike plichten himsels oerjout oan it meitsjen fan muzyk, wijd oan dejinge dy’t yn ‘De schalmei’ oantsjut is as ‘mijn lieve, mijn lustige’. Mar wa sil dat west hawwe? De muze miskien?

Hat Slauerhoff by it skriuwen fan dit ferrifeljend moai pastorale ‘berneferske’, dêr’t yndirekt in tal biografyske eleminten yn bewuolle binne, mooglik Heleen Hille Ris Lambers op it each hân, syn freondinne fan Jorwert en de grutte leafde fan syn libben, dy’t er yn ien fan syn brieven oait ‘de muze van de landelijke liefde’ neamd hie?

De lêste strofe fan it gedicht, dêr’t Wanjka yn de foarm fan in liet it fersyk docht en lit him inkeld spylje op syn skalmei, docht tinken oan in ôfslutend Gryksk koarliet. Troch de muzyk koene de sjongers yn de koaren sa bûten harsels reitsje dat se net mear oan iten en wurk (!) tochten. Se wiene harsels genôch. Slauerhoff liket op dat gegeven te fariearjen as er Wanjka sjonge lit: ‘Wanjka heeft genoeg aan zijn schalmei.’

Last but not least, foar dit Slauerhoff-gedicht haw ik altyd in swak hân en by de terreur fan it hjoeddeiske (kulturele)  ‘mienskipstinken’ is dat der net minder op wurden..

De skalmei

Sân soannen hie ús mem:
Stik foar stik Piter neamd,
Behalven Wankja dy’t Iwan hite.

Elk fan har koe werke:
Ien hoede geiten,
Ien flocht sandalen,
Ien sels boude tsjerken;
Mar Iwan dy’t Wanjka hjitte
Dy woe net werke.

Op in stien yn ’e sinne sittend
Bespile er syn skalmei

‘O, myn leave,
Dy’t myn lust is,
Lit my spylje
Yn it skaad fan myn
Koarte, rêstige fallei.
Lit oaren werke,
Sandalen meitsje of tsjerken.
Wanjka hat genôch oan syn skalmei.’

.

De schalmei

Zeven zonen had moeder:
Allen heetten Peter,
Behalve Wanjka die Iwan heette.

Allen konden werken:
Eén was geitenhoeder,
Eén vlocht sandalen,
Eén zelfs bouwde kerken;
Maar Iwan die Wanjka heette
Wilde niet werken.

Op een steen in de zon gezeten
Bespeelde hij zijn schalmei.

‘O, mijn lieve,
Mijn lustige,
Laat mij spelen
In de schaduw van mijn
Korte rustige vallei.
Laat andren werken,
Sandalen maken of kerken.
Wanjka heeft genoeg aan zijn schalmei.’

 

J. Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Serenade II, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, p. 194.

Rijmprent Siep van den Berg

.
De rymprint ‘De schalmei’ hjirboppe is fan skilder en byldzjend keunstner Siep van den Berg (1913-1998). It wurk waard yn 1985 útjûn yn in oplage fan fjirtich eksimplaren troch Carl Lücker. Mei syn rymprinten foel Van den Berg, dy’t oarspronklik fan Tirns by Snits kaam, yn it spoar fan syn ‘druksels’ meitsjende skoanheit H.N. Werkman. Yn it gedicht ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden’ binne Slauerhoff en Van den Berg – ik ha in soad by him op it atelier oan de Brouwersgracht yn Amsterdam west – byinoar brocht: ‘Earst letter, mank dyn doeken yn / de Grinzer Koepel, seidest my: / Slûpt net yn elk fan ús, dronken, / in rigeltsje Slauerhoff om.’ Van den Berg – hy wie famylje – koe, sittend op de kruk yn syn atelier, tal fan gedichten fan Achterberg, Lucebert en Slauerhoff út de bleate kop opsizze. ‘By heart’, sa’t de Amearikanen dat sizze. Yn syn dwersens koe er Slauerhoff belykje. (…) Dwersharsensskipper nêst dysels, / syldesto, net oars as Lindberghs / doekmasine, – eigen teken / trou – dyn wetters en bergen oer. / Alle lytse Fryske gieren / dy’t dy nei de lever stienen, / miigdest, hurd, dyn fervestreken / yn de bûs, mei hoflik de / groetnisse út Paris, en hjirre / gods ekskreminten derop ta: / Der leit net wat der leit, salang’t / de keunst fan de Bergen waait!’
.

.