De tuskenbeiden ûntfangst fan Kristus Pavlov

 Mei de resepsje fan de poëzybondel Tin (2011) fan Arjan Hut hat hiel wat te rêden west. De resinsje fan Eppie Dam yn de Ljouwerter Krante (18-03-2011) smiet my it gedicht ‘Tinner as de wyn’ (Ikader, 61-62) op, in fers wêrfan’t de alderlêste strofe net sûnder polemyske ynslach is. Tin soe noch folle mear fanwegen bringe. It besprek ‘It tsjil op ’e nij útfûn’, dêr’t Cornelis (Corry) van der Wal yn it Friesch Dagblad mei nei foaren kaam, waard de oanlieding ta syn fertrek by it FD. De kwaliteit fan syn wurk as resinsint wie, sa die bliken, eins systematysk ûnder de maat. De oast siet him, waard sein, benammen yn Van der Wal syn fûneminteel ûnfermogen ta argumintaasje. Yn it artikel ‘Wa’t net lêst, moat net leksoaie’ (De Moanne, 31-01-2011) waard dat tekoart fan Vam der Wal ek nochris oantoand, doe’t skriuwster en kritikus Elske Schotanus de oanbelangjende FD-resinsje ûnder it filearmes lei. Ferneatigjend. Van der Wal – hy wie eins noch mar amper by it FD begûn – seach it swurk driuwen. Om syn gesicht te rêden, joech de resinsint der, net folle letter, sels de brui mar oan. Van der Wal ferdigene syn fertrek mei it sizzen dat er it te drok mei skriuwen wie. Skriuwer, dichter en sjoernalist Abe de Vries kaam Van der Wal by it Friesch Dagblad te ferfangen. Op de krityk fan Schotanus soe fan de kant fan Van der Wal gjin replyk of antwurd komme. Ja, der wienen in pear gjalpkes yn de útsliten foarm fan in krantekop, skimpskoaten fan in like ûnmachtich kaliber as Van der Wal syn slaanderij op it boekefeest ‘It bleate wurd boppe’ yn kafee de Scamele Ruter yn Ljouwert. It wie de Alternative Boekejûn. De titel fan it feest lei by it feit dat de bleate-famke-foto’s út it argyf fan Louis Paul Boon net yn Flaanderen eksposerare wurde mochten. Op in grôtfolle boppeseal yn de Scamele Ruter die DJ Sjoerd (Bootsma) dy jûn de muzyk, Marijke Roskam en Nynke de Jong praten it gehiel oan inoar. Der wienen tal fan optredens fan skriuwers en dichters, Ernst Bruinsma die in poerbêst ynterview mei Trinus Riemersma, der waard dûnse, praat en dien en sels Riemersma stie, hast te let foar de trein, grapjeiend oan de bar. It troch it tydskrift Go-gol (Schotanus, Hut, Hettinga, Mous e.o.) organisearre Boekefeest like in súkses, ien grut nocht- en willefeest. Like, ja, want it gyng mis! Corry van der Wal krige oan de bar in dispút mei in hege amtner fan Tresoar. Doe’t de slim agressive Van der Wal op in stuit út klearebare ûnmacht begûn te slaan en te houwen en de man fan Tresoar letterlik in slach foar de kop joech, doe wie it út. Yn de seal gyngen de ljochten op. Sfear fuort, alteraasje by it publyk, rûnom fragen: wêrom no al dien? Barman Sikke fan de Scamele Ruter sei nei ôfrin: ‘Feesten, prachtich, mar as der hjir slaanderij is, dan giet - it spyt my – de tinte ticht. Punt.’
Mei de resepsje fan de bondel Tin (2011) fan Arjan Hut hat hiel wat te rêden west. De resinsje fan Eppie Dam yn de Ljouwerter Krante (18-03-2011) smiet my it gedicht ‘Tinner as de wyn’ (Ikader, 61-62) op, in fers wêrfan’t de alderlêste strofe net sûnder polemyske ynslach is.  De bondel fan Hut soe noch folle mear fanwegen bringe. It besprek ‘It tsjil op ’e nij útfûn’, dêr’t Cornelis (Corry) van der Wal yn it Friesch Dagblad mei nei foaren kaam, waard de oanlieding ta syn fertrek by it FD. De kwaliteit fan syn wurk as resinsint wie, sa die bliken, eins systematysk ûnder de maat. De oast siet him benammen yn Van der Wal syn fûneminteel ûnfermogen ta argumintaasje.
Yn it artikel ‘Wa’t net lêst, moat net leksoaie’ (De Moanne, 31-01-2011) waard dat tekoart fan Van der Wal ek nochris oantoand, doe’t skriuwster en kritikus Elske Schotanus de oanbelangjende FD-resinsje ûnder it filearmes lei. Ferneatigjend. Van der Wal – hy wie eins noch mar amper by it FD begûn – seach it swurk driuwen. Om syn gesicht te rêden, joech de resinsint der, net folle letter, sels de brui mar oan. Van der Wal ferdigene syn fertrek mei it sizzen dat er it te drok wie mei skriuwen, lês: knippe en plakke.
Skriuwer, dichter en sjoernalist Abe de Vries kaam Van der Wal by it Friesch Dagblad te ferfangen.
Op de krityk ‘Wa’t net lêst, moat net lekskoaie’ fan Elske Schotanus soe fan de kant fan Van der Wal gjin replyk of antwurd komme. Ja, der wienen in pear gjalpkes yn de útsliten foarm fan in krantekop, skimpskoaten fan in like ûnmachtich kaliber as Van der Wal syn slaanderij op it boekefeest ‘It bleate wurd boppe’ yn kafee de Scamele Ruter yn Ljouwert. It wie, om hjir even in útstapke te meitsjen, de Alternative Boekejûn. De titel fan it feest lei by it feit dat de bleate-famke-foto’s út it argyf fan Louis Paul Boon net yn Flaanderen eksposearre wurde mochten.
Op in grôtfolle boppeseal yn de Scamele Ruter die DJ Sjoerd (Bootsma) dy jûn de muzyk, Marijke Roskam en Nynke de Jong praten it gehiel oan inoar. Der wienen tal fan optredens fan skriuwers en dichters, Ernst Bruinsma die in poerbêst ynterview mei Trinus Riemersma, der waard dûnse, praat en dien en sels Riemersma stie, hast te let foar de trein, grapjeiend oan de bar. It troch it tydskrift Go-gol (Schotanus, Hut, Hettinga, Mous e.o.) organisearre Boekefeest like in súkses, ien grut nocht- en willefeest. Like, want it gie mis! Lytse Corry krige oan de bar in dispút mei in hege amtner fan Tresoar. Doe’t de slim agressive Van der Wal op in stuit út klearebare ûnmacht begûn te slaan en te houwen en de man fan Tresoar letterlik in slach foar de kop joech, doe wie it út. Yn de seal gyngen de ljochten op. Sfear fuort, alteraasje by it publyk, rûnom fragen: wêrom no al dien? Barman Sikke fan de Scamele Ruter sei nei ôfrin: ‘Feesten, prachtich, mar as der hjir slaanderij is, dan giet – it spyt my – de tinte ticht. Punt.’  Om koart te kriemen: Cor van der Wal kin hiel goed plakke en knippe, mar as it op arguminten oankomt, dan is der inkeld dat fan de fûst.

Cornelis van der Wal hat in nije bondel mei poëzy yn it ljocht jûn, Kristus Pavlov, trijentritich gedichten, dy’t in wat tuskenbeiden ûntfangst krigen hat. Ik ferwiis datoangeande nei de resinsjes fan Abe de Vries (Friesch Dagblad), Eppie Dam (Leeuwarder Courant) en Jelle van der Meulen (Friese literatuursite)..

Van der Wal hat, sa lit er op syn site witte, muoite mei guon ynterpretaasjes fan syn wurk. Karakterisearrings as  ‘kwasy-mystyk’ binne him yn it ferkearde kielsgat sketten. Ek wol er net beskuldige wurde fan ‘blasfemy’, in troch himsels opbrocht begryp, him ynjûn nei oanlieding fan De Vries syn ynterpretaasje fan it titelgedicht fan de bondel. Hoewol’t de resinsint yn kwestje oanjûn hat dat ‘it om fiergeande ynterpretaasjes [giet], dy’t der likegoed in moai ein neist sitte kinne…’, is it oardiel neffens Van der Wal  ‘der fier by troch’, sterker, it besprek sels – hy rept fan ‘in papagaaibesprek’ – neamt er in spultsje fan ‘wraak’ en ‘kwealaster’. Dy (spitigernôch net beärgumintearre) kwalifikaasjes bringe him  ta it sizzen dat er it ‘ûnbegryplik’ fynt dat ‘it Deiblêd soks pleatse wol.’.
.
Glêd iis.
.
It is mar goed dat it Friesch Dagblad dat ál wollen hat, want hie dat net it gefal west, de krante hie in grut probleem hân. Mei syn ferwyt oan it adres fan it Dagblad hat Van der Wal it yn essinsje oer de frijheid fan de resinsint. Wol er mei syn klacht werom nei âlde tiden, dat is te sizzen: Moatte de haadredaksjes fan in Friesch Dagblad of Leeuwarder Courant as âlderwetsk stjoerende KGB-aginten elke resinsje neirinne op harren (etyske) gaadlikens? En dat allegearre omdat de ynhâld fan it krantespul him tafallich net noasket? My tinkt  it ûnbegryplik dat Van der Wal soksoarte ferlet – it oanstellen fan in fier boppe resinsint stelde Autoriteit dy’t alles yn “goede” banen liedt – op syn site pleatst.
.
Troch him yn de diskusje oer de resepsje fan syn wurk te bejaan, hat de dichter him op glêd iis bejûn. Dat is in kar. Lykwols, as Van der Wal ferge wurdt wat oft der no krekt ferkeard is oan de ynterpretaasjes fan syn poëzy, dan jout er, frjemd genôch, net thús. Nee, hy makket him der fan ôf mei in fette jij-bak, in lilk ‘ik haw wat betters te dwaan’ of in diktaat lykas dit: ‘It riedsel moat in riedsel bliuwe.’ Dat wurket fansels net. It is ien fan beide: óf de dichter hâldt him stil en lit syn gedichten foar harsels sprekke óf hy bejout him yn it striidperk en komt mei in beärgumintearre wjerwurd, yn it bysûnder op de ynterpretaasje(s) fan it titelgedicht. Van der Wal docht lykwols gjinien fan beide. It iennige wat er mei dy healslachtigens berikt, is it oerein hâlden fan in beskaat kweatinken en ferûngelike wêzen.
.
Zweefteef
.
Yn alle trije de resinsjes oer it wurk yn Kristus Pavlov wurdt winliken in klassyk probleem fan de literêre krityk oan ’e oarder steld, te witten dat fan de fersteanberens. Ek Van der Wal hat him dêr mear as ien kear om bekroade, koartby yn syn resinsje fan de bondel Tin (2010) fan Arjan Hut, in besprek, wêryn’t er de fraach stelt: ‘Wat wol de dichter no eins útdrukke?’ De dichter moat neffens Van der Wal net allinnich oarspronklik, mar ek fersteanber wêze, want oars ‘kinne jo der net sa’n soad mei.’ Gjin wurd by liigd, it stiet der werklik: – Keunst, je moatte der wat mei kinne. Hawar, fersteanberens dus. Op grûn fan de kritearia sa’t dy troch Van der Wal oan poëzy steld wurde, moat ien as Ate Grypstra fansels ek it rjocht jûn wurde en freegje yn de diskusje oer it titelgedicht ‘Kristus Pavlov’: Wat wol Van der Wal no eins útdrukke, of sa’t er it moai smeulsk formulearret: ‘Ik fûn it oars wolris aardich om it ris oer de ynhâld te hawwen…’
.
Lykas sein, Van der Wal spilet, as de kniper op de skine komt, fan ruten, sa’t dat ûnder mear ek it gefal wie by de krityk ‘Wa’t net lêst, moat net lekskoaie’ op syn resinsje fan de bondel Tin fan Arjan Hut. Wol ien neigean wat de faak tsjustere, troch symbolyk dreaune poëzy fan Van der Wal – sirkels, slangen, krusen, stiennen, sinne(god en -timpel) – no krekt nei foaren bringe wol, dan soe in close reading fan de tekst in probaat middel wêze kinne om wat mear ‘ferljochting’ te skeppen. Faaks kin troch dy foarm fan literatuerkrityk ek te foaren kommen wurde dat de dichter op grûn fan syn gauris oan de stjerrewikkerij en esotery ûntliende symboalen, begripen en motiven lykas dat fan  ‘de ûnreinheid’ bygelyks yn de hoeke bedarret fan de tsjustere astrologe en de net al te frisse spirituele zweefteef Mellie Uyldert.
.
.Ta beslút.
.

Cornelis van der Wal lit yn de diskusje oer de tuskenbeiden resepsje fan syn bondel Kristus Pavlov, en yn it bysûnder oer it titelgedicht, witte: “Ik wol graach serieus nommen wurde as dichter.” Dat smeekgebed, foarsafier’t it al gjin klacht is, is der fansels ek by troch, gjin bondel ommers dy’t sa breed en djip en op safolle plakken ûnder it loerizer lein is  as Van der Wal syn lêste. Dat de ferskillende ynterpretaasjes fan syn wurk him net noaskje, dat seit mear oer de dichter as oer syn resinsint(en).

.
[1] De suvere close reading is net it minste ynstrumint om mear greep te krijen op in literêre tekst, al betsjut dat net dat ik dêrmei werom wol nei de autonomistyske literatueropfetting en it tinken dat yn de tekst alles mei alles gearhinget, dat der gjin mosk fan it dak falle kin of… ensfh. In gedicht as ‘Kristus Pavlov’, mei dêryn de tsjustere, elliptyske sin “Under in stien troch in slange lutsen syn krús, / it hollekessen.” – yn syn foardracht fan it fers leit de dichter, wûnderlik genôch, de klam op ‘lutsen’ – is as elk oar gedicht gjin absolút sletten en op himsels steand gehiel. In ynterpretaasje fan de poëzy ferget ek in close reading fan de maatskippij en kultuer, dêr’t de tekst yn ûntstien is en yn funksjonearret. Sjoch fierders  De leugen op ’e dyk (s. 21) / De leugen op de weg (s. 48), mei dêryn in tal opfettings en oanrikkemandaasje oangeande literatueranalyze fan de literatuerkritisy Odile Heynders en Geert Buelens.
.
.