It staverkadaver moat fan tafel

De grutte slachtersakademy yn it spier mei de nije stavering
De grutte slachtersakademy yn it spier mei de nije stavering

Der steane by de Fryske staveringskwestje noch alderhande fragen iepen. Wat binne bygelyks de kosten dy’t mei it Steatebeslút oangeande de staveringsferoaring mank binne. Op grûn fan hokker berekkening is dat dien? Hokker fariabelen binne yn it trochrekkenjen  fan it gehiel meinommen? Troch wa is dat ‘kosteplaatsje’ gearstald?

Steateleden as Ingrid Wagenaar dy’t taal & kultuer yn de portefeuille hawwe, moatte sa opleppelje kinne wat de finansjele ûnderbouwing fan de staveringsferoaring is. Se binne lykwols yn gjin fjilden en wegen te bekennen, de Fryske polityk moat de sosjale media noch ûntdekke.

It Skriuwersboun dat de belangen fan Fryske skriuwers heart (!) te behertigjen, is ien fan de ynstellingen dy’t de foarstap nimme kin en besykje it ‘Staverkadaver’ – yn syn soarte de frucht fan de einleaze arrogânsje fan de macht fan de Fryske Ynstituten – fan tafel te krijen. Men soe wolle dat in bestjoerslid as Anne Tjerk Popkema yn dizzen like hurd wie mei it útskriuwen fan in ledegearkomste troch it Bestjoer as mei it opsetten fan de oersetterskursus, sa’t er dy, noch mar amper in wike bestjoerslid, foar it Boun út de grûn wist te stampen. No’t de staveringkwestje oan ‘e oarder is, hearsket by it Boun lykwols de stilte fan it grêf.

It rint yn it each dat yn it rychje nammen ûnder Henk Wolf syn opinystik ‘Steatestavering is in min plan’ (LC, 03-05) de leden fan it Skriuwersbounbestjoer skitterje troch ôfwêzichheid. Hat Wolf har fia FB net genôch yn de gelegenheid steld? Hat it bestjoer mooglik in oare, ferhoalen aginda? Lizze de belangen fan de ûnderskate bestjoersleden faaks oars as dy fan de bounsleden, de Fryske skriuwers dus, fan wa’t it oergrutte part tsjin de Staveringsferoaring is?

Mei de publikaasje fan opinystikken fan wittenskippers en skriuwers as Pieter Breuker, André Looijenga, Henk Wolf, Abe de Vries, Elske Schotanus en oaren hawwe alle politike en taalynhâldlike arguminten tsjin de Staveringsferoaring sa ûnderwilens wol op tafel west. It komt der no op oan om it ferset tsjin dizze healwize Staveringsferoaring fan de Fryske polityk sá te organisearjen dat ‘it staverkadaver’ fan tafel giet. Soks kin eins inkeld fia it Boun. Op nei Projekt-P2.

No driget in behyplik lyts rûntsje fan taalideologen har sin troch te driuwen nettsjinsteande it feit dat it oergrutte part fan de Fryske skriuwers tsjin is. Binnen de ferskillende fjilden (it ûnderwiis, de media, ensfh.) hat net of amper ûndersyk west nei it draachflak foar dizze feroaring. Lykwols hawwe de Steaten it beslút dêroer min ofte mear mei ien hammerslach ôfdien.

Ik bin bang dat bywannear’t der net mear kapsje op de Staveringsferoaring komt dat Provinsjale Steaten, aanst yn oktober, as it definitive Staveringsbeslút falt, opnij mei in pear grouwélich grutte platpoaten oer de Fryske skriuwerswrâld hinne wâldzje sille. De arrogânsje fan de sterk ynstitúsjoneel bepaalde Fryske polityk ken amper grinzen.

Update:

Anne Tjerk Popkema, lid fan it bestjoer fan it Skriuwersboun, ropt op Facebook oer it stik It staverkadaver moat fan tafel:  “Moat dat no sa mâl?” Neffens Popkema soe it punt al in wike op de wurklist fan it Boun stean, mar hat in bestjoerlid fan it Boun ek wolris fakânsje. Sok in lins is in saak, sa seit Popkema, dy’t bytiden hurd nedich is omdat “it binnenkroadzjen fan lukrative oersetterskursusses, fia syddoarkes,  dreech wurk is.”

Fierders lit Popkema witte dat er ôfrûne wike fan syn fakânsje-adres ôf op persoanlike titel genôch kontakt hân hat mei minsken dy’t by de staveringskwestje belutsen binne, lykas Henk Wolf en André Looijenga, mar dat er him oangeande de kwestje sels earst efkes goed dokumintearje woe. Hoe’t dat lêste yn syn wurken giet, dat sil Popkema my meikoarten útlizze, want, sa seit er, as er dat dien hie, dan hie ik guon dingen, sa’t dy hjirboppe yn it stik It staverkadaver moat fan tafel oan ’e oarder binne, grif net skreaun. Popkema wol hawwe dat as it roppen en razen wat saksearre is, elts grif ek wat hearre sil fan syn Skriuwersboun, en freget dêrom oft ik noch in pear nachtsjes wachtsje kin.

Op FB haw ik Skriuwersbounbestjoerslid Anne Tjerk Popkema it neifolgjende witte litten:  – “Bedankt foar dyn royale antwurd. Miskien hat Henk Wolf wol te hastich west mei it oanbieden fan syn opinystik Steatestavering is in min plan oan de LC en hat er by de tarieding derfan fergetten om dy te freegjen en lit dy op persoanlike titel in krul ûnder syn stik sette, sa’t Abe de Vries, Elske Schotanus, André Looijenga, Ate Grypstra, Babs Gezelle Meerburg en oare skriuwers en wittenskippers, dy’t ek allegearre wolris in wike mei fakânsje binne, dat ál dien hawwe. Abe de Vries rept  yn it stik fan de staveringsferoaring fan ‘leksikografyske genoside’.

Dat tinkt my in moai Frysk razers- en roppersbluessankje om dêr, sis mar, in âlde tuike-tuike-tradysje mei te brekken, soks by wize fan wekker wurden dus. Last but not least, it soe nijsgjirrich wêze en lit taal- en ûnderwiissaakundigen lykas Henk Wolf, André Looijenga en Pieter Breuker op de earstkommende ledegearkomste fan it Boun – yes, we can, yes we wait – in lêzing hâlde oer it willekeurige en arbitrêre karakter fan dizze Staveringsferoaring. Faaks datsto dan dêrnei ék mei meitinke wolst en kinst oer de foarm fan Projekt P-2, soks as protest tsjin it Staveringsbeslút fan de Steaten en de Fryske ynstitúsjes.

By Projekt P-1, dat ferline hjerst it protest wie tsjin it nije, neo-liberale kultuerbelied fan de Provinsje wiest der dochs ek by? Wy sjogge moarn wer even yn it staveringswaar. Op myn blog is wilens te sjen hoe’t ‘de grutte slachtersakademy yn it spier is mei de nije stavering’.
.
Literatuerresinsint Jelle van der Meulen antwurdet Popkema op FB mei it sizzen dat er syn antwurd ‘begryplik’ achtet, mar dat it tiid is dat “der al wat gebeure [moat]”, want aanst binne “jim”” opskipe mei in beslút fan politisy, dêr’t fierders nimmen op te wachtsjen sit. Van der Meulen, learaar Nederlânsk oan in gymnasium yn Noard-Hollân, hâldt syn learlingen gauris foar as er wer ris in frjemde staveringsregel [de tusken –n is sa’n moai foarbyld] útlizze moat: ”Jongens, ik was er niet bij toen ze dit besloten hebben”.

Van der Meulen hat it idee dat dizze Fryske staveringsferoaring noch wol te kearen is.

 Projekt-P, Frysk skriuwersprotest, mei hast elk oerein tsjin de neo-liberale kultuerpolityk fan de Provinsje
Projekt-P, Frysk skriuwersprotest, mei hast elk oerein tsjin de neo-liberale kultuerpolityk fan de Provinsje