Ta oantins fan Rients Gratama (1932-2017)

(Sept. 2017) –

 

Ta oantins fan Rients Gratama (1932-2017)

De dei leit stil, de sinne swijt,
Hinnegien is it wurd
Fan in biis, in boarter
En fan in dichter-majesteit.

Yn liet en sang fong er syn tiid,
Hold mei fyt en pots
En drok spottend mei God,
In elk syn narrespegel foar.

Syn lûd dondere en rôle
Gnizend de grinzen oer;
Hjir wie er de minske in broer,
Licht allyk in fôle.

Stim joech er al wa’t him nei wie:
De lytse, lytse bakker
Dy’t, lytsfeint makke,
Stilwei nei de Hoogovens gie.

My wie syn Frysk in himelryk!
De taal oars net as feest
By syn rynske sjongen
Fan Pingjum oant Rientsumageast.

De dei leit stil, de sinne swijt,
Hinnegien is it wurd
Fan in biis, in boarter,
En fan in dichter-majesteit.
.

@ Eeltsje Hettinga, 07/09
.

Boppesteand portret fan Rients Gratama is fan keunstskilder Sjoerd de Vries

(*) ‘In biis’ – in grapmakker