Wurden – Stimmen 41 – Staveringsberjocht

300px-francisco_de_goya_saturno_devorando_a_su_hijo_1819-1823Ljouwert, 19/09/2023Deaslach troch autokrik.

De rjochtbank yn L. hat de sechstjinjierrige Natasja Stein út de Westerein feroardiele ta trijeënheal jier selstraf plus TBS. Foarich jier sloech se har heit mei in krik de holle yn. Hy ferstoar de oare deis yn it sikehûs yn Drachten.

‘Hy hie it altiten mar oer ‘rûmte’ en ‘dû’, sei de dochter tsjin de rjochter, ‘ik waard der sljocht fan. Op skoalle yn ’e Westerein hienen wy leard om netsjes ‘romte’ en ‘do’ te sizzen. Sa stie ’t ek yn ús skoalboeken. Alle kearen weroan wie it bargebiten, ek dy middei, it wie in soele en brodzige neisimmerdei, edelachtbare, en der wie mar ien ding, ik woe fuort, stommegraach fuort, ik hie de ridel yn it gat, ik woe de romte… Mar dy âldfaâr, dy benypte ‘hacqencruq’ of ‘hakkenkruk’, hoe’t je dat ek mar sizze of skriuwe, edelachtbare, hy hat my noait in tombree romte jûn.

‘Dû silst net fuort’, blafte er. ‘Dû, Natasja Steen, dû bliuwst hjir op de Westereen.’ It skom stie him op ‘e mûle. ‘Hastû, dû, lytse doerak, hastû dat begrepen: dû bliuwst thús.’

‘Jesus man, jou my, domme, in kear de romte, ik wol hjir wei. Ik ha hjir niks mear te sykjen. It is út en oer. Ik b i n dyn hoer net..! Do dêr, do, hast my mei de kloeren lang genôch oan de titten sitten. Ik spatte de skuorre yn, de fyts…

‘Gjin poat fan it hiem, dû!’ Dat ‘dû’ fan him, hèn, altiten mar wer dat ‘dû’, ik koe der wol fan koarje. Ivich en erflik dat dû, dû lytse lêave dû, doch dû no fuort mar even it broekje út. Sa gong dat, edelachtbare, altiten mar wer dat dûûdûdûdûddû oant ik hielendal dûdeledûdadadododo… DOOD… wie.

Doe ynienen seach ik dat ding lizzen, yn ’e hoeke, by it tsjil fan ‘e Volkswein, de autokrik, it wonder fan de autokrik, ik tocht, fanke, pak do toch dy autokrik, dat, edelachtbare… Better te rieden mei romte as krapte, ik wist, dit is myn kâns.

Hy stie bûten by de liguster, de rêch nei my ta, dwaande mei it draaien fan in sjekje, dat ik klapte ta, och, ik wie sa dom, sa dûm, ik houde en hufte deryn, der is, sa’t tante Jaeike fan De Harkema letter wolris sein hat, der is noch need sa sleen op de Westereen, edelachtbare… As by in stikken spattende wetterlieding, sa klabatste him it bloed ta de kop út, ik hie ’t net dwaan moatten, mar it wie sa’n domme, dûme âldfader, godferdûme domme edelachtbare, wat wie ik dom, troch alles hinne…’

.