Rainer Maria Rilke – ‘Hjerstdei’ – Herbsttag
Hy wie de dichter fan it mystearje, fan ûntheisterjend moaie rigels lykas: ‘Wir alle fallen. Diese Hand da fällt / Und sieh dir andre an: es ist in allen.’, de dichter fan Nietzsche’s deade God, de dichter sûnder heitelân, mar boppe-al de dichter fan de dingen en de bylden: Rainer Maria Rilke.
Ein desimber 1926 kaam er, krekt ienenfyftich, yn it sanatoarium fan Valmont sur Territet, in gehucht fuort ûnder Montreux, te ferstjerren. Begjin jannewaris 1927 waard er te hôf brocht yn Raron, net fier út de reek fan datselde Montreux, begroeven ûnder in ienfâldige stien foaroer in hege, grize berchwand.
De sark
It krúsbyld op de dichter syn grêf is in jier as wat ferlyn ferdwûn, weihelle, rôve. In goede saak! Rilke hie oan it begjin fan de foarige ieu in streek setten ûnder alles wat destiids binnen it kristendom as fanselssprekkend oannaam waard.
Hy seach himsels as in agnost, sa’t er dat op mear as ien plak nei foaren brocht hat, ûnder oaren yn syn monografy oer de byldhouwer Auguste Rodin. Mei syn dûnkere en komplekse bylding en syn pessimistyske wrâldbyld is er ‘in soan’ fan Arthur Schopenhauer en ‘in neef’ fan Nietzsche, waans tinken net tocht wurde kin sûnder dat fan ‘fadertje’ Schopenhauer.
Rilke syn wurk soe fierders foar in grut part bepaald wurde troch de idee fan de ivich skeppende natoer. (Nei alle gedachten sil Obe Postma – hy makke mear as ien Rilke-oersetting – him yn dat begjinsel werkend hawwe doe’t er, ein jierren tweintich, yn de besnijing rekke fan Rilke syn wurk.) Mei it raven fan it krús fan de sark yn Raron is de dichter Rainer Maria Rilke, koart sein, wol rjocht dien.
Doe’t er begjin jannewaris 1927 begroeven waard, wie it waar slim ‘böse’, stienkâld, om dêr ris sa’n wurd om te sizzen. De Leeuwarder Courant fan dy dagen makke fan syn hinnegean gjin melding, nettsjinsteande it feit dat ien fan de grutte dichters yn Europa hiinnegien wie. It Leeuwarder Nieuwsblad dêrfoaroer kaam mei in ferstjerrensberjocht dêr’t yn nei foaren brocht waard dat “[hij] vooral bekend [werd] als schrijver van de Weise von Liebe und Tod des Cornets Rilke‘, in boek dat oan it begjin fan de foarige ieu in bestseller yn Europa wie, hûnderttûzenen eksimplaren waarden der fan ferkocht.
Postma
Yn de Fryske literatuer soe Rilke syn wurk relatyf gau oanklang en wjerlûd krije. It tydskrift De Holder publisearre, begjin maaie 1928, in trijetal gedichten út Frühe Gedichte, dêr’t ek it ferneamde Rilke-fers, nûmer IX (‘De earme wurden troch‑en‑dei yn ’t lijen.’) by siet. De ferfryskingen wienen fan Obe Postma.
In jier dêrfoar hie J.P. Wiersma yn it tydskrift It Heitelân oer Rilke syn roman Die Aufzeichnungen des Malte Laurids Brigge (1910) gear west. It wjerlûd fan ‘Malte Brigge’ is te fernimmen yn wat ien fan Postma syn grutte gedichten wurde soe, it yn 1928 publisearre gedicht ‘Wat de dichter witte moat’. (‘En as it wêze mocht dat er de nachten net koe, dêr’t Rilke fan spriek /, En net nêst de frou wie as hja it libben brocht, / Soe it him wat jaan dat er yn syn jonkheid wûnders belibbe hie?’)
Yn de jierren dêrnei sette Postma him oan in lange rige Rilke-oersettingen. Dêr hearde ek ‘Herbsttag’ by, ien fan Rilke syn meast ferneamde en nei alle gedachten ek ien fan syn meast oersette gedichten. It waard letteroan opnommen yn Postma syn Brandenburgh-bondeltsje Gedichten fen Rilke (1933)
Herbsttag
Herr: es ist Zeit. Der Sommer war sehr groß.
Leg deinen Schatten auf die Sonnenuhren,
und auf den Fluren laß die Winde los.
Befiel den letzten Früchten voll zu sein;
gib ihnen noch zwei südlichere Tage,
dränge sie zur Vollendung hin und jage
die letzte Süße in den schweren Wein.
Wer jetzt kein Haus hat, baut sich keines mehr.
Wer jetzt allein ist, wird Es lange bleiben,
wird wachen, lesen, lange Briefe schreiben
und wird in den Alleen hin und her
unruhig wandern, wenn die Blätter treiben.
Foar in tal tekstkrityske opmerkingen oer Postma syn oersetting ferwiis ik nei it blogartikel ‘Celan, Rilke en Postma – ‘Herbsttag’ – Stimmen 4.’ Dêryn lit Geart van der Mear ûnder oaren syn ljocht skine oer de lêste twa rigels yn de twadde strofe: ‘(…) dränge sie zur Vollendung hin und jage / die letzte Süße in den schweren Wein.’
Van der Meer falt benammen oer de omsetting fan it tiidwurd ‘jage’ nei in yntransityf brûken fan it wurd ‘drage’: ‘Twing ta folsleinens en lit drage / De lêste swietens yn de swiere wyn.’ Van der Meer is oars net altiten likegoed te sprekken oer Postma syn oersetwurk.
Yn it tydskrift Wjerklank, in útjefte fan it Obe Postma Selskip, hat er bygelyks sjen litten dat Postma, technysk sjoen, wolris swierrichheden hat mei Rilke syn muzikaliteit.
Sisyfus
Postma is net de iennige dichter dy’t him oan in ferfrysking fan ‘Herbsttag’ weage hat, ek Fedde Schurer, Sybe Sybesma en Marten Sikkema hawwe dat dien. Skriuwer-dichter en essayist Jo Smit soarge yn de jierren santich foar in ferzje yn it Midslânzers. Hjirûnder printsje ik fiif ferfryskingen fan it gedicht ôf. Oft it no om de klankrykdom, de rimen of it metrum giet, Marten Sikkema syn omsetting kin besjen lije. Hy bliuwt mei Postma ek it tichtst by de boarnetekst
De ferfrysking dy’t ik sels makke haw, gyng my net licht ôf. Hokfoar fynsten der bytiden ek dien waarden, de konsekwinsjes foar it rym, it metrum of de ynhâld wienen faak sá grut dat ik lang om let as Sisyfus wer einige dêr’t ik begûn wie, ûnderoan yn it dal… Lykwols, de stien is boppe, oftewol: de put is der út.
Hjerstdei
Hear it is tiid. Grut wie it simmertij.
Lis no jins skaden oer de sinnewizers
En op de flakten lit de winen frij.
De lêste fruchten driuw har kostlikst yn;
Jou harren noch twa sudeliker dagen,
Twing ta folsleinens en lit drage
De lêste swietens yn de swiere wyn.
Dy’t no gjin hûs hat, bout it him net mear.
Dy’t no allinne is, sil it lang bliuwe,
Sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En yn ’e loanen sil er hinne en wer
Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe.
Obe Postma, Samle fersen (Friese Pers Boekerij, Ljouwert), 420.
Hjerstdei (Herbsttag)
’t Is tiid. De greate simmer is foarby.
Liz oer de sinnewizers, Hear, dyn skaden
en oer de paden jow de winen frij.
Jit nou de lêste fruchten folheit yn
gun har noch in pear sudelike dagen
om har nei de foleining ta to dragen
en driuw dyn swietens yn har swiere wyn.
Dy’t nou gjin sté hat bout it him net mear.
Dy’t ienlik is bliuwt ienlik. Hy sil hifkje,
weitsje, hwat lêze, lang omstannich briefkje
en ûngeduerich dwale om hûs en hear
as brune blêdden troch de leanen drifkje.
Fedde Schurer, (yn: De Tsjerne, VI, 1965), s 21.
Hjerstdei
Hear it is tiid. De simmer wie net earm.
Liz Jo Jins skaed op oan de sinnewizers,
En lit oer miede de fjild de winen gean.
Jit no de lêste fruchten rypdom yn;
bied harren jit twa sudeliker dagen,
Pres har ta waeksdom, driuw mei laech op lagen
de lêste swietens yn de swiere wyn.
Hwa’t no gjin hûs hat, bout him net mear ien.
Hwa’t no allinnich is, sil it lang bliuwe,
sil wekker lizze, lêze, brieven skriuwe,
en yn ’e leanen fier fan elkenien
omdoarmje as troch de loft de blêdden driuwe.
Sybe Sybesma, En marge (Bosch & Keuning, Baarn, 1978), 35.
Hjerstdei
Hear it is tiid. De simmer wie in pracht.
Lis no jo skaad mar oer de sinnewizers
En jou de winen oer it gea de macht.
Twing no de lêste fruchten ripens yn;
jou harren noch twa súdeliker dagen,
lit har de gloed fan folsleinens drage,
jei lêste swietens yn de swiere wyn.
Dy’t no gjin hûs hat, bout him gjinnent mear,
dy’t no allinne is, sil it tiden bliuwe,
sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En troch yn ’e loanen swalkje kear op kear
wylst fleagen wyn de blêden fierder driuwe.
Martin Sikkema (De Strikel, nr. 12, 1991), 23-24.
Hjerstdei
Hear: it is tiid. De simmer wie yngoed.
Lis no jins skaden oer de sinnewizers,
en oer de wyngerds blaas de wyn syn lûd.
Skink de einfruchten alle follens yn.
gun har jit in súdliker dei as twa,
twing har foarmen ta it folsleine en laadt
in lêste waarmens yn de swiere wyn.
Wa’t no gjin went hat, dy set him gjint mear.
Wa’t no iensum leit, sil lang dat bliuwe,
sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
en sil yn ienlike ûnrêst troch hear
en hôven gean, wannear’t de blêden driuwe.
Eeltsje Hettinga