Visual Poetry – Machteld van Buren en Eeltsje Hettinga
(Sept. 2017) – It visual poetryprojekt SeeWegen bestiet út in stadich draaiende (transport)bân fan fjouweren heale meter heech, dus njoggen meter lang. It byldwurk is fan byldzjend keunstner Machteld van Buren, it tekstwurk fan Eeltsje Hettinga dyt syn poëzy mei de hân yn en op de doeken ’tekenskriuwt’.
It konsept fan SeeWegen, a work in progress, is ynspirearre op it byldwurk yn de orizjinele útjefte fan it wilens klassyk eksperimintele gedicht de greate wrakseling fan de dichter en keunsthistoarikus Hessel Miedema (1929) en op de tolf oeren duorjende kuiertocht fan keunstner Bas Jan Ader doe’t er út East LA nei de kust fan de Oseaan rûn, in reis dy’t ûnderdiel wie fan syn triptyk In search of the miraculous.
By Seewegen is in soartgelikense kuier dien, mar dan út de Wâlden wei nei de see by Harns.
Machteld van Buren eksposearret op dit stuit yn galery Melklokaal fan Albert Oost en Monique Vogelsang op It Hearrenfean. Fan’t simmer wie har wurk o.m. te sjen op de Art Fair Amsterdam en yn it Residence Palace yn Brussel.
SeeWegen, ûnderdiel fan in troch Tresoar op priemmen set projekt, krijt oare jier syn plak en gerak yn de eksposysjeromten fan Lân fan Taal yn Ljouwert, tegearre mei nije films út It Font.
(oar kear mear)
.