Gedicht ‘Woede’ – De oanslach, ferkiezings en paden

(22-03) It gedicht ‘Woede’, hjoed o.m. ek te lêzen yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en by Omrop Fryslân, is skreaun nei oanlieding fan de oanslach yn Utrecht en de útslach fan de ferkiezings fan ôfrûne tongersdei, in swarte dei dêr’t de maitiid, juster op World Poetry Day, mei úteinsette.


WOEDE

*

Hoe’t immen, al tikjendewei, in bom fan haat
yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram
ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht,

djip yn himsels ferdwaald, himsels yn woede
en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken
fan ’e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit.

*

Hoe’t op in moarntiid immen himsels manifest
makket, radikaal gek, hiel ’t raderwurk fan
in stêd stilleit as wie it Heger Macht’s wurk,

wylst der altyd ergens immen is dy’t sûnder
smoarge hannen, simpelwei ûnskuldich, troch
misdied en straf weireizget op dea syn tram.

*

Hoe’t midden yn it wâld fan it geweld alle
klokken befrieze, in punt tsjin de himel
slane, sa’t in elk, in tel fan skrik ferstienne,

langer net mear wit hokker paad te nimmen,
hokker paad te nimmen as haat rûnom
de ûleflecht makket mei B. syn nije oarder.

.

©Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân 2018/2019
..

.