Nasjonalisme freget om tsjinlûd – opinybydrage DfF
(05-12) It lûd fan it nasjonalisme blaft hjoed-de-dei rûnom oer Europa. Mei it each op de polarisearre ferhâldings is it tiid en gean mei-inoar om ’e tafel. In justjes oanpaste ferzje fan in taspraak by de manifestaasje (F)rede fan Fryslân, ein oktober yn de Prinsetún yn Ljouwert, en ôfprinte yn de Leeuwarder Courant fan 23 novimber.
De dichter Dean Bowen skriuwt yn Bokman, de poëzybondel dy’t dit jier nominearre wie foar de C. Buddingh’-priis: ‘en ze vragen me waar… / en ik claim geen land […] ik ben van gronden Rotterdam en Paramaribo en Linden en Kaapstad / elke thuis is een schoot die een nieuwe mij baart’.
Syn wurk hat foar in part te krijen mei de koloniale skiednis fan Suriname, de slavernij, it omslepen mei minsken fan lân nei lân, fan Afrika nei oare kant de oseaan, oftewol mei de diaspora. Dat binne ûnderwerpen dy’t op ’e achtergrûn ek meispylje yn de diskusjes om Swarte Pyt hinne.
it Skriuwersboun soe mei in statemint as ‘Rasisme ôfskaffe. Dat dochst no!’ har stim hearre litte kinne.
Mear histoarysk besef oangeande it koloniale ferline fan Nederlân kin in treflik middel wêze tsjin rasisme, diskriminaasje en ksnenofoby, mei Saailân-gjalpen as ‘rot op naar je eigen land’. Dêr leit in taak foar it ûnderwiis. Of, om wat tichter by hûs te bliuwen: it Skriuwersboun soe mei in statemint as ‘Rasisme ôfskaffe. Dat dochst no!’ har stim hearre litte kinne.
Mei it each op de slim polarisearre polityk-ideologyske ferhâldings, sa’t dy it meast pregnant, mar ek it meast pynlik nei foaren komme yn de ferskillende stânpunten oer Swarte Pyt, is it tiid en gean mei-inoar om ’e tafel, struktureel. It giet om de dialooch, al wie it mar omdat men elkoars kultuer bytiden net of mar amper ken.
. “Het verzet tegen Zwarte Piet is niet alleen van deze eeuw, en richt zich niet alleen op de sinterklaastraditie. Wij hopen dat, wanneer alle roetveeg-pieten het land weer uit zijn, er meer aandacht komt voor institutioneel racisme in Nederland.” (De Correspondent, 5 dec. 2018) |
Op in oar nivo sil de linkerflank fan it politike fjild yn ’e slach moatte en sykje in antwurd op dat wat de maatskippij op dit stuit oant op it lêste bot ferdielt: de Europeeske migraasjeproblematyk. No driigje alderhande rjochtse bewegingen mei it ûnderwerp fuort te rinnen.
Yn dat ramt komt men der net ûnderút en sjoch nei de opkomst fan it nasjonalisme, sa’t dat hjoed-de-dei rûnom oer Europa blaft. It wurdt stipe en fersterke troch media as ThePostOnline, Re-Act en, net te ferjitten, tal fan (ekstreem)rjochtse foara en reaksjes op de sosjale media.
It binne dy lêste media dy’t fernimstich gebrûk meitsje fan memes, algoritmen, foto’s en filmkes, gauris foarsjoen fan Ingelske ûndertitels, dêr’t mei besocht wurdt om in sa’n grut mooglik publyk te berikken.
Nije identitêre bewegingen as Erkenbrand – yn Flaanderen giet it om groepen as Schild en Vrienden – wurde skaaimerke troch in grutte set oan etno-nasjonalistyske tinkbylden: ‘eigen folk earst’, it primaat fan de saneamde kristlike ‘Leitkultur’, white supremacy, mei yn it ferlingde derfan in sterke anty-ymmigraasjepolityk en anty-islampolityk.
It wjerlûd fan dat nasjonalisme lit him sa út en troch ek yn Fryslân hearre. Giet it, mear yn it bysûnder, om de Fryske literatuer, dan lizze der âlde spoaren: by de desennia lâns soene guon skriuwers it etnysk-nasjonalisme in willich ear jaan.
Tradysjes litte har net samar oan kant skowe. Ferskillende Fryske Bewegers wolle harsels bygelyks yn de gemeentlike basisadministraasje registrearre litte as Fries, in foarm fan etnyske registraasje, sa’t de PVV dy in tal jierren ferlyn bepleite foar de Antilliaanske, Marokkaanske en Turkse mienskip yn ús lân..
Lykas sein, yn it polityk-kultureel slim ferdielde fjild is de dialooch essinsjeel. Yn dat ramt stiet ek de Surinaamsk-Fryske blomlêzing, dêr’t ik mei dwaande bin, in antology mei wurk fan Michaël Slory (1935), ien fan de grutste, noch libjende Surinaamske dichters.
De presintaasje fan dy blomlêzing moat in Surinaamsk-Fryske manifestaasje opleverje. In moai agindapunt foar de LF2018 as it om de legacy giet.
Leeuwarder Courant
Opinie
23 november 2018, s. 18
==
Dit stik is in justjes oanpaste ferzy fan de taspraak dy’t de dichter fan Fryslân holden hat by de manifestaasje (F)rede fan Fryslân, ferline moanne yn de Prinsetún yn Ljouwert. Snein 25 novimber docht Hettinga mei oan de ôfsluting fan it KH-jier en sil er syn gedicht ‘Europa – De Nammen’ foarlêze.
===
- Jan Ybema, “Het slavernijverleden werkt nog steeds door in het heden” – De Black Archives, weblog 11 oktober, 2018
- Eeltsje Hettinga, Nationalisme en Friese literatuur 2003-2018, weblog, 16 juni 2018.
- Eeltsje Hettinga, Bokman en de oerdonderjende lyryk fan Dean Bowen, 8 juny 2018.
- Eeltsje Hettinga, Een boek van wondere dingen – Amnesty-blomlêzing mei wrâldpoëzy, 1 maart, 2018.
- Eeltsje Hettinga, Alsof men alles loslaat, over de laatse bundel van Michaël Slory, 4 april 2018
- ‘In Dokkum had de politie alleen oog voor Zwarte Piet-tegenstanders’, NRC, 29 april 2018.
- Sander Warmerdam, ‘Groot Friesland,’ Leeuwarder Courant, 26 mei 2018
- ‘Zo wist het Friese anti-anti-Zwarte Piet-protest ‘dat gedoe uit de Randstad’ te weren, Volkskrant, 20 november 2017.