Eeltsje Hettinga nimt ôfskied as Dichter fan Fryslân (2017-2019)

(25-11) Alle abonnees fan de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad hawwe ferline wike as bylage de dichter fan Fryslân-krante yn ’e bus hân. Mei dy poëzykrante yn in oplage fan 77.000 tûzen stiks slút ik myn dichterskip fan Fryslân ôf.

Rûnom yn de provinsje is dyselde bylage fan hjoed ôf ek yn boekhannels en biblioteken te besetten. Dêryn in grutte seleksje fan gedichten dy’t ik de ôfrûne twa jier as earste dichter fan Fryslân skreaun ha. Dêrnjonken ynterviews mei sawol de geande as de kommende dichter fan Fryslân, Nyk de Vries. Fan herten lokwinske, Nyk. Om it mei Clapton te sizzen: let it grow.

Myn dichterskip fan Fryslân sit derop. ’t Hat west, it is. Hjirûnder it sjueryferslach fan de advyskommisje (Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga) dy’t yn opdracht fan de provinsje oer de opfolging fan de dichter fan Fryslân gear west hat.

 

 

Dichter fan Fryslân 2017-2019

Eeltsje Hettinga waard yn novimber 2017 beneamd ta earste Dichter fan Fryslân. As Dichter fan Frys- lân droech hy de ôfrûne twa jier soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân troch op in eigentiidske en tagonkli- ke wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike te- ma’s te fangen yn poëzij.

Yn dizze spesjale Dichter fan Fryslân-útjefte, dy’t as tabloid ek meistjoerd wurdt mei de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, lêze jo de gedichten dy’t Eeltsje Hettinga de ôfrûne twa jier as Dichter fan Fryslân skreau. Alle gedichten binne yn trije talen en yn fideofoardracht ek werom te finen op de webside www.dichterfanfryslan.nl en www.eeltsjehettinga.nl Elske Schotanus makke de Nederlânsktalige oersettingen, David Colmer die de Ingelsktalige oersettingen. De foardrachtsfideo’s by de gedichten binne makke troch kommunikaasjeburo De Totem yn Bilthoven.

Kolofon 

  • Redaksje en oersettingen – Eeltsje Hettinga, Elske Schotanus
  • Foto’s – Jacob van Essen, Reyer Boxem
  • Ynterviews – Marijke de Boer
  • www.dichterfanfryslan.nl www.eeltsjehettinga.nl

 

Eeltsje Hettinga nimt ôfskied as Dichter fan Fryslân

“IT AKTUELE OPTILLE TA POEZY”

Eeltsje Hettinga wie de alderearste Dichter fan Fryslân; yn 2017 waard er foar twa jier beneamd. Yn dy perioade skreau er alle moannen in gedicht. Soms nei oanlieding fan in Fryske aktualiteit, mar faker noch seach er oer (ynter)nasjonale grinzen hinne. Hy makke fersen nei oanlieding fan de oanslach yn Utrecht, in út in fleantúch fallen ferstekkeling, mar ek by it ferstjerren fan dichter Hessel Miedema en it fuortgean fan boargemaster Crone.

“It lot fan minsken ynteressearret my”, fertelt Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955). “Sa ha ik In ferdwinen skreaun, oer de jonge dy’t yn de Prinsetún yn Ljouwert ferdronk. Elkenien makke him soargen, wêr soe dy bêste jonge wêze? As Dichter fan Fryslân hast de taak om op aktuele foarfallen te reflekte- arjen, mar bringst it ek nei dysels werom. It is de keunst om de oanlieding net inkeld in anekdoate te litten, mar om it op ien of oare manier ta poëzy te bringen. Dêr sit de útdaging yn. En dêr moatst echt de tiid foar nimme. Moatst it optille ta poëzy, en sa dat der romte yn sit foar de oar, dat dy dêr ek de ferbylding yn hawwe kin. Dat is in essinsjeel elemint fan poëzy, wolst it persoanlik hâlde en tagelyk algemien jildich meitsje. Oer tsien jier moatst it fers noch lêze kinne.”

Flechtlingeproblematyk is in weromkommend tema yn syn dichterskip. “De wrâld is grutter as Fryslân, wy libje yn in globale wrâld, lêze allegearre it nijs. Oer ien dy’t yn in fleantúch krûpt, op syk nei in better libben en dan by Londen út it tastel donde- ret en neist in sinnebaaiend frommeske yn de tún delkomt. Ik fyn dat fan sa’n makabere ûnminsklike oangelegenheid, dêr ha ik Mortlake oer skreaun.” Dêrneist skreau er tal fan fersen oer klimaatferoaring, bygelyks It sonken Waad en yn Woede komt bygelyks syn ôfkear tsjin nasjonalisme oan ’e oar- der.

Yn syn engazjearre dichterskip neamt er trije dingen dy’t belangryk binne: gean dyn eigen paad, sis watst wolst en wês gjin ‘slippendrager’. “Hast in ferhâlding tsjinoer de dingen dy’tst om dy hinne sjochst en de frijheid om sizze te kinnen watst wolst, en dat getten yn poëzy.”

Syn dichterskip hie in drege start. Al rillegau nei syn beneaming rekke er yn it sikehûs fanwege hert- problemen. “Myn libben hong oan in siden triedsje, mar ik fielde in enoarme ferantwurdlikheid. Ik tocht, bliksem, ik moat der wol wat fan meitsje. Ik koe en woe it net ôfsizze.” Hy hie in wiidweidich plan skreaun oer wat er allegearre dwaan en ûndersykje woe. Ek de opskuor oer de beneamingsproseduere liet him net kâld. Al mei al hat dat foar syn sûnens – Hettinga kampt mei longemfyseem – net befoarderlik west.

Wat is de krêft fan poëzy?

“Poetry makes nothing happen sei de Ingelsk-Amerikaanske dichter W.H. Auden ris. Dêrmei bedoelt er datst net ûnder ideologyske druk stean moatst, net fan links en net fan rjochts. Sa ha ik dat ek altyd field.” Wat de krêft fan poëzy wêze kin, hat er bot fernommen nei’t er it fers ‘Malta – de opblaasde dei’ skreau, nei oanlieding fan de moard op sjoernaliste Daphne Caruana Galizia op Malta. Haadstêd Valletta wie in susterstêd fan ús Kulturele Haadstêd.

“It gedicht joech grutte beroering. Rûnom yn Europa waard it oppikt, mar yn Fryslân bleau it ‘oorverdovend stil’. Ut de ynstitúsjes wei waard neat sein.” Dêr wie er ferbjustere oer. “It gie om in streekrjochte oanfal op de parsefrijheid, in fûneminteel elemint fan de demokrasy. Dat rekket ús allegearre.”

Net earder as nei bemuoienis fan Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt waarden letter de bannen mei Malta ferbrutsen. “Dus poëzy kin wol wat úthelje.” De kwestje sjocht er as djiptepunt fan de ôfrûne twa jier. Hy hat der in soad oer skreaun. “Op in stuit bin ik dermei ophâlden, it gedicht hie syn wurk dien. Ik woe net ‘Mister Malta’ wurde, der is ek noch wat oars.”

Neist de fersen makke er ferskate útjeften yn it ramt fan syn Dichterskip fan Fryslân, lykas in – mei Elske Schotanus makke – bondel oersettingen fan de Russyske dichter Boris Ryzji, in kassette mei poëzy oer Kaspar Hauser de flechtling en wurk mei keunstner Christiaan Kuitwaard.

Oft er wurdearre is as Dichter fan Fryslân, kin er net bepale. “Dat moatte oaren mar sizze. Hoe wolst soks mjitte, oan it tal tomkes op Facebook? Ik ha myn dingen dien en elk kin dat neilêze op de web- side Dichter fan Fryslân of op myn eigen webside.” Hy skriuwt noch ien ôfslutend fers, dêrnei is er foarearst wol klear mei politike poëzy. Plannen hat er lykwols noch by de rûs.

Marijke de Boer