It dôve ear fan Hanno Brand en de Fryske Akademy

Ho tsjin de taalterreur fan de Fryske AkademyYn in kultuer dy’t iepen wêze wol, heart gjin sprekferbod thús. Dochs wie dat ferline jier it gefal, doe’t yn it sjapiter fan de staveringskwestje direkteur Hanno Brand fan de Fryske Akademy (FA) syn meiwurkers dat ferbod oplei. No’t de staveringswiziging sa goed as yn kalk en semint is – de Steaten sille der yn desimber definityf oer kedize – is de Akademy oan in grut pr-offensyf begûn.

Under oaren de NOS hapte ta en pakte út mei in grut nijsartikel “Spellingcheck in het Fries.” (11/10/14). Pieter Duijff, projektredakteur by de Akademy, docht dêryn it ferset tsjin de feroarings fan de staveringsrigels en de standerdisearring (standertwurdlist) ôf mei it sizzen dat “er wat discussie is geweest.”

LC-20130524-ZU01028002Cedin-meiwurker en ûnderwiisman Douwe Kootstra helle lêstenwyks itselde bagatellisearjende ‘grapke’ út, doe’t er yn it programma Bynt fan Omrop Fryslân op tige gewichtige wize mei in menisteleagen it publyk foarhold dat “it om mar in hiele lytse groep wittenskippers giet dat tsjin is.”

Gjin draachflak

Pieter Duijff en Douwe Kootstra – beide meitsje part út fan in lyts espeltsje ynstitúsjonele Fryske taalideologen – fytse mei in like bline as arrogante foarm fan taalterreur moedwillich foarby oan de werklikheid, yn dizzen de tsjinstân fan in groep fan mear as hûndert krityske wittenskippers, skriuwers, studinten Frysk en minsken út it ûnderwiis, de media en útjouwerij.

Yn in oprop oan Provinsjale Steaten hat dizze groep der mei klam op wiisd dat it yn april 2013 nommen beslút fan de Steaten om de Fryske Akademy troch gean te litten mei de staveringswiziging wittenskiplik min ûnderboud is en net basearre op serieus draachflakûndersyk. Under harren de heechleararen Nils Århammar, Philippus Breuker, Henry J. Baron, Germen de Haan, Siemon Reker en Goffe Jensma.

Yn it begeliedende brief by neamde oprop, in skriuwen dat mei-inoar troch 104 tsjinstanners ûndertekene waard [sj. de list ûnder it brief ], seit ien fan de arguminten tsjin de plannen fan de Akademy: “It Frysk hat al in kwetsbere posysje yn it ûnderwiis, fan beukerskoalle oant universiteit. Dêrby komt it Frysk as skriuwtaal hielendal oan ‘e krapperein. It ûnderwiis hat, wy wize dêr nochris op, ferlet fan rêst, fan stabiliteit, net fan ûnnedige, sels hiel ferkearde feroaringen!”

bynt2.jpgPropagandaslach

Yllustratyf foar de resinte propagandaslach fan de Fryske Akademy en de provinsje is it feit dat by de presintaasje fan de demo Taalweb Frysk [de staveringshifker], ferline wike op it provinsjehûs yn Ljouwert, gjinien fan de groep fan tsjinstanners troch de provinsje en/of Akademy útnoege wie. Lyksa kaam der yn it Omropprogramma Bynt, dat oer de staveringskwestje gie, gjin inkelde tsjinstanner oan it wurd, behalve dus in ynstitúsjonele apparatsjik.

Topdown

Wa’t yn it stik fan de kommunikaasje nei it fjild ta bygelyks de facebookpagina fan de Fryske Akademy acht slacht, sil fernimme dat it ynstitút fan Hanno Brand de lêste oardeljier mar ien wurd beuzige hat as it om de staveringswiziging gong: radiostilte.

Njonken it protestferbod foar de meiwurkers fan de Akademy reinde it oare, mear proseduerele skandalen. De troch de provinsje ynstelde kommisje-Bloemhoff dy’t de Akademyplannen neutraal hifkje moast, bliek de besmodske kant it neist, doe’t yn in letter stadium nei foaren kaam dat de foarsitter, Bloemhoff, as gastûndersiker by de Fryske Akademy ûnderdak hie.

Underwilens is it de groep fan mear as hûndert tsjinstanners net tastien om it nije Taalweb Frysk en de nije definitive standertwurdlist yn te sjen of oars te hifkjen. It iene en oar sil oant healwei desimber, as de Fryske Steaten oer de kwestje beslisse, geheim bliuwe.

Fierders is it noch altiten net dúdlik wat it draachflak foar de staveringswiziging is en wat de werklike kosten wêze sille dy’t mei de wiziging mank binne.

Al mei al giet it om in nuodlike kwestje, net yn it lêste plak fanwegen de soarchlike en behyplike demokratyske gong fan saken om de staveringswiziging hinne, yn syn soarte in typyske foarm fan rücksichtlose top-down polityk. Yn lannen as Timboektoe wol men dat soarte fan dead-end-street-polityk noch wolris tsjinkomme, mar elás, it Fryslân fan 2014 skammet him der ek net foar.

Sjoch ek: It taalferniel fan Hanno Brand en de Fryske Akademy, part II

foar en tsjinstannersw
Foar- en tsjinstanners fan de staveringswiziging. Fan links nei rjochts: Koen Eekma (AFUK), Henk Wolf (NHL), Anne Dijkstra (FA) en Goffe Jensma (RUG). “It ûnderwiis hat ferlet fan rêst, fan stabiliteit, net fan ûnnedige, sels hiel ferkearde feroaringen!”