Anne Feddema en de wille fan de taal dy’t muzyk is
(24-03--21) Fan skriuwer-dichter, muzikant en byldzjend keunstner Anne Feddema ferskynde ferline simmer de twatalige blomlêzing Lippebiter fan L., in kar út syn earste fjouwer bondels dêr’t ûnder deselde titel as de blomlêzing twaentritich nije fersen oan tafoege binne. Syn oan Dada besibbe poëzy is in feest, in wûnder fan muzyk, taal en byld.
It each fan Feddema draacht de iepen blik fan in him ferwûnderjend bern. Syn wurk is net sûnder humor, linet de absurdistyske kant oer, hat bytiden de trekken fan nonsenspoëzy en lit sjen en hearre wat taalwille en taalmuzyk wêze kin.
Oer dat lêste seit Feddema yn in petear mei dichter-essayist Martin Reints, dat as ynlieding yn de blomlêzing opnommen is: ‘De grûntoan is de muzyk. Dy rint der hieltyd ûndertroch, en dêroerhinne komme dyn ymprovisaasjes.’
Nim bygelyks it gedicht ‘Autopsy op dy Uljanov’ (s. 29). It binne de ymperatyf stelde earste rigels, de assonânsjes mei de û-, a- en i-lûden plus de strakke ritmen dy’t it fers – in kolderike smeek- en leafdesbea – ta muzyk meitsje.
Autopsy op dy Oeljanov
Krûpmyoan
Krûpskaja ja
Hâld myn hân
Rattelje mei
Myn bloedfetten
Lit my merkbite
datst fan my hâldst
Ach, hoe nuver haw ik
Oan dit libben lutsen
Dy tiid, dat ikoanen
Floeiend Russysk sprutsen
Ik sis neat mear
Ik nim dy mei
Draach dy nei
In leafdesfjild
Under myn himel
Fan revolusjonêre sellen
Yn formaline
Sil Vladymirdy
Beminne
Njonken de absurdistyske wurken fan de Russyske dichters Daniil Charms en Velimir Chlebnikow is der yn de poëzy fan Feddema ek it wjerlûd fan it klankfersewurk fan de dadaïst Kurt Schwitters, fan wa’t de dichter oait it ferneamde ‘An Anna Blume’ ferfryske ta ‘Anna Blomke’.
Oh do, leafste fan myn 27 sinnen, ik leavje dy!
Do, dinent, dy, dyn, ik dy, do my, – wy?’
Dat heart hjir oars net thús!’
(…)
Witst it Anna, witst it al,
Men kin dy ek fan efteren lêze.
En do, do hearlikste fan allegear,
Do bist fan efteren, as fan foaren:
A-N-N-A.
Kowefet dripket AAIEPOES oer myn rêch.
Anna Blomke,
Do drippend bist,
Ik – leavje – Dy!
Feddema syn earesalút oan it wurk fan Schwitters is it hilaryske en wilens klassike gedicht ‘Foar Kurt Schwitters’ út de debútbondel Slapstickiepenbierings (1997):
Troch de perspektyfwikselingen wurdt der, moai fleurich, mei ferskillende identiteiten omgûchele. Hoe aktueel foar wa’t wit dat it gedicht skreaun is fier foar it hjoeddeiske debat oer gender en de identiteitskwestje.
Gauris makket de dichter gebrûk fan tsjinstellingen, omkearings en werhellings. Se binne mar in part fan syn fernimstige, faak op klank, ritme en byld driuwende taalspullen.
Dêr hearre ek hiele tritsen nijfoarmingen by. Dy geane fan ‘deawinkwegen’, ‘túntommeltsjuster’, ‘ljochtljedders’, ‘boeretoskeplaquetosken’ oant en mei de titel ‘lippebiter’.
spoaren
Binnen de Fryske literatuer falt Anne Feddema syn poëzy yn it spoar fan in skriuwer-dichter en skilder as R.R. van der Leest (1933), dy’t mei bondels as Boartersbûkje 1909 en sextich en Wyn en fearren ien fan dejingen wie dy’t besocht om, al ekspermintearjend, de muorren tusken literatuer, keunst en muzyk del te heljen.
Ek lit it wurk tinke oan de taalhealwizichheden fan it Sizzenskiplik Wurkferbân, ek wol neamd ‘it taalselskip foar de noardlike Earder- en Letterkundigenferienheden Lieksa Blieksa Moatsa Hassa Wêzena’ fan de dichters Binne L. Boarnstra en Tsjêbbe Hettinga.
De betsjutting yn harren nonsenspoëzy komt net sasear ta stân op grûn fan in foaropset idee, mar is mear de resultante fan alderlei klank- en byldassosjaasjes en oare taalboarterijen. It is in wûnder, in wûnder fan fermaaklikens en suver taalplezier wat Feddema op dat terrein útheeft.
Ien fan de grutte hoemannichte foarbylden datoangeande is ‘Mao, hoe giet it mei jo?’ út de bondel Torpedo’s los (s. 109), in gedicht dat troch syn sprektalige en teatrale ynslach oer alle boegen syn gerak krijt bywannear’t it troch de dichter sels foardroegen wurdt.
Mao, hoe giet it mei jo?
Is it Mao? Mao syn Dong?
Nee, ’t is Mao, Mao Zedong
Syn tong? Nee, Zedong
In kleurich minske
Dat is wis wis wier
Mei syn reade boekje
Aldergelokskoekje
Hoi Sin holle mei syn
Swart hier kliemsk prúkje
Mei Wah bleek Bao Pao búkje
Yn ’e Yangtze
Laket hy syn grutte griene
Boeretoskeplaquetosken bleat
Yn ’e rivier
Yn ’e sleat
Nei de jonge boerefroulju
Nei de Foe Yong Aaifandelerfankes
Wol hûndert kear rôlet
Hy mei syn
Tûzenjierrige Sechuan sek
Grutte geile giele roerbakker
Reade piperkakker
KUL turele revolúsje
KUL turele revelaasje
Hoi Min Sin bargespek
It lit Mao blaublau
Ni Hao as wetter sa gau
Mao miicht yn ’e rivier
De grutte giele rivier.
Skilders, dichters, filmstjerren, diktators en komponisten – de nammen Mao, Bach, Brueghel, Listz, Rilke, Goethe, Mozart, Clint Eastwood, Charlie Chaplin, Picasso, Schwitters oant en mei James Ensor – kuierje troch Feddema’s poëtysk universum.
Mei syn politike en keunsthistoaryske referinsjes makket er op ymplisite wize de grinzen tusken literatuer, byldzjende keunst en muzyk floeiber. Net selden binne se in oanlieding ta syn as frij fers brochte muzyk- en fertelminiatueren.
Mei it each op it dadaïstyske en nonsensachtige karakter fan Feddema syn poëzy kinne de frije, koartrigele gedichten ek sjoen wurde as in foarm fan ferset tsjin oarder en totaliteit.
Great Dickator
Kat fan buorjonge
Hat och heden
In Hitlersnorke
Mar wêrom gjin
Charlie Chaplinsnorke?
Komike kat yn it
Brike fan in sitewaasje
Sa as lêsten ris op in dei:
Kat siet yn ús tún mei
Poat omheech en in hiel
Mûzefolk defilearre foarby.
Wa’t fan betinken is dat Anne Feddema ûnbegryplike poëzy skriuwt, dy hat net allinnich in minne noas foar de humor yn syn taal- en fertelminiatueren, mar ek in min begryp foar it feit dat ûnsin op himsels ek sin hat.
By alle taalwille yn de twatalige, twahûndertfyftich siden tsjokke blomlêzing is in inkelde flauwiteit de dichter al gau ferjûn, lykas de sloppe anekdoate oer pake en syn gebyt yn it fers ‘1970’.
dreamekspresjonisme
De gedichten yn it skift ‘Lippebiter fan L.’ binne foar in part de wjerslach fan alderhande (taal)aventoeren yn Spanje, Dútslân en it Eastblok (Warschau). Foarop stean lykwols de fersen oer de dichter syn jeugd, mei ûnder mear de herinnering oan it jonkje dat oare bern yn de lippen byt oant er op in dei sels yn de lippe biten wurdt. ’Doe wie it klear.’ (s. 145).
Dêrnjonken figurearje yn de fersen de stêd L. en de dichter syn thús en tún, ûnderwerpen dy’t har al mei al werombringe litte ta twa wichtige tema’s: natuer en taal, of sa’t it yn ‘Dipsacus fullonum’ (s. 203) hjit:
(…)
Ik stek troch it sterke blêd
Fyn wiet de boarne
Drink, de toarst ferslein
Blomkjende wurden
Yn droege grûn woartele
Myn fruchtber wêzen
Ik sletten wurdlid
Ek binne de fersen yn ‘Lippebiter fan L.’ bytiden in slach lyrysker as yn it eardere wurk. Weemoed meitsjend is it gedicht ‘Giel liet’ (s. 209), in weromtinken oan in ferstoarne freon: ‘Iere maitiid / Klyster sjongt / Yn dyn tún / begeliedet it / Hiel giele liet / Fan ’e forsythia // Freon, do bist / al wer in goed / jier fuort.’
De dichter stiet foar de wente fan syn ferstoarne maat , stelt him foar as wie dy gewoan thús: ‘Ik sil oanbelje / Dochsto iepen / Rôlje ivich / Beddeguod / Út ’e wei / Hearst my … Hearst de klyster net? // It is hast Peaske / Stean no ris op man.’
Dat soarte iroanyske ferwizings nei religieuze figueren, ferhalen en feesten binne der by Feddema wol mear te finen, bygelyks yn it fers ‘Dea de Tibidabo do’ (s. 187). It lyrysk subjekt lit in do omhegen fleane om te sjen hoe’t it dêr ûnder Him yn it attraksjepark Tibidabo oan de râne fan Barcelona om en ta giet.
(…)
Meters … sint…mili…
Heger en der dan
Equilikrist balansearjend
Yn Tibidadoloft meie
De Heare-earms
Jo seinigje, och earme
Derûnder, Barcelona
Dêr’t it folk ompankoeket
Last but not least, de fersen yn Lippebiter fan L. slute ta in hichte ek oan by in singelier soarte fan dreamekspresjonisme fan Anne Feddema de skilder. It gedicht ‘Ekspresjonist’ (s. 179) kin fan datoangeande beskôge wurde as in lytse poëtika. ‘Ik skildere mysels / Yn in dream / By skimerljocht / Ik song / Mei sterk hert / De juste toan. Ik wie jong’.
© Eeltsje Hettinga, maart 2021