Bartle Laverman (1948-2020) – ‘as fuortgean bliuwen is, dan komt alles goed!’

(12-05) ‘as fuortgean / in soarte fan bliuwen is / dan sil ik de siken / wêze dêrt’stû nei gappest / de geile knop / dy’t út it beamhout spat / de fûle eagen fan de wikel / / de kleuren fan de jûnsloft / in buike op in hite dei / it hege roppen fan de guozzen / riedsel sûnder namme…’

Sa begjint ien fan de moaiste fersen út it oeuvre fan de freed ferstoarne dichter en skilder Bartle Laverman. Nei oanlieding fan syn hinnegean in lytse skôging oer fyftich jier dichterskip.

Bartle Laverman (1948-2020)

 

De lêste kear dat ik him prate, wie by de iepening fan de útstalling ‘Fighting time with marble’ fan byldhouster Eja Siepman van den Berg yn Beetstersweach. Mei in glês wyn yn de hân skode  Laverman, hoeden, stapke foar stapke, yn syn lange, swarte jas, de galery troch, djip yn it antike, grize burd, opnimstich om him hinne sjend.

By de fraach wat er fan it wurk fan Siepman van den Berg fûn, kaam er mei dat skaaimerkjende Fryske understatemint. ‘Ja, moai, koe minder.’ Dat soarte fan stylfigueren, yn it bysûnder dy fan de irony wie ek ien fan de skaaimerken fan Laverman syn poëzy.

it ienfâldige wurd

Hy wie de relativearjende observator, de dichter fan it keale, minimale wurd. Barokke, eksuberante taal wie net oan him bestege. Fandatoangeande wie er, faaks ek mei troch it grifformearde miljeu dêr’t er yn grutbrocht waard, in kalvinist.

Letteroan krige de foarkar foar it ienfâldige en sobere wurd syn poëtikale fertaling yn it sizzen fan de Eastenryks-Britske filosoof Wittgenstein – ‘Dêr’t men neat oer sizze kin, dêr moat men net oer prate’, in adagium dat in goed útgongspunt is foar wa’t Bartle Lavermans poëzy lêst.

Nei foarm binne syn sprektalige fersen frij en rymleas. Ynterpunksje en it brûken fan haadletters is dizze poëzy fierhinne frjemd. Alles liket by Laverman foarmleas, al makket de dichter wol deeglik gebrûk, faak hiel tûk, fan technyske saken as stêfrym en assonânsje.

Sjoch fandatoangeande in gedicht as ‘Grins-Ljouwert’ út de trijetalige blomlêzing Gjin grinzen de reis (2004) of it ûnder dizze skôging ôfprinte gedicht ‘dan komt alles wer goed’.

Mar lykas by dichters as Steven de Jong, Jelle de Jong, Jan. J. Bylsma en Trinus Riemersma, dy’t harren woartels yn de parlandopoëzy fan de jierren fyftich en sechtich hawwe, leit ék Bartle Laverman de klam mear op de ynhâld as op de foarm. De dichter moat it benammen hawwe fan stim en toan.

Grins-Ljouwert

as de buien de put der efen út ha
en it ljocht oerdwealsk
har op it grienlân goait
en dû by gryptsjerk
de bargen bûten rinnen sjochst
blau fan ‘e blabze
wylst it wâldsk
de trein fol sjongt:
got o got, dû soest wer leauwe wolle
de groun tútsje
en begripend glimkje
of rêstich breidzje
tiktik tiktak
mar smjunten oan ‘e lauwers!
en dy reinbôge boppe fiskfliet!
.

Bartle Laverman studearre nei de kristlike kweekskoalle yn Snits pedagogyk en filosofy yn Grins. Hy wie fan doel om te promovearjen op it wurk fan Wittgenstein. Dat gyng net troch fanwegen gedonder mei syn profesoaren.

Bartle Laverman en Hannie Kamstra

It proefskriftskriuwen soe der ek letter net mear fan komme, te drok besteld as er rekke mei syn baan as dosint filosofy oan keunstakademy Minerva en net te ferjitten mei syn wurk as biologyske boer op syn pleats mei in pear hektare lân en tún oan de Griene Dyk by Offingawier, fuort ûnder de Snitsermar.

arkadysk

Yn syn kweekskoalletiid yn Snits luts er op mei in groep jonge, ek ta ûnderwizer learende dichters en tekeners. Under harren Tsjêbbe Hettinga (1949-2013), Binne Lútsen Boarnstra (1946-2011), Jelle Kaspersma (1948-20019), Anne de Vries en Hiske Rypma.

Laverman debutearre yn 1969 mei de bondel It freeslik feest, yllustrearre mei pintekeningen fan Anne de Vries. Twa jier earder hie er syn debút makke mei in koart ferhaal yn it jongereinnûmer fan it literêre tydskrift De Tsjerne.

It jier dêrnei publisearre er yn datselde tydskrift syn earste fersen ûnder de namme Barthle J. Laverman.

de tûzendjierrige
fjûrmakker
bûgt syn rêch
en follet de aeiskalen
mei baernende wyn

de hoasjende god
wachtet

Benammen yn it betide wurk is der sprake fan in arkadysk en mytysk soarte fan lânskipspoëzy, miskien wol it meast pregnant yn Skimerlânskippen (1975).

Ut: Skimerslânskippen, s.22

It ierdske en deistige libben, de natuer en it lânskip meitsje ek by de lettere Laverman de ynhâld. It wurk sels is realistysk, mei hjir en dêr bytiden in surreële trek.

Fierders is der mannich fers oer syn ferhâlding, of leaver sein syn haat-leafdeferhâlding mei Fryslân. Yn de bondel Alles komt wer goed (2004) stekt de dichter de gek mei de alderhande nasjonaal Fryske sentiminten by it evenemint Simmer 2000, doe’t tûzenen Friezen om utens werom nei Fryslân, it heitelân, kamen. It waard him net troch elkenien yn tank ôfnommen.

Ek de Fryske skriuwerij is gauris ûnderwerp fan spot. Yn it spoar fan Riemersma en de lettere Hessel Miedema hat Laverman bytiden fiks de gek mei de Fryske literatuer, lykas yn it gedicht ‘spyt’.

spyt

moatst in soad
oer dy komme litte
ast dy yn ‘e fryske skriuwerij
bejoust:
in piter dy’t by de Stien sprekt
ôfgryslik flitsende perfesters frysk
dy’t nei dizze rigel
al wer lilk op dy binne
(…)

Oan it hegere, it metafysyske hat de dichter gjin boadskip. Synysk, ironysk en gauris bitter sarkastysk set er it yn de kant tsjin it kristendom, benammen yn de bondel Kophimmelje (2001).

Omkeard evenredich oan alle tiraden tsjin it kristendom binne de dichter syn lofsangen op de natuer. Hast yn al syn wurk bespilet er de dialektyk tusken de paradyslike en faak hedonistysk belibbe natuer en de natuer dy’t him sjen lit as ûnmeilydsum wreed en katastrofaal.

En ek al is de dichter Laverman op ’e hichte mei it kristlike gebod: Gij zult niet doden, hy ûnderkent syn eigen wredens as er witte lit dat er bygelyks miggen deaslein hat, hinnen nei de poelier brocht hat, kij nei de slachter stjoerd, ensfh. De natuerwetten binne no ienkear net Gods wetten, of sa’t de Laverman it yn Kophimmelje seit:

om te libjen
moat ik deadzje
ik kin dus gjin kristen wêze

By de tema’s fan natuer, taal, lânskip, ateïsme, foarsafier’t it al gjin panteïsme is, foeget him geandewei de jierren de keunst. Lykas yn de bondel Dêr’t de ko him deljout is der in beskate hope op in wize fan wêzen en bestean –- een Zijn – yn en mei de natuer, en soks troch de keunst.

Hoe hurd de dichter it mooglik ek ûntkenne soe, by al syn ôfkear fan religy is it de keunst sels dy’t yn in bondel as Dêr’t de ko him deljout (2006) ûnwillekeurich in religieuze konnotaasje meijûn is, al wie it mar omreden fan it skriuwen oer in wachtsjen op de mooglike komst fan ‘in Thom Mercuur’ of, sa’t it yn de lêste strofe fan it gedicht ‘Gau’ hjit:

(faaks wennet er yn in petgat no,
potlead yn ’e knûst
wachtsjend
op in Thom Mercuur)
.

Bartle Laverman ‘Oikos’

Laverman wie in dûbeltalint, in dichter dy’t ek skildere. Doeken mei tommeljende perspektiven, nayf delsette figueren, dieren, lânskippen en ynterieurs dy’t sa út en troch eksposearre waarden, beselskippe fan wûnderlike titels as ‘Is der ek Fryske ferbylding’ of ‘De Schopenhauerblues.’

Oft it no om galery Bax Kunst yn Snits gie, melklokaal op It Hearrenfean of de Projectruimte Hoofdstraat 17 op Beetstersweach, gjin iepening of Bartle Laverman wie der by. Yn lêstneamde galery die er yn 2018 mei it oan it projekt Tabula Rasa / Skjin Laai.

Op basis fan it tema leechte skreaune achttjin dichters poëzy by it wurk fan santjin byldzjend keunstners. Laverman waard oan it wurk fan kalligrafe Baukje Scheppink keppele en kaam mei it yn trije talen oersette gedicht ‘QED’ nei foaren.

Eksimplarysk foarbyld fan Trinus Riemersma syn poëtikale sizzen: ‘ik sis net mear as ik wiermeitsje kin’ is dit  ‘QED’-gedicht, dat ek yn foarmtechnyske sin in moai fernimstich en humoristysk ûnderstreekjen is fan syn eigen tematyk, sa’t er dy by de jierren lâns delset hat.

QED

guon wol ha
de romte tusken de wurden
der wennet de Leechte
marsamaklik
lititûneinigegeharnetferrifelje!!

guon sizze
yn it alderearste Begjin
wie der it Wurd
út it Alles of it Neat
waaide samar dat Wurd
en it Wurd makke de dingen

oaren miene
it Wurd is sels in ding
en ja hear
bij mij is it in klank of foarm
ik tink
dat Wij de Leechte
ek Alles of Neat
neame meie
of God
of de Dea

in oare kear
sûnder haadletters

 

Eeltsje Hettinga, 12 maaie 2020

 

dan komt alles goed

as fuortgean
in soarte fan bliuwen is
dan sil ik de siken
wêze dêrt’sto nei gappest
de geile knop
dy’t út it beamhout spat
de fûle eagen fan de wikel

de kleuren fan de jûnsloft
in buike op in hite dei
it hege roppen fan de guozzen
riedsel sûnder namme

as fuortgean
bliuwen is
hoechst net te razen
go gentle
ik bin de nacht
de frieskjeld
dy’t dyn wangen waarmet
de damp dêr’tst yn ferdwaalst
de ûle yn ‘e wylch

azemst my yn
rûkst my
ik bin de triennen
yn dyn eagen

as fuortgean bliuwen is,
dan komt alles goed!

Ut: Alles komt wer goed
Koperative Utjowerij, 2004, s. 35.

KADER

[Ut: Gjin grinzen, de reis / Geen grenzen, de reis / No borders, no voyage, 2004, s. 95-96. Eeltsje Hettinga, Elske Schotanus.]

Bartle Laverman (1948) manifestearret him yn syn ferrifeljend ienfâldich wurk as in skerp notearjende kronykskriuwer fan in boerelân yn feroaring, sûnder te ferfallen yn de romantyske nostalgy fan de tiden foardat ‘God út Jorwert’ ferdwûn.

De dichter lit him fergelykje mei John Berger, de Britske kritikus en skriuwer fan it ferneamde Ways of Seeing, dy’t him weromluts yn de Frânsk-Switserske Alpen dêr’t er yn de besnijing fan it âlde, tradisjonele bestean fan de berchbewenners boer waard en dêr ek oer skreau.

Net om ’e nocht dat de dichter yn ien fan syn fersen útropt: ‘Wat miicht dyn boer mei mânske straal / syn brune jarre (…) It sil de lêzer om dy reden net fernuverje dat in blomlêzing út syn oeuvre de titel Boerefersen 1994-1969 meikrige.

Laverman wie mei Adri van Heijm en Trinus Riemersma ien fan de skriuwers, dy’t begjin jierren santich yn it tydskrift Trotwaer de metoade fan de struktueranalyze yntrodusearren, dy téoretysk ferantwurden en dêrmei de Fryske roman te liif giene.

Ek hold er him dwaande mei it wurk fan Ludwig Wittgenstein, waans ynfloed foar in part de styl fan Laverman syn wurk skaaimerket: kaart, klear en skynber ienfâldich.

Lykas in soad oare Fryske dichters publisearre Laverman geregeldwei yn it Nederlânsk, û.m. yn Hollands Maandblad.