De finsterkonferinsjes – ‘People in the sun’ – Stânbylden yn ’e sinne

ehc4

(05-04) STANBYLDEN YN ’E SINNE –

 

‘People in the sun’ – Edward Hopper

As op ’e earste rige yn de bioskoop
sjogge wy, rjochtop yn ’e stoel op it terras
de ferlitten flakte oer, blau metalen
heuvellân en ûnmeilydsume fierte.
Klanken fan Debussy kringelje tin as
reek oer it omtrint ferwylge tún.
Under it bonkehurde ljocht boppe
Four Acres Hill is ús it útsjoch tombe.
Gjin kop dy’t wat seit of it moast wêze
de stilte dy’t alles ferpulveret.

It tsjinsterke fan Haïti hinget wat
yn ’e doar, lakket har de neilen foar in letter,
in faaks. Stânbylden allyk sitte wy
yn de sinne, it each strak op ’e himel,
sa’t romte ek ús stiet op te nimmen?
Tsjuster skoot it skaad fan de heuvels
de flakte oer, oant de jûn ta jiske
komt te ferskimerjen. Lûden
yn it strewel risselje en lústerje faaie
mearkes út de ûnderwâlen fan it hert.

Elkenien swijt, allinnich, fersonken
yn himsels, tewyl krûpt stilte ús
as modder yn ’e mûlholten om.
Achter Stella’s stoel besykje ik my noch
in takomst te lêzen út de deaplakken
op har bleate famkeshûd. As yn in stil
libben sitte wy fêst, finzen yn de list
fan ús kȃlde sels. Bill snoarket as in baarch,
Charles leit wat yn himsels te praten,
Stella sil al in ivichheid in trui oandwaan.

.©Eeltsje Hettinga

 

DE FINSTERKONFERINSJES (1)  

Mear as oait moast ik by it sinneskynwaar fan juster tinke oan it skilderij People in the sun fan Edward Hopper. De blau metalen himel, it koele ljocht en  libbens omtrint ta stânbyld beferzen.

Ek al lykje de ferskillende figueren op it skilderij alle útsicht te hawwen, winliken is der oars net as de blik nei binnen, in skôgjen fan it eigen sels. Ien figuer nimt in ôfwikende posysje yn, is ferdjippe yn in boek en sjocht, oer sjen praat, foarby oan de lege fierten. Der is in swijen dat allessizzend is. Leechte en ôfwêzigens beskiede yn dit doek it horror vacui fan ’e Tiid.

Hopper is de skilder dy’t my altyd dierber west hat. Syn wurk seach ik foar it earst yn it Whitney Museum yn New York, krekt fiifentweintich jier ferlyn. In skok. De gruttens fan de doeken, de tsjokke, hast rûch opbrochte fervelagen, mar foaral ek it ferskil yn kleuren, koartsein, in gehiel dat raar en frjemd kontrastearre mei wat ik kende út de ferskillende Hopper-katalogy dy’t ik by de jierren lâns garre hie.

Undertusken betink ik my achter yn it tún, allinnich yn in stadich toaljende sinne hoe’t in Steat noch krekt net in steat fan belis ôfkundige hat, mei in ferplicht húsarrest, in delskroevjen fan in frij gean en stean, ferbodsbepalingen dy’t langeroan beselskippe wurde troch surveillânses fia drones fan strannen oan de kust, fan parken en pleinen yn de stêden en fan ferkear en beweech op sneldiken, rivieren en marren.

totalitêre technosteat

Yn it ferlingde fan alle oerheidsrestriksjes wankt wilens it oare firus: ynstânsjes sûnder gesicht dy’t jins telefoans, kompjûters en alderlei oare digitale apparatuer nei te rinnen komme.

Wurde dat soarte fan (need)maatregels yn Europa de opmaat ta in ûnderwrotten fan de demokratyske rjochtssteat? En wat wurde de sanksjes as de technologyske kontrôlediktatuer, sa’t dy bygelyks yn Sina bestiet syn beslach krijt? Strafkampen, sa’t de keunstner Ai Weiwei jierren ferlyn foarsei?

Sina is al langer as hjoed dwaande mei de opset en útbou fan in sosjaal kredytsysteem mei drones en apps dy’t jin bygelyks ferplichtsje om jins temperatuer mjitte te litten en dy troch te jaan. Wa’t dat net wol, kriget op grûn fan ‘net oanpast gedrach’ strafpunten.

Dat soarte punten wurde by bosken útdield as men by it oerstekken fan in ienfâldich sebrapaad troch read rint of as men syn belêstings net op tiid betellet of as men, rinnend yn it park, de hûn net goed oan de riem hat. Wa’t dan bygelyks mei de hege snelheidstrein in reis te dwaan hat, fierderop yn Sina, mar in te lege skoare yn it sosjale kredytsysteem hat, dy kin nei de moanne rinne, want krijt de reis net gund.

De Hopperkatalogus leit oer de tegels, de side op Sun in an empty room. Ik sjoch hoe’t de hortinsje by de bûtenmuorre út ‘e knoppen barst, it jûnsrea oer de stêd krûpt en hear letteroan yn it skimer it ratteljende lûd fan in helikopter oer de Potmarge. (©EH.)

‘Sun in an Empty Room’, 1963 – Edward Hopper

.