Swij do, swij..! Ai Weiwei (2)

Marble arm (tentoanstelling Fuck Off 2, Ai Weiwei) – Oan de baas en it fee

 

foar Ai Weiwei – 

Swij do, swij, Ai Weiwei, swij! Sis my wa skonk dy it frij en
lit dyn heit, de oerheid, de bleate kont fan ‘e keunst sjen?
Wat bakte dy it rjocht en stek mei harpij, sloery en lods
in tsjokke middelfinger op nei wa’tsto mei al dyn keunsten
neamd hast dyn dwingelandij? Tink net, Wei, dyn wurd
seit Wierheid? Al watsto sjen litste, is oars net as mishipte
dekadinte smearlapperij! Harkje ris, wy hawwe it Goede
mei dy foar! Mar wolsto net omlyk, ay, wy pakke dy op,
brekke dy alle blikseme bonken! Of wolsto aanst in baan
as skjinmakker fan skythokken yn kampen op ‘e blauwe
flakten fan Mongoalje? Nee, swij do, swij, Ai Weiwei, swij!
Net hasto it rjocht en sis watsto tinkst, skriuwst en dochst!
.

©Wang-Hu
.

Sjoch ek:

.