De Friese identiteit bestaat niet – De Fryske identiteit bestiet net

11 de lampe
Nederlandse vertaling van dit artikel, klik foto.

Yn it sok fan it maatskiplike debat oer kultuer en identiteit dat rûnom yn Europa fierd wurdt, is yn Fryslân ek in ferlet te fernimmen fan in weroriïntaasje op it begryp Fryske identiteit. Keunsthistoarikus Huub Mous en Pieter Breuker, dosint Frysk oan de RUG yn Grins en keats- en sporthistoarikus [ûnderwilens emearitus] smite dêr yn in fraachgesprek mei Eeltsje Hettinga har ljocht.

Breuker kiest foar dynamyk en fernijing. “‘It ôfwizen fan it oare en it nije en it behâlden en it oerbeskermjen fan it ‘eigene’ betsjut in stadige kulturele dea. Belangriker is de wil en it fermogen om de konfrontaasje mei oare kulturele ynfloeden oan te gean en dy op in fitale manier yn de kultuer op te nimmen.’ Mous wol hawwe dat troch ‘een proces van fundamentalisering’ de taal ta it hert fan de kultuer makke is, wylst dat yn 1945 folle minder it gefal wie. ‘Vanuit een erg defensieve houding schuift men de taal naar voren als zou dat letterlijk de essentie van de identiteit zijn.”

van gogh19/11 Theo van Gogh

De hiele diskusje oer kulturele identiteit spilet ek tsjin de eftergrûn fan in hurd globalisearjende wrâld, mei alle yntegraasje fan ekonomyen en kultueren dy’t dêrby heart. Wat dat betsjut, is op mikroskaal werom te finen yn Hoe God verdween uit Jorwerd. Dêryn beskriuwt Geert Mak hoe’t troch de skaalfergrutting yn de lânbou en de rasjonalisaasje fan produksjemetoaden in typyske plattelânsmienskip, yn dit gefal it doarp Jorwert, stadichoan syn beslettenens ferliest, in proses dat foar net omkearbere feroarings soarget, sawol op it terrein fan de religy, de kultuer as fan de taal.

Jorwert is yn dizzen eksimplarysk foar de ûntjouwing fan it plattelân yn de rest fan Fryslân. Oft men dêrby fan ferlies of feroaring prate moat, soks respektivelik yn de nostalgyske of de progressive sin fan it wurd, is slim te sizzen. It wjerspegelet ta in hichte al de spanning by it sykjen nei in antwurd op de fraach: Hokfoar kant moat it op yn in kulturele (minderheids)sitewaasje wêrby’t men, nêst de gefolgen fan in globalisearjende wrâld, fan âlds te krijen hân hat mei in yn macht en status dominante Nederlânsktalige kultuer en hokfoar konsekwinsjes hat it ien en oar (hân) foar de Fryske kultuer en identiteit? 

Konstruksje

hanskrift Eeltsje Halbertsma1
Hânskrift Eeltsje Halbertsma (1797-1858)

Huub Mous: ‘Wat mij intrigeert, dat is de verandering en ervaring van het begrip Friese identiteit. Bij mijn onderzoek naar de ontwikkelingen van de naoorlogse beeldende kunst in Friesland [Mous skreau dêroer it boek De kleur van Friesland, e.h.] blijkt dat hetgeen in 1945 onder Friese identiteit werd verstaan niet hetzelfde was als nu. Het gaat, en dat was niet typisch Fries, om het bewustzijn van een gewestelijke cultuur. Er bestond een streven naar het bewaren van iets authentieks dat een wapen moest zijn tegenover de oprukkende moderniteit en verstedelijking. Die door de romantiek gevoede tegenstelling tussen de agrarisch gewestelijke cultuur en de moderniteit, is in zestig jaar tijd weggevaagd. Immers, de tweede grote industrialisatiegolf heeft ook Friesland allang bereikt. Het bewustzijn van de gewestelijke cultuur is verdwenen. Ik bedoel, taal is maar een aspect van de cultuur. Destijds was er ook de beeldende kunst, het volksdansen, noem maar op. Mensen zijn dat vergeten. Er is sprake van een enorm geheugenverlies. De identiteit is, anno 2007, iets zeer kunstmatigs. Men is bezig met een soort fundamentalisering. Ook in 1945 was de taal belangrijk, maar niet op de exclusieve manier zoals nu.’

Breuker: ‘Dat is in ieu letter noch sa. Foar my is de aardichheid fan it Frysk dat dy taal funksjonearret en soks dwaan kin op sa’n natuerlik mooglike manier. Dat betjut dat je dêryn folop prate en skriuwe. It betsjut lykwols net dat jo je dea stoarje op taalfoarmen as sadanich, bygelyks troch foar dy taalfoarmen te kiezen dy’t sa fier mooglik fan de Nederlânske taal ôfsteane om dêrmei op it unike en it bysûndere fan it Frysk te wizen. Ik haw dat destiids yn myn proefskrift foarmfetisjisme neamd. Yn sa’n sitewaasje krijst tefolle in keunsttaal, in taal dy’t hieltyd mear fan dy fan ‘de gewoane man’ ôfwykt. By dy saneamde taaldistansjearring – it tiidwurd ‘út ein sette’ soe yn dy opfetting better wêze as ‘begjinne’ omdat it fierder fan it Nederlânsk ôf stiet – giet it net mear om de ynhâld mar suver om de foarm.’

Benner3 Landschap
Gerrit Benner – Landschap

Mous: ‘Ja, dat zijn vormen van formalisme zonder levende context. Niet alleen in de taal, maar ook in de beeldende kunst in Friesland zie je dat. Er is sprake van een constructiemechanisme. Dingen die mogelijk verschillend zouden kunnen zijn aan wat zich elders manifesteert, – laten we niet vergeten dat identiteit niet over essenties gaat maar over verschillen – die worden zowel buiten als binnen Friesland herkend als, hé, dat is typisch Fries. En dat is raar. ”Er wordt geïdealiseerd, ook buiten Friesland. Kijk naar de wording van het fenomeen Benner. Het zijn de grote critici buiten Friesland die in de jaren vijftig het fenomeen Benner construeren, meer nog dan Friese kunstcritici als Kools [Eduard Kools wie yn de jierren fyftich en sechstich keunstkritikus by de Ljouwerter Krante. e.h.] dat deden. Het gaat dus om een spiegelbeeldig constructie-mechanisme. Concreet, het beeld van het primitieve en het authentieke. Als dat succesvol blijkt, is het moeilijk om je daaraan te onttrekken. Dus werk je mee om die formule te bevestigen. Als Benner uit Friesland weg is, krijgt je Boele Bregman. Daarna is het weer een ander. Zoals het op dit moment misschien Tsjêbbe Hettinga is.’

‘gezichtsvernauwing’  

De tendins om de identiteit iensidich ta de taal te beheinen en dy yn wetten fêst te lizzen, neamt Mous ‘een enorme gezichtsvernauwing’. It is syn ynlieding op in lange tirade tsjin it Fryske taalbelied, sa’t dat foarm jûn is troch politisy as Johanneke Liemburg en Bertus Mulder. ‘Dat zijn de personificaties van de Friese krampachtigheid. Veranderen om te behouden. Ik word daar heel droevig van. Bij Mulder vallen twee geloofssystemen samen, die van het socialisme en de Friese taalstrijd. Die man is zo blind – hij kan dus ook niet zien dat de taalstrijd geen sociaal probleem is – dat hij meent dat het nog steeds een strijd is tegen de Hollandse elite.’

Breuker: ‘Dat Fryske taalstriid ek in sosjale striid wêze soe, is in idee dêr’t, yn de jierren santich, foar it earst oer skreaun is troch de taalsosjolooch Lieuwe Pietersen en de marksistyske psychiater en Fryske literator Liuwe Hornstra. Ik haw dat idee fan it earste momint ôf grutte flauwekul fûn. Tony Feitsma [emeritus-heechlearaar Frysk oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam e.h.] wie ek ien fan de minsken dy’t itselde ferkundige. Mar it tinken fan Feitsma en Mulder hat noait oanslach fûn by it folk. Dat der in ferbining is tusken Frysk praten en sosjale lagen is dúdlik, mar dat dêr op basis fan suver ideologysk tinken in sosjale striid fan makke is, is de wrâld op syn kop, hypokryt ek. De yntellektuelen en de boppelagen, sawol yn de Fryske polityk, it ûnderwiis, it bedriuwslibben en sels foar in part by de Fryske ynstitúsjes – mei elkoar meitsje en stjoere se it Fryske taal- en kultuerbelied – dy prate oer it generaal gjin Frysk. Dan moatst ek net sizze dat it om in taalstriid giet, ek al is it sa dat frijwat minsken út de saneamde ûnderlaach it leafste moarn noch fan it Frysk ôf wolle soene om op it Hollânsk oer te gean. It is dus gjin taalstriid, mar presiis it tsjinoerstelde derfan.’

Huub Mous konstatearret dat de ‘ontideologisering c.q. de ‘ontmythologisering’ yn it nei-oarlochske Fryslân net werklik slagge is, omdat de ynstitusjonele systemen, fan de Fryske Akademy oant en mei de media, yn it bysûnder de Ljouwerter Krante, te oerhearskjend wienen. ‘Mede daardoor heeft Friese cultuur de aansluiting bij de moderniteit en de postmoderniteit gemist. Er is, met uitzondering van de jaren zeventig, sprake van een vertraging ten opzichte van de randstedelijke cultuur. Kijk eens naar wat er tegenwoordig in de beeldende kunst gebeurt. Overal is er aandacht voor de derde wereld, wereldculturen, voor Azië en noem maar op, maar waar blijft de beeldende kunst in Friesland? Of kijk naar de Chinezen, die vinden de moderniteit op hun eigen manier uit. In hun eigen regionaliteit zijn ze, paradoxaal genoeg, moderner dan het meest kosmopolitische denken. Ze creëren identiteit. Die sprong heeft Friesland niet kunnen maken. Ze vallen terug op het vooroorlogse. Bij de discussie rond de omstreden en discutabele figuur Douwe Kiestra werd de globalisering niet aan de dynamiek van het modernisme en het postmodernisme gekoppeld, maar aan een oud etnisch denken uit de jaren dertig. Dat is toch heel vreemd en raar.’

‘restauraasje’

It meganisme fan de restauraasje is neffens Breuker oeral sterk oanwêzich, ek by guon fan syn studinten. Dat leit ek yn de reden. Ommers, de ynstitúsjes en organisaasjes, fan Omrop Fryslân oant en mei de Afûk, besteane by graasje fan dat meganisme. ‘Mar sa gau as jo dêr kritysk oer wurde, is it daalks út mei de diskusje, want dan komme je oan de woartels fan har bestean. Wat machtiger de ynstituten, wat grutter de represje, of: it kitsen fan krityk.’

Breuker is derfan oertsjûge dat in iensidich op behâld rjochte kultuerbelied in stean-yn-de-wei is mei it each op de needsaak ta it befoarderjen fan in iepen en kritysk klimaat en de assimilaasje fan oare en nije kulturele ynfloeden. De kearn fan syn stânpunt is dat binnen ien en deselde mienskip it neist inoar bestean fan twa kultueren earder in foarm fan rykdom en in bewiis fan fitalens is as fan bedriging. Dat lêste is mei ien fan de redens wêrom’t er stelt: leaver in algemiene as in Fryske universiteit, leaver in twatalich literêr en kultureel tydskrift as inkeld in Frysktalich blêd. Fierder sille der neffens him ek hege easken oan de kwaliteit steld wurde moatte, wol de Fryske kultuer de konfrontaasje mei oare kultueren oan kinne. Yn dat ramt pleitet Breuker ek foar it fuortsterkjen fan it sterke, bygelyks fan de moderne Fryske dichtkeunst, fan in Fryslân dat him sjen lit as in wittenskiplik pionier op it terrein fan de biologyske, lytsskalige lânbou en it natuerbehear. Dat is tagelyk ek ien fan de bêste yllustraasjes fan Breuker syn tinken oer de Fryske kultuer: Bewarje it bysûndere en wês der wiis mei, mar doch dat yn kombinaasje mei it oare en it nije. 

sintrale as
De sintrale As

Dynamyk

Huub Mous en Pieter Breuker beskôgje beide it Fryske lânskip as in ûnderdiel fan de Fryske identiteit, mar ek dêrby is de haadkrityk dat bygelyks yn de ûntwikkeling en by de ynrjochting fan dat lânskip gauris it adagium ‘feroarjen om te behâlden’ jildt. Mous: Wat Mulder met de taal heeft gedaan, het verabsoluteren ervan, doet Anita Andriessen met het eigen van het Friese landschap. Dan vraag ik: Wat is dat eigene eigenlijk? Ook iemand als Peter Karstkarel doet dat, hij wijst op die oude, organische structuren in dorpen en landschappen en dan denk ik: Jezus, ga eens naar Brabant, daar bestaat het verschil dat men hier heilig verklaart helemaal niet meer. Van dat zogenoemde ‘Frysk eigene’ in het landschap wodt een mythe gemaakt.’ 

Breuker hat neat op mei dy ûnder mear yn Brabân sa sichtbere ‘verrommeling’ fan it lânskip. ‘Fryslân is grien, mar wol deadlik grien, it is in gemene kleur grien, alle nuânses dy’t ik koe as bern yn de kleuren grien, en yn de blommen – en dat is gjin romantyk – dy is fuort. De sintúchlikens is út it lânskip helle. De fersutering derfan hat al lang west, dy hat de ôfrûne fjirtich, fyftich jier syn beslach krigen. It is begûn mei de keunstdong fuort nei de oarloch, dêrnei de meganisaasje, de ruilferkaveling en skaalfergrutting. De striid dy’t der no foar it Fryske lânskip fierd wurdt, is yn myn eagen in efterhelle striid. De ferkearsynfrastruktuer en de huzeplanterij binne de baas. Dêr is it lânskip ûndergeskikt oan makke. De krommels dy’t oerbliuwe, dy wurde beskerme.’

‘Maar daar zit iets fatalistisch in’, ropt Mous. ‘Het aansluiten bij kleinschalige landbouw is het aansluiten bij iets wat het altijd is geweest, klein.’

Breuker: ‘It leechrinnen fan foaral Noard-Fryslân moat tsjingongen wurde. Do wolst dochs gjin provinsje fan minsken dy’t âld binne en dêr oars net dogge as rekreëarje? Ik fyn dat in ferskriklik foarútsjoch. Fryslân dat in funksje krijt fan in noch mear op toerisme rjochte provinsje of Fryslân as it saneamde paradys foar de ‘grize pleach’. Nee, dan sis ik, je kinne ek oars mei de beskikbere romte omgean op in wize dy’t ekonomysk mear fertuten docht.’ Mous komt nochris werom op it kreëarjen fan identiteit ynstee fan it iensidich bewarjen fan identiteit.

‘Ik denk dat de modellen ervoor ontbreken. Maar het onderwerp is hot: de creatieve industrie. Er zijn in Amerika, Florida, steden waarin een bohémienachtig klimaat van creativiteit heerst. Daar gaat nu de economie naar toe. De creatieve klasse gaat niet naar de werkgelegenheid. Nee, de industrie komt naar het klimaat waar creativiteit heerst. Dat gaat op voor  de stedelijke cultuur. In Nederland, Eindhoven en omgeving, zie je ook een creatieve sfeer ontstaan waarin economische bloei tot stand komt. Nu weet ik wel, je kunt niet van de vloer op de zolder stappen. Maar toch, met al die leegstaande  oerderijen waar jij op duidt is er genoeg ruimte voor een creatieve kennisindustrie.’

Kontraproduktyf

Bliuwt oer de fraach oft it sinfol is om in Fryske kanon te skriuwen mei it eachmerk om in Fryske identiteit te fersterkjen. Mous noch Breuker laket sa’n ûndernimmen oan. ‘Minsken as Kerst Huisman sykje it allinnich mar yn it ferline, se skriuwe yn harren kanon oer de Fryske skiednis wêr’t it misgien is mei de mooglikheid fan in Fryske steatsfoarming. Dan komme se bygelyks op it jier 1498…’ Mous laket spotsk: ‘Leve de Friese Balkan’. Breuker warskôget dat Huisman yn syn nasjonalistysk tinken net allinne stiet. Yn beskate groepen is dat ‘grutte tinken’ heel prominint oanwêzich. ‘Yn pleats fan te sizzen: wat de kânsen ek west ha, dy kânsen binne foarby, wy sille dêrom hannelje moatte neffens de sitewaasje fan no, bite se har fêst yn dat ‘vermeende grote verleden’. Dat wurket hartstikke kontraproduktyf. Fansels moat men kennis hawwe fan it Fryske ferline, ik draach dêr sels yn ûnderwiis en publikaasjes oan by, mar foarop stiet de fraach: Wat dogge wy mei it Fryslân fan hjoed de dei? Dat is fan mear belang as al dat iensidige omdollen yn it ferline.’

@Eeltsje Hettinga – De Moanne