Omrop Fryslân – Eeltsje Hettinga beneamd ta Dichter fan Fryslân

De wille yn de taal is foar Eeltsje Hettinga it wichtichste as Dichter fan Fryslân. “Yn it meitsjen bin ik myn wurden,” sei er freedtemiddei by syn offisjele beneaming. Yn de Herman Gortertsjerke yn Balk hat deputearre Sietske Poepjes de dichter beneamd foar in perioade fan twa jier. Hettinga ferwiisde yn syn taspraak nei syn talige famylje – syn heit, dy’t “sûnder omhaal in hiele jûn folprate koe” en syn âldere broer Tsjêbbe Hettinga, de Fryske dichter dy’t yn 2013 ferstoarn is.

Poëzy-ynstallaasje

Mei de Dichter fan Fryslân wol de provinsje in grutter publyk berikke foar poëzy. Eeltsje Hettinga is keazen út 36 dichters, dy’t in gedicht en in skriuwplan ynstjoerd hiene. As Dichter fan Fryslân sil hy seis oant tsien gedichten yn ‘t jier skriuwe, sa is de ôfspraak. Hy lit him dêrby ynspirearje troch wat der om him hinne bart. “Do moatst fan elastyk wêze,” seit Hettinga dêroer. Syn earste wurkstik, in gedicht yn trije talen, sil Hettinga mids jannewaris publisearje. It wurdt in grutte poëzy-ynstallaasje, dêr’t hy tegearre oan wurket mei byldzjend keunstner Machteld van Buren: in transportbân, besteande út njoggen doeken, dêr’t de dichter mei de hân syn wurden yn skriuwt.

Under de steden

Mei it gedicht ‘Under de steden’ hat Eeltsje Hettinga de kompetysje ‘Dichter fan Fryslân’ wûn. Yn it folgjende filmke in koart petear mei Hettinga yn Ljouwert. Hy draacht dêryn earst syn gedicht foar:

Under de steden

Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.
Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,
alles lei te sliepen.
Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,
seach ik yn blau lantearneljocht
in heit, in broer en
it jachtsjen fan har skaden,
swart as de hynsters dy’t har ienris
troch liet en lichem draafden.
Ticht leine alle fivers en grêften
ûnder de winterhimel, in sark.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

By de sonoare klanken fan in lege saks
blafte in hûn in kâlde ûnrêst.
Fierderop kaam in skip fan syn kaaien los,
briek mei geweld
troch it kreakjende iis,
ferswevend ûnder nacht syn steden.
Ik seach de skaden fan in heit, in broer,
in ferdwinen yn in hielal, sûnder tekens.
Fan alle wei en wegen bin ik
de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en
in gerjochtsgebou, sûnder finsters.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

De karriêre fan Hettinga

Eeltsje Hettinga is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt ‘It Font’ dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum. De folsleine taspraak fan Hettinga is hjir (pdf) werom te lêzen.