Fedde Schurer (2) en syn konservatyf kristlike broeders

(21-03) Noch ien kear Schurer. It Friesch Dagblad wijde fan ’e wike in hiele pagina oan de persoan, it wurk en de betsjutting fan de skriuwer, dichter, politikus en Fryske Beweger dy’t fyftich jier lyn ferstoar. Jongere skriuwers of dichters kamen dêryn net oan it wurd. Net frege, net (mear) bekend mei syn poëzy of gewoanwei gjin nocht om noch wat fan syn persoan of wurk te sizzen? Hoe dan ek, Schurer passee. It iene en oar waard min ofte mear befêstige troch de Fryske ‘literêre’ blêden dy’t yn syn stjerdei gjin oanlieding seagen en helje him nei foaren.

Ien fan syn aartskonservative broeders wie de Fryske Beweger en de kristlik-grifformearde skriuwer E. B. Folkertsma (EBF), in man dy’t der hillich fan oertsjûge wie dat it neffens him troch God makke Frysk inkeld wer syn gloarje weromkrije kinne soe as it Fryske folk de mooglikheid krige ta werklike bekearing.

Syn monistysk Frysk nasjonaal lûd, ynbegrepen syn moanjen en bearen oangeande ‘it seedlik biwustwêzen’, ‘de eigen aerd fan it Fryske folts’ en ‘de grutte tael- en kultuerfermogens fan datselde folts’, wie ûnder mear te hearren yn de Kultuernota fan 1961, ek wol it Kultureel Perspektyf neamd. Ek by EBF gong it fan hurry up, alles foar God, folk en mienskip.

Asyl

De yn 2015 ferstoarne Bauke de Jong neamde him oait de ‘tsjerkebledsje-essayist’ fan de Fryske literatuer. Yn it literêre tydskrift Asyl (1963-1968) wie hy dejinge dy’t yn it essay ‘E.B. Folkertsma, de doarpsgek as essayist’ op ûnmeilydsume wize de anti-joadske stikken fan EBF útbonke sa’t dy yn de jierren, krekt foar de oarloch oer it fuotljocht brocht waarden yn tydskriften as de Stim fan Fryslân.

Fedde Schurer (l), E.B. Folkertsma

De Jong, ien fan de meast talintfolle essayisten yn de Fryske literatuer, in soarte fan Sid Vicious avant la lettre, krige it hiele kristlike en Fryske Bewegersnaasje oer him hinne.

Skriuwers en dichters lykas ‘de blide strider’ Fedde Schurer en Douwe Tamminga, beide ek redaksjelid fan De Tsjerne, setten it manmachtich tsjin De Jong yn ’e kant.

Sels Trinus Riemersma liet him ynearsten falle, hy neamde de krityk fan De Jong op EBF ‘gemien’. De strideraasje om wylde Bauke hinne wie ien fan de reden dat de fúzje tusken de Fryske literêre tydskriften Asyl, Quatrebras en De Tsjerne op ’e non rûn.

De Jong waard persona non grata. Hy soe nei it hinnegean fan Asyl yn 1968 eins net mear fan him hearre litte. En sa ferneatige in repressive Fryske en kristlik konservative (skriuwers)mienskip in talint pur sang.

Der is fan datoangeande gjin inkelde reden en helje op it Hearrenfean it stânbyld fan Schurer út it skaad fan terrassen, winkels en huzen, sa’t guon ha wolle.

Eins soe Bauke de Jong foar syn essays en de rest fan syn literêr wurk postúm noch in stânbyld krije moatte… moai foaroer de Oldehove.

Nee, eins soe Bauke de Jong foar syn essays en de rest fan syn literêr wurk postúm noch in stânbyld krije moatte, moai pontifikaal op it plein foar de Oldehove yn Ljouwert, te ûntbleatsjen op winliken de datum fan fiif maaie.

‘De ivige kroanprins fan it Frysk nasjonalisme’

In soartgelikens lot as De Jong soe de histoarikus Durk Nota beskern wêze. Yn it spoar fan De Jong hold er yn 1984 yn it essay ‘De ivige kroanprins fan it Frysk nasjonalisme,’ publisearre yn it literêre tydskrift Hjir, nochris opnij alderhande antysemityske eleminten yn it tinken fan EBF tsjin it ljocht. Ek dat skriuwen foel net goed. Mei om dy reden krige er yn 1985 dien by de Fryske Akademy.

EBF – Gods lytse Fryske propagandasnor

Folkertsma syn persoan hat nei alle gedachten model stien hat foar de haadpersoan yn de novelle Sûnder sûker fan skriuwer en âld direkteur fan Vara-radio Jo Smit (1916-1991). Yn syn fertelling wurdt op kostlike wize oer alle boegen de gek stutsen wurdt mei de beweging.

It wie EBF dy’t gauris oer de flier kaam by myn omke Arjen Witteveen op de Noardersingel yn Ljouwert, sa’t Schurer dêr ek kaam. By it ferstjerren fan myn omke – hy wie foarsitter fan it Roomsk Frysk Boun – liet myn muoike in fers fan Schurer achter op it bidprintsje sette.

Op basis fan de ferhalen en anekdoates sa’t ik dy oait troch har fertellen hearde, mei dêrnjonken in berch gegevens út it Periopamflet – in skriuwen dat ûnder mear it folksnasjonalistyske karakter fan it rapport Nocht oan ’e takomst op ‘e kuer hie – is it lyts histoarysk dokuferhaal ‘EBF en de troch God foarbeskikte Fryske himel’  skreaun.

© EH
.

– Eeltsje Hettinga, Fedde Schurer (3) -EBF en de troch God foarbeskikte Fryske himel,’ 23 maart, 2018.
– Eeltsje Hettinga, Fedde Schurer (I) en de spjalt tusken dichter en boarger, 19 maart 2018.
– Eeltsje Hettinga, Periopamflet, de folksnasjonalistyske taal achter KH2018, Perio, Ljouwert, 12 febr. 2012.
– Huub Mous, ‘De crisis van de mienskip’, 5 april 2012.
– Inge Heslinga, ‘Van ruzie tot fusie in de Friese literatuur’, Zacht Lawijd,jgr. 8, 2009.
– Durk Nota,’E. B. Folkertsma : de ivige kroanprins fan it Fryske nasjonalisme : de tragyk fan in wrâldfrjemd Messias (1893-1968) : ta de ideology fan ‘e Fryske Beweging : in polityk-biografyske brosjuere’, Hjir, 1984.