Fedde Schurer (3) – EBF en de troch God foarbeskikte Fryske himel

It hûs fan myn omke A. oan de Noardersingel, Ljouwert.

 

(23-03) 1. De kalvinist fan Knyphústerbuorren –

Allinnich as er wie, hied er yn Ljouwert, de stêd dêr’t er in grut part fan syn libben tahold, tal fan húskes fan hâld-oan, ûnder oaren oan dat fan myn omke Arjen W. op de Noardersingel, oare kant de Prinsetún. Sa tsjin iterstiid, seizen hinne, kaam er oanstappen, kwânskwiis. De waarmmielrinder.
Oft er faaks ek mei-ite woe?
No, no, as it jo net tefolle is, dan …
Nei ôfrin liet er him, as it even lije koe, in brandewyn risse, ien mei sûker.
Hy, altiten slij nei wat fergees te ferkrijen wie, hie wat deuns oer him. Sunich en konservatyf wie er, sa’t it in kalvinist fan syn soarte foege. Hy wie fan Knyphústerbuorren, sei muoike letter.
Yn ’e wittenskip dat de gastfrou, gol en hertlik as se wie, eins gjin nee te keap hie, makke hy der gjin kapsje op as him lang om let frege waard:
En Folkertsma, jo der ek noch ien yn?
No, as it jo net tefolle is, frou, dan…

KADER 

Jo Smit (1916-1991)
Yn 1956 joech Jo Smit, skriuwer-essayist en ald direkteur fan Vara-radio, de novelle Sûnder sûker yn it ljocht, in kostlik gekoanstekkerich ferhaal oer in nasjonalistyske beweging dy’t der lang om let yn slagget om har separatistyske doelen wier te meitsjen.
Yn it fierhinne as monolooch fertelde ferhaal dat him ȏfspilet yn in kroech, docht in net by namme neamd haadpersoan syn relaas oer de beweging oan iene Kaspersma.
De ferteller sjocht werom op syn eigen rol yn dy beweging, mar referearret ek oan in persoan dy’t systematysk mei ‘hy’ oantsjut wurdt, in man dy’t binnen de beweging alle macht nei him ta lûke soe, him dêrby ûntjaand ta in earsten klas diktator. Oan de ein fan it ferhaal wurdt de haadpersoan troch Kaspersma oppakt en as finzene ôffierd.
Smit, ien fan de foarnaamste en meast oarspronklike skriuwers en essayisten yn it nei-oarlochske Fryslận, hie mei dy separatistyske groep fansels de Fryske Beweging op it each of miskien noch wol mear it Striidboun Fryslận Frij, en dan yn it bysûnder ien fan har foaroanmannen Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968). EBF neamden se him.
Syn monistysk Frysk nasjonaal lûd, ynbegrepen syn moanjen en bearen oangeande ‘it seedlik biwustwêzen’, ‘de eigen aerd fan it Fryske folts’ en ‘de grutte tael- en kultuerfermogens fan datselde folts’, wie ûnder mear te hearren yn de Kultuernota fan 1961, ek wol it Kultureel Perspektyf neamd.
Dy nota, tegearre mei it ferhaal fan Smit, tikke ik lêstlyn foar 80 Eurosinten op ’e kop by de omrinwinkel.
By it lêzen fan dy ‘ậlde kost’, yn syn soarte in déjà vu, toppen my bytiden alderhande oantinkens oan keamers en hôven mei ferhalende omkes en golle sigaretsmokende muoikes troch de kop, twirren yn de tiid.
Dat, hjirnjonken it lyts dokuferhaal  ‘EBF en de troch ‘God foarbeskikte Fryske himel’, fierhinne basearre op de ferhalen en anekdoates sa’t ik dy oait troch myn muoike fertellen hearde, mei dêrnjonken in berch gegevens út it Periopamflet – in skriuwen dat  it folksnasjonalistyske karakter fan ûnder mear it KH-rapport Nocht oan ’e takomst – op ‘e kuer hie.

2. Rare krupsjes

Ay, dy muoike fan my, se smookte sigaretten, leppele, lizzend yn it appelhôf, grutte glêzen giele advokaat leech, besocht de moade-ateliers yn Paris, reizge nei Amearika en hold fan Ella Fidzgerald, in sjongeres dêr’t Folkertsma neat mei op hie, want dekadint én it kaam ek noch út dat dûnkere, ferdjerlike New York wei. De stêd wie him in grouwel.

Myn omke hie him as arsjitekt op it bouwen fan pleatsen, skoallen, kleasters en tsjerken útlein. De hege, readpanne Sint Frederikustsjerke oan de Kapelstreek yn Sleat bygelyks is fan syn hân, ek hie er as assistint-boumaster fan de arsjitekt H.J. de Vries syn oanpart yn de útfiering fan de bou fan de troch H. van Beers ûntwurpen roomske Dominikustsjerke yn Ljouwert. Fierders wie er behelle yn it yn 1917 oprjochte Roomsk Frysk Boun, dêr’t er in hoart foarsitter fan wêze soe.

Hy wie ‘in strider’, sa’t dat yn Bewegingsrûnten hjitte, al wie er minder fûl as EBF. Mar lykwols, leaver de klomp op te fretten as jins taal te ferbrekken. Wat gever it Frysk, wat better it wie. Se hienen in rare anty-Hollanner-krupsje ûnder de lidden, dy Bewegers. Hoe fierder fan it ferdjer, wat suverder de taal.

Bywannear’t sokke taaldistânsjearring, om der ris sa’n wurd fan tsjintwurdich om te sizzen, mar lang genôch yn acht nommen waard, sa woe Folkertsma hawwe, dan soe op in dei it Fryske folts fansels yngean ta it grutte Fryske paradys, de troch God foarbeskikte Fryske himel.

3. Te natio frisica

Folkertsma, de stim fan Fryslân, koe, as er ien kear de guit fan it preekjen te pakken hie mei de platte fûst de tafel huffe – och leave minsken, de finsters op ’e Noardersingel rattelen bytiden hast ta de sponnings út, sei muoike – om dan by alle flibe dy’t him om de lytse Fryske propagandasnor rûn, sokssawat út te roppen as: – It folkseigen fatsoen foarop! Lit ús opbouwend wêze. Posityf. Gjin synisme, blinder. Hat Piebenga it net sein dat as der ien ding fan it Fryske folts ferwachte wurdt, dan is dat fatsoenlik te wêzen. O, wit dat God dit folts, dit och sa tamtearre folts, bystean sil! It sil bistean! Ienris. De dream….

Op datsoarte mominten sette ik, sei muoike, graach even Ella’s Just one of those things op, mar Folkertsma bearde dat er neat hearde, syn moanjen en bearen liet him likemin ferjeie as it nare lûd fan in brommende blaumich yn in kaseuzeflesse, syn oargeljen, och, ik hearde it oan en Arjen, dy knikte wat, leaver gong er te jûnpraten by de skippers op de skûten dy’t oan de Noardersingelleane leinen.

Soe it folk te mobilisearjen wêze, Arjen, wat tinkt dy? Mei-inoar ien, ien mienskip, mei-inoar yn ’e baan? Soe de Fries noch yn syn oerkrêften stean, soe it swurd noch tild wurde kinne en gean de striid oan of soe it dan dochs al sa fierhinne wêze dat sleauwens en ûnferskilligens – it ynert-wêzen – harren de piid en libbenskrêft foargoed ûntnommen hat?

Folkertsma tilde in skonk op en liet der ien rôlje. Sels rûkte er neat, mar yn ’e keamer oan de Noardersingel ware letteroan sa’n alderheislikste frjemde stank om dat it myn muoike in heale ậldeklonjeflesse koste om de lucht wer wat skjin te krijen.
‘As hie er seis wike oanien oan de Seisbjirrumer sipels sitten.’
Seis wike, muoike?
Ja, leave bern, seis wike.

Neffens Folkertsma kamen oars út dy wûndertierige streken om Seisbjirrum hinne net allinne bibels, eksters en sleeptoffels, mar ek de alderfijnste sipels fan Fryslận. O, grûn en minske, Arjen, no sis ik it jo, by sokke goudene grûn lykas dy fan de Bjirmen, dêr kin de Fryske minske wol by bestean.

4. it ekwilibrium

EBF begûn te bassen en bearen, sa hurd sels dat de hingellampe boppe de tafel hast ta de skoarstien út dûnse.
Ja, de Fryske minske, sa hie er útmakke, wie troch de hurde, nijmoadrige technyk it lykwicht tusken holle en hert kwytrekke. En dat de boeren it yn dizzen sa sitte lieten, dat wie ek sa’n kwestje dy’t him alderdanichst yn ’e wei wie, wist muoike. De plante- en bisteboel, nee, dy waard der neffens him inkeld mar skraler en skrieler op. Mei it ferskaat buorke it hurd efterút, in spul fan stront mei stientsjes, krimmenearre de stim fan Fryslận …

Wat koe soks oars fanwegen bringe as it fierder ûnderstek dwaan fan de kulturele taal- en kultuerfermogens fan Fryslận. Mar dat net allinnich, nee, it soe teffens in oantaasting wêze fan alle steden en plakken dêr’t de mienskip noch in echt en in hecht ien-wêzen sjen liet mei de omjouwing.

E.B. Folkertsma – Gods lytse, Fryske propagandasnor

Hy fûn, der wie ferlet fan in geastlik liedsman, ien dy’t it ekwilibrium fan de Friezen, berôve as hja wiene fan har wil en wêzen, hifke en peilde en dy sekuer ek yn ’e rekken hâlde soe. Ommers, hoe sil it Fryske folts oars mobilisearre wurde kinne foar de grutte taak dy’t it wachtet, prottele EBF, wylst slofte er yn syn fersketten swart de keamer oan de Noardersingel op en del, de holle wei yn grutte wolken sigarettereek.

5. lange skaden

It wie slim steld, die er te witten, doe’t er nei in rynsk jûnsmiel en in mage fol brandewyn yn de doar fan it hûs fan myn omke stie, mei de wiisfinger, hiel koart, even oan de hoed tikke en doe allinnich op hús oan gyng, lange skaden oer de skippen oan de Noardersingel smitend.

Mei de rjochter skoech skopte er in stik kiezelstien út ’e dyk. O, de skeinde Fryske mienskip nij libben yn te blazen, mimere er, healwei de apteek mei de swarte opfinsters, rom hert, fiere kimen … Te oerwinnen ienris, de teskuorde Fryske siel, te ferslaan it dualisme ta heil fan in heger ekonomysk en seedlik ferbân. It is de heechste tiid, alaarm en rin geastlik in nije Fryske wei, f’ruit! Oars sil it nea wat wurde mei de Fryske takomst, de grutte Fryske dream,’ systere er, lûder as er miskien wollen hie, want ynienen hong him samar in grutte herder yn de broeksboksen. ‘Koesto, gean wei, do, smoarch bist.’

Hy wappere mei de âlde, reade boerebûsdoek en snute de noas. In tel, it wie mar in tel, tocht er oan de moaie lytse hoerkes by it Olderhoofster tsjerkhôf. Doe skeat de ivige kroanprins fan it Frysk nasjonalisme by it tsjerkhôf oan de Spanjaardsleane hastich de hoeke om. De sinne hong mei in heal, steksjoch each yn it tinne neisimmerske kastanjebeamte. Oer de grêven fleagen de swarte krieën, ah, dat skrassende lûd fan dy troch de kroanprins sa beleave ka.

© EH

.

– Eeltsje Hettinga, Fedde Schurer (I) Fedde Schurer en de spjalt tusken dichter en boarger,19 maart 2018.
– Eeltsje Hettinga, Fedde Schurer (2) en syn konservatyf kristlike broeders, 21 maart 2018.
– Eeltsje Hettinga, Periopamflet, de folksnasjonalistyske taal achter KH2018…, Perio, Ljouwert, 12 febr. 2012
.- Jo Smit, Sûnder sûker, Laverman, Drachten, 1956.