Fedde Schurer – De spjalt tusken dichter en boarger (1)
(19-03) Hjoed is it fyftich jier lyn dat Fedde Schurer ferstoar. Wat seit syn poëzy de lêzer fan hjoeddedei noch? Syn dichterskip is skaaimerke troch de konstanten God, folk en mienskip. It is de poëzy fan in talintfol man dy’t him as kristen-sosjalist ynsette foar in nije en rjochtfeardiger maatskippij en dy’t him, belutsen en engazjearre as er wie, ûntjoech ta in sterk etysk dreaune dichter, al smiet dat faak net te promjen moralistyske rommel op.
.
Wa’t Schurer lêst, komt in technysk mear as betûfte dichter tsjin. Dy kwaliteiten oppenearje har ek yn syn oersettingen fan dichters as Heinrich Heine, John Donne en Rilke. Fan de lêste ferfryske er ûnder mear de klassiker ‘Herbsttag’. Freark Dam, dichter en âld konservator fan it eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), neamde him oait ‘de miskien wol meast ambachtlike ûnder de Fryske dichters’.
de Beweging
Te seil geand op Schurer syn jongere wurk, sa’t ik dat foar in part nochris neirûn ha yn blomlêzingen as Samle Fersen (1975) en It dûbeld paradys (1998) hie er alles yn ’e hûs om him te ûntjaan ta in lyrikus pur sang, ientsje fan “de meast yndividuele ekspresje”. Mar dat wie foar him in stap te fier, dêrfoar siet syn folkske en kristlike ynslach him tefolle yn it paad.
Mei troch de ynfloed fan syn ortodoks-kristlike eftergrûn bedarre er op oare wegen. It Leauwe mei dêryn de foar Schurer wichtige tema’s fan hope, treast en betrouwen hat yn syn oeuvre fan begjin ôf in fêst gegeven west. Hy wie net om ’e nocht de oersetter fan in weareld oan psalmen en stichtlike gesangen.
Fierders like er earder it bern fan de Fryske as fan de Jongfryske Beweging. Pleite de ‘Jongfries’ Douwe Kalma om 1915 hinne foar in mear persoanlike lyryk, Schurer stelde him mei syn dichtsjen mear yn tsjinst fan folk en mienskip. Dat smiet yn in bondel as Utflecht (1930) fersen op lykas it folkse en retoaryske ‘Frysk bloed, tsjoch op’, mei dêrnjonken maatskiplik engazjearre fersen as ‘Op ’e tromme’, skreaun yn it ramt fan de staking fan boere-arbeiders yn Grins yn 1929.
Neist alderhande gelegenheidswurk skriuwt er hjir en dêr dochs ek moai lyryske gedichten lykas ‘Treast’ dat úteinset mei in begjinrigel dy’t der wêze mei: ‘Hjoed skout troch ider ding in wûndre skyn;’. Allyksa binne der pronkjes as ‘Ierdeljocht’, ‘Maaienacht’, ‘Stiltme’, ‘Lân sûnder kym’ of it oan de dichteres Rixt opdroegene fers ‘Joazefs dream’. Mar by alle hertstocht fan de dichter ‘yn in waarme gloed ferlern’ (‘Treast’) bliuwt er meastentiids oan de bûtenkant fan de dingen, én fan himsels.
spjalt
Schurer hat him in libben lang behelterje litten fan alderhande mienskipsaken, dêr’t er – de Roppene dy’t er him fielde – foar yn ’t spier wie. Hy wie ûnder oaren haadredakteur fan de Heerenveense (letteroan Friese) Koerier, PvdA-keamerlid en wie de sprekker dy’t men sawol by de radio as de telefyzje graach foar de mikrofoan hie. De politikus en sjoernalist stie nêst de dichter. De publike rol dy’t er lange tiid hie, wie tagelyk datjinge wat syn eigen dichterskip ûnderstek dwaan soe.
De Ingelske dichter W.H. Auden (1907-1973) skreau fan datoangeande oer ‘the public figure’ dy ’t er sels yn Ingelân wie: ‘To be forced to be political is to be forced to lead a dual life. Perhaps this would not matter if one could conciously keep them apart and know which was the real one. But to succeed at anything, one must believe in it, at least for the time being, and only too often the false public life absorbs and destroys the genuine private life. Nearly all public men become booming old bores.’
Auden seach de bedriging foar syn dichterskip, sette yn 1939 nei Amearika, sei tabee tsjin syn polityk engaazjemint – hy focht ûnder mear yn de Spaanske boargeroarloch mei – en keas foar it suvere, yndividuele keunstnerskip. Schurer soe dy kar nea meitsje. Hy fierde de klassike striid tusken boarger en dichter. De dichter rekke geandewei korrumpearre, ferlear. Schurer moat dat sels ek witten hawwe, sjoen in fers as ‘Genôch’ yn de bondel Vox Humana (1949):
Altyd mei kommentaren klear
by blidens en by triennen
tenei bin ik gjin dichter mear
en hâld myn wurden binnen.
Yn syn lettere wurk betroude er wat langer wat mear op syn ambachtlike kinnen. Mei dêrtroch soe syn dichtsjen mar al te faak ferwurde ta in keunstke, sa fan halleluja al wer in kwatryn en al wer in sonnet. Ynstee fan te fjochtsjen foar nije foarmen wie der earder sprake fan in knibbeljen foar de âlde, al bewende tradisjonele foarmen.
‘De Bining forbritsen’
Foar de ynfloed dy’t de geskriften fan Albert Camus, Jean Paul Sartre en oare eksistinsjalisten op in generaasje jongere Frysktalige skriuwers hie, wie er fierhinne dôf. Doe’t er as ‘alom gevierd hoofdredakteur’ ek nochris de yn Greonterp omhúsmanjende skriuwer G.K. van het Reve it leksum te lêzen kaam, wylst er tagelyk miende dat er de jonge skriuwer Trinus Riemersma om reden fan de seks en erotyk yn syn boeken te plak sette moast, doe wied er foargoed yn it stadium bedarre fan de fingerwizende ‘booming old bore’.
Lykwols, binnen de Fryske literatuer bliuwt Schurer syn rol as literator fan grutte wearde. Dy wurdearring leit foar my net direkt by syn poëzy, mar mear by it feit dat hy fuort nei de oarloch dejinge wie dy’t yn it pamflet De Bining forbritsen (1946) de Fryske Beweging loskeppele fan de Fryske literatuer.
De Fryske skriuwer hoegde tenei net mear te kneppel slaan foar it heil fan Fryslân. As keunstner koe elkenien him frij en ek autonoom útlizze op in eigen persoanlike estetyk, sûnder tsjinstfeint of –faam fan de Beweging te wêzen.
Foar it ferbrekken fan de bining tusken Beweging en literatuer bestie ek in mear as needsaaklike reden. Tefolle Fryske skriuwers en dichters dy’t it heil foar Fryslân by de Dútsers socht hiene. Guon fan harren sieten healwei de oarloch noch yn in boatsje mei de Dútsers op ’e Snitsermar te praten oer in selsstannich Fryslân, de idioaten.
It nuvere, mar miskien ek wol it tragyske oan Schurer is dat er sels noait oan de kategory fan it suver autonome gedicht ta kommen is. Syn wurk beweecht him tusken skientme (dy fan de yndividuele lyrikus) en de belearing (dy fan de godstsjintige mienskipsman).
De werklike Schurer wie dochs yn it foarste plak de praktysk-ynformearjende skriuwer, de etyske en net komselden moralistyske dichter-idealist.
wurdearring
Utsein in beskate bewûndering foar it technyske fakmanskip sa’t dat nei foaren komt yn in bondel as De gitaer by it boek (1966) sil ik syn poëzy net alle dagen út ’e boekekast helje. Schurer syn foarkar lei by ‘de ienfâld fan ’t sobere wurd’’ lei, sa’t er dat yn it gedicht ‘Oan in jonge dichter’ nei foaren brocht hie. By sok poëtysk pleitwurk fiel ik my net daalks senang, it rûkt tefolle nei keal kristlike, fan bylden berôve tsjerken.
De wurdearring foar de poëzy fan Schurer is geandewei de jierren minder wurden. Parte Anne Wadman him yn de blomlêzing Friesland Dichters (1949) noch alve gedichten ta, fyftich jier letter wie dat tal yn Spiegel van de Friese poëzie (1998) beheind ta fiif. Dochs hat er ‘kâns sjoen’, sa’t Freark Dam yn de blomlêzing It dûbel paradys opmurk ‘om moaie dingen te meitsjen dy’t yn har bêste foarm de tiid treast hawwe.’
Yn de nei-oarlochske Fryske literatuer hâldt Schurer syn betsjutting, al wie it mar fanwegen de ‘Bining’ dy’t er ferbruts. Yn syn soarte in godsgeskink. Hy sljochte dêrmei it paad foar in mear folwoeksen en autonome Frysktalige literatuer.
© EH..
Eeltsje Hettinga – Fedde Schurer (2) en syn konservatyf kristlike broeders, 23 maart 2018.
Eeltsje hettinga – Fedde Schurer (3) EBF en de troch God foarbeskikte Fryske himel, 25 maart 2018.
Fedde Schurer, Samle fersen, Bosch & Keuning / De Tille, 2de druk, 1975.
Fedde Schurer, It dûbeld paradys, blomlêzing, Fr. Dam, e.o., De Tille, Ljouwert, 1998.