Fjoertoer yn it wâld revisited – Ljouwert * Valletta

(14-03) Yn de simmer fan 2018 stie dichter Arjan Hut op it Mediterranean Literature Festival yn Valletta, de haadstêd fan Malta, dêr’t er ûnder mear it komyske, rap-achtige jirpelgedicht ‘Aurora bossa nova’ oer it fuotljocht brocht. Op dy reis seach er yn de Sint-Janskatedraal yn Valletta it skilderij ‘Johannes de Doper’ fan Caravaggio. It doek waard ûnderwerp fan it gedicht ‘Midsimmer moardzjen,’ dêr’t ik wat langer by stilstean wol.

De poëzy yn Fjoertoer yn it wâld is foar in part de delslach fan de dichter syn mediterrane reisûnderfinings, yn it bysûnder yn it skift ‘Archipel Skiplân’. Oer syn taalfernimstigens, syn byldrykdom en muzyk is yn ‘De lichte en ljochte poëzy fan Arjan Hut 09-03)’ it nedige sein. It binne kwaliteiten dy’t ek nei foaren komme yn ‘Midsimmer moardzjen’, opnommen yn it skift ‘Termyk fan dreamen’.

By de ynterpretaasje fan poëzy is it bytiden streksum om jin net inkeld te beheinen ta in close reading, mar dêr soms ek in beskate omtekst yn te beheljen. Dy oanpak hat ta foardiel dat men in literêre krityk tapasse kin dy’t mear ynterdissiplinêr is, oftewol rekken hâldt mei de polityk, de (pop)muzyk, it teäter, de strip, de film, ensfh.

Dan ek docht bliken dat it gedicht ‘Midsimmer moardzjen’ net sûnder engaazjemint is. Eksplisyt is it allegearre net, mar dat hoecht ek net. Poëzy dy’t polityk bygelyks tefolle boadskip is of wêze wol, dy wol himsels noch wolris oerraze.

moard

Yn it gedicht ûndergiet de ik-figuer it sjen fan de ûnthalzing fan Johannes de Doper op Caravaggio’s doek as in aaklike, wrede en swarte dream, dy’t guon minsken ‘kokhalzjend’ nei bûten stroffelje lit.

‘nacht is it kanvas, mar yn de fynste sprank ljocht stapt de boal nei
foaren en snijt mei it swurd Jehannes de Doper syn holle ôf –

(…)

sûnder parasjute donderje ik út dizze dream en fal mei it iepenslaan
fan eagen yn it griene waaien fan de wâlden werom’

.
Nei de benearing folget lang om let de ferromming, stal jûn yn de moai alliterearjende rigel – ik fal yn it griene waaien fan de wâlden werom.

De dichter hâldt by it haadwurd ‘wâlden’ de lytse letter oan, mar frij oannimlik is it dat it om de Fryske Wâlden giet. Arjan Hut komt fan ’e Wâlden, om krekt te wêzen fan Surhústerfean, ‘dêr’t,’ wurdt yn it fers steld, ‘presys likefolle minsken [wenje] as thús yn Surhústerfean’. Mei dat sizzen slacht de dichter in brêge tusken Malta en Fryslân.

Malta

Ljouwert en Valletta wiene yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Ik folge yn dy snuorje it nijs oer de moard op Daphne Caruana Galizia, de Maltese sjoernaliste dy’t dwaande wie mei ûndersyk nei de korrupsje fan de Maltese oerheid en de bannen mei alderhande ynfloedrike (bûtenlânske) sakelju.

Krekt beneamd as Dichter fan Fryslân fûn ik it ferbjusterjend dat de organisaasje fan de Ljouwert-Fryslân 2018 de saak Galizia skoudere, dêr gjin sprek fan sei, wylst Ljouwert nota bene susterstêd fan Valletta wie. It waard, ein febrewaris 2018, de oanlieding ta it skriuwen fan it gedicht ‘De opblaasde dei’.

It fers woe, mear ymplisyt, ek in krityk wêze op it feit dat by de iuwen lâns boeken en geskriften ferbaarnd, ferbean of oars op de Yndeks set binne: (..) Yn it dal fan / de dea stuts men it wurd yn brân, / sa’t men oait boeken yn de flammen treau.’

Pieter Omtzigt twitter [klik foto]

De bannen tusken Fryslân en Malta waarden lang om let ferbrutsen. Dêr kaam al de nedige presje by sjen. Dy kaam ûnder mear fan it Keamerlid Pieter Omtzigt, dy’t as bysûnder rapporteur fan de Rie fan Europa ûndersyk die nei moard op Caruana Galizia en PEN-Nederland.

Systematysk hat  de Maltese oerheid it ûndersyk sels sabotearre, jierren oanien. Mar trije wike ferlyn kaam it nijs dat ien fan de trije fertochten, Vince Muscat, skuld bekend hie. Hy giet fyftjin jier de bak yn.

tanks en kanonnen

It is dat soarte fan omtekst dat oare en nije ynterpretaasjes opsmite kin. Konkreet, wa’t yn Hut syn gedicht ‘Midsimmer moardzjen’ de namme fan Johannes de Doper – hy wurdt ek wol de Tsjûgjende neamd – ferfangt troch dy fan Daphne Caruana Galizia, dy ûntdekt ek de engazjearre ûnderstream yn it fers.

Koartsein, neist alle lyryk, ynbegrepen de mearke-achtige en dreameftige sfearen is Fjoertoer yn it wâld dochs ek in bondel dy’t net sûnder maatskiplike betrutsenens is. Net te min rigels yn Hut syn wurk dy’t fan beide kwaliteiten tsjûgje: ‘it gedonder fan hûnderten hoarizonhûnen / tanks en kanonnen blaffe út wûnen.’ (Ut: Understêd VI ‘Ferljochtingsfoarskrift’, s. 66).

@Eeltsje Hettinga
.

Oare kear Lippebiter fan L. fan Anne Feddema

.

[De dichter-performer en de trein nei Valletta… ‘Aurora bossa nova’ ]