Foar Aggie van der Meer – ‘Under de klokslach fan de Martini’ – Gysbert Japicxpriis 2019
(16-11) Skriuwster Aggie van der Meer krijt fan ’e middei yn de Martinitsjerke yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis 2019 útrikt. Hoewol’t se nominearre wie foar har roman ‘De Achttjin’ is har ‘de Gysbert’ takend foar har hiele oeuvre. Foar har is it gedicht ‘Under de klokslach fan de Martini’ skreaun.
–
UNDER DE KLOKSLACH FAN DE MARTINI
Foar Aggie van der Meer,
Gysbert Japicxpriis 2019
Sjoch de sinne, in fonkjende aster oer
de Apelmerk, dizze hjerstmiddei.
In flap wyn blaast twirjend in stik krante
de terrassen oer: O, dante, dante, net
te tellen de deaden yn donker Damaskus.
‘Hoe potticht de earen fan de ivige,
albegearende ferpressers’, bromt
mei de pinne yn ’e oanslach de ober
fan Burchwert, ‘God sit yn syn bargehok,
smyt út en troch – hjir, ha jim’ ek wat –
in bonke ta it finster út, sis: in lekke
skûte foar samar in bern of faam,
flechtsjend de lege seeën oer, hy, dy’t
har de rêch takeart, ûnferskillichwei foar
al dyjingen dy’t it wurd ôfpakt binne,
mar wat, wat kin ik jimme hjirre skinke
op dizze dei fan de lytse Sjong-My,
Triuw-My dame, dochter fan Gysbert,
Spinoza en Piter Jelles, sy, dy’t
út stjerren taal makket, út jiske fûgels snapt.’
Sjoch de sinne, in fonkjende aster oer
de Apelmerk, dizze hjerstmiddei.
Under de klokslach fan de Martini dy’t
oer de Dylakker lûdet, sjongt immen:
O, do, dame, do, mjitter fan ús jierren.
.
Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân
.
Sjoch oer Aggie van der Meer ek:
- Eeltsje Hettinga – Het echec van de Piter Jelles-prijs 2019 – de Moanne, 6 novimber 2019.
- Eeltsje Hettinga – Gysbert Japicxpriis foar Aggie van der Meer – 25 septimber 2019.
- Eeltsje Hettinga – De ûnsillige sucht ta popularisearjen by Omrop Fryslân – 22 oktober 2019.
- Eeltsje Hettinga, Aggie van der Meer en de jacht op in utopyske frijbrief, de Moanne, 2 febrewaris 2005.