Foar Sjoerd de Vries – De weeklaagsters
WEEKLACHT
foar Sjoerd de Vries
Fan de ierde dy’t leech is, kensto
it teken dat, deemoedich hast,
de dieren bûgje lit en
fan it reid dat delleit, djip
yn himsels, herbergsto yn dyn linen,
in stil kriten, midsieusk.
As de skerpe westewyn dy’t
oer de ieuwen mei see
en wetter stiente en kliffen kerve,
snijt de weeklacht fan in frou
de himel, in skreau
yn syn ienlikens oeral likens.
Fossyl is har gesicht dat
fan de dûnkere holten fan tiid
de âlde riedlingen hâldt.
En dêr’t it lân oergiet ta loft en
hierren ferfloeie ta reid
fart yn de dize de dei.
Ut: Ikader (s. 71) © Eeltsje Hettinga