*

OLYMPUS DIGITAL CAMERA
Eeltsje Hettinga – (still út ‘It Let’ – Fotografy: Kees Middendorp)
Ele Hettinga - tekening Christiaan Kuitwaard

Potlead en Sineeske tekeninket op Fabrianopapier. Portret, makke troch Christiaan Kuitwaard.

.

Eeltsje Hettinga is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis.

Under it pseudonym Hu Thung-song joech er de bondel Yn ’e fal fan jûn yn it ljocht, poëzy mei in Sineesk karakter.

Hettinga wie de oprjochter fan it literêr tydskrift Kistwurk (2000-2003). Hy naam it inisjatyf ta de blomlêzings Wrâld, finster, gedicht en Gjin grinzen, de reis.

Neist kritiken en essays oer poëzy en byldzjende keunst – hy skreau in biografy oer dichter-skilder Gerben Rypma en publisearre û.o. oer Bas Jan Ader en Edward Hopper – makke er oersettings út it wurk fan Tomas Tranströmer, Georges Bataille en Slauerhoff.

Syn bondel Ikader (2012) waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013.

.

Thom Mercuur - It Gemaal - Ikader