In fergetten debat – N.o.f. de VPRO-dokumintêre ‘Samenzwevers?’ fan Sunny Bergman

 (Oer it ferskynsel ‘conspirituality’, in gearmjuksel fan spiritualiteit en ekstreemrjochts, makke Sunny Bergman de dokumintêre ‘Samenzwevers?’, fan ’e jûn te sjen by VPRO-tv.

De titel foar har doku ûntliende se oan it essay ‘De nieuwe samenzweving’ fan de Flaamske literatuerwitterskipper Marie Meeusen, neffens wa’t it fenomeen ek yn Nederlân ûntrêstigjende rap terrein wint en dat betsjut ek yn Fryslân.

klik foto

Meast pregnante foarbylden derfan manifestearje har by folksnasjonalistyske partijen as Forum voor Democratie (FvD), komplotgroepen as VirusWaarheid, de aksjegroep fan demagogyske Überwappy Willem Engel, Vrouwen voor Vrijheid, mei foaroanfrou Isa Kriens en alderlei ‘yogajes’.

‘verantwoordelijk’

‘Yogajes’, in nijfoarming, betocht troch skriuwster Roxane van Iperen, is in gearstalling fan de wurden yoga en gajes, oftewol: bliermoedich matsjefolk mei radikaal-rjochtse sympatyen dat har ûnder mear ferset tsjin faksinaasje en it dragen fan mûlkapkes.

In spiritueel dreaun libben op himsels hat neffens Bergman in apolityk karakter, rjochte as dat is op eigen sûnens en lok. Op himsels mankearret it him dêr net oan. Ek al wurde de longen der net daalks heablazers fan, omtrint elke longspasjint ken de heilsumens fan in kertierke op ’e matte.

Oars wurdt it as minsken troch it koroanabelied har beheind fiele yn har bewegingsfrijheid. Foar de frustraasjes dy’t der mei mank binne, fine guont gauris heul en wjerlûd by partijen lykas FvD. Under de skyn fan ‘frijheid’  en ‘leafde’ is men lang om let reewillich en stim op datsoarte ekstreemrjochtse partijen.

FvD is een racistische, islamofobe partij en je geeft degenen die dat soort ideeën uitdragen immers de macht.’

‘Mensen die ik interview,’ seit Bergman op de side fan de VPRO, ‘vinden het vervelend dat je meteen als neonazi wordt weggezet wanneer je FvD stemt, terwijl ze naar eigen zeggen dat gedachtegoed niet omarmen.’

‘Maar,’ stelt se mei rjocht, ‘als je stemt op een partij die de klimaatcrisis ontkent en complottheorieën aanhaalt, en waar antisemitische opmerkingen worden gemaakt in chatgroepen tot in de kern van de partij, dan kun je daarvoor verantwoordelijk worden gehouden. FvD is een racistische, islamofobe partij en je geeft degenen die dat soort ideeën uitdragen immers de macht.

fergetten debat

Yn de Fryske literatuer liket ‘conspirituality’ net oan ‘e oarder. Der wurdt alteast net oer skreaun. Ien fan dejingen dy’t  lykwols op útsprutsen wize yn dy hoeke sit, is skriuwer-dichter Elmar Kuiper, meiwurker fan it literêre tydskrift Fers2 en poëzyresinsint by de Ljouwerter Krante.

Legio binne syn iepenbiere, foar elkenien nei te rinnen ferwizingen nei komplottinkers as Willem Engel, Robert Jensen en nijsplatfoarms lykas Blckbx.tv of it troch FvD stipe Café Weltschmerz, media dy’t drok besteld binne mei it útsuteljen fan komplotteoryen en oare firuswaansin.

Fryslân op syn smelst. Trinus Riemersma hie foar soksoarte tartuffery in moai sechje: hoe’t de klyk elkoar yn de hege hoed skyt.

Yn de rige ynterviews dy’t Fers2 it ôfrûne jier mei Kuiper hie, komt syn ‘frijheidsstriid’, oftewol syn ferset tsjin faksinaasjes en mûlkapkes, opmerklikernôch, net op it aljemint. Fryslân op syn smelst. Trinus Riemersma hie foar soksoarte tartuffery in moai sechje: hoe’t de klyk elkoar yn de hege hoed skyt.

Giet it om it literêre part, dan is der de autonomy fan it fers – Kuiper is datoangeande net de minste dichter – mar op grûn fan syn publyklike ferwizingen nei komplotbewegings en politisy as Wybren van Haga dy’t tsjin it koroanabelied binne, hie ik yn de oanbelangjende ynterviews wol mear oer de achtergrûnen fan syn kar hearre wollen. Der hie in moai debat yn sitten.

net út ’e loft

Spirituele hoempapa yn kombinaasje mei polityk wie destiids ek ien fan de ûnderwerpen fan skriuwer en politikolooch Hans van der Heijde en mysels yn it Perio-pamflet De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018.

Conspirituality komt fan datoangeande net samar út ’e loft fallen. Benijd oft Sunny Bergman foar har dokumintêre miskien ek noch in rûntsje Fryslân dien hat. Wy sille it sjen, fan ’e jûn: VPRO, njoggen oere.

Eeltsje Hettinga, fleurich prikt en wol, te Ljouwert.

 

 

Sjoch ek: