Friesch Dagblad: ‘Eeltsje Hettinga is de earste troch de provinsje beneamde Dichter fan Fryslân. In útdaging (…)

Eeltsje Hettinga (1955) is de earste troch de provinsje beneamde Dichter fan Fryslân. In útdaging dy’t er mei gloede oangiet. “Ik wol it mei kasjet en alluere dwaan, wol de oanjeier wêze dêr’t de sjuery om frege.

Plannen en ideeën hat Eeltsje Hettinga genoch. Sa wol er graach in ferfolch jaan oan it Suriname-nûmer dat it literêre tydskrift De Tsjerne yn 1952 útbrocht. Foto: Marchje Andringa

.
Eeltsje Hettinga (1955), de beneamde Dichter fan Fryslân wennet, it kin hast net oars, op de Gysbert Japicksstjitte. Bûten is de loft kreakhelder en skerp blau. It is strûpstjerrende kâld. Ik skilje oan en ik hear ien yn de gong. Mei wat muoite rommelt de doar iepen en in glimkjende Hettinga nûget my oer de drompel. Ien earm hat er yn in mitella. „Ik bin de ‘eenarmige letterbandiet”, seit er. Meikoarten wurdt syn earste offisjele bydrage, it fers Au Musée, yn Tresoar presintearre.

As er fertelt hoe’t er oan syn tydlike handicap komt, besef ik dat it net in soad skeelt hie, of wy hiene al wer sûnder Dichter fan Fryslân sitten. Foar de krystdagen lei er yn it sikehûs. De mitella is omdat er in ûntstekking oan de pols hat, it gefolch fan de nulle dy’t by in kateterisaasje in grut bloedfet rekke.

„Ik wie by Elske schotanus yn it Hearrenfean. By Elske op de brêge, ûnderweis nei de trein, fielde ik in aaklike pine yn it boarst. Mar ienkear yn de trein foel it wol wer ta, neat oan de hân. Werom yn Ljouwert krige ik de fyts út de stalling by it stasjon, en wer, as seage eat mei fize, feninige toskjes yn my om.” Lykwols, ta panyk late it net. De goatstien thús wie tichtslibbe, dêr makke er him mear drok om.

It is krekt as is it in oar oerkaam. It wol net yn my del dat ik troch it each fan de nulle krûpt bin

„Om healwei ienen nachts belle myn suster. Ut it neat, sy bellet oars nea samar en sa let. Dy sei: ‘dit doocht net, do moast no nei dokter.’ In hiel tûke dame. De oare moarns bin ik earst om in goatstienûntstopper west. Dokter sei dêrnei dat ik daliks nei it MCL moast, mei de taksy, ik mocht net fytse. Doe bin ik nei hûs ta fytst, ha kofje setten en in taksy belle.”

Foar my lizze in stik as fiif röntgenfoto’s fan ‘Hertinga’ syn krânslachieren, foar en nei it pleatsen fan leafst trije stenten, lytse buiskes dy’t de bloedfetten iepen hâlde moatte. Hoewol’t er er mei humor oer syn hachlike aventoer praat, is er ek wol bot skrokken. „It skeelde neat allegear. Ik bin drok oan it skriuwen, ik typ mei ien finger de fingers blau. In soad wille ha ik by alle wurk. Tagelyk lis ik nachts op bêd en dan is it krekt as is it in oar oerkaam. It wol net yn my del dat ik troch it each fan de nulle krûpt bin.”

Riedsel
Yn augustus skreau Hettinga in Te Gast yn de Leeuwarder Courant. Hy kaam dêrby op foar de sjuery, dy’t der foar guon oare Fryske dichters en skriuwers net op troch koe. Underoan it stik melde de auteur dat er sels nét oan de kompetysje meidie. Dy bewearing stelde, doe’t de trije nominearren gedichten bekend waarden, poëzijlêzers foar in riedsel. De skriuwers fan de gedichten bleaune foarearst anonym, sadat it publyk stimme koe sûnder foaroardielen. Fan wa wie dat Hettinga-achtige fers?

Under de steden

Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.
Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,
alles lei te sliepen.
Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,
seach ik yn blau lantearneljocht
in heit, in broer en
it jachtsjen fan har skaden,
swart as de hynsters dy’t har ienris
troch liet en lichem draafden.
Ticht leine alle fivers en grêften
ûnder de winterhimel, in sark.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

By de sonoare klanken fan in lege saks
blafte in hûn in kâlde ûnrêst.
Fierderop kaam in skip fan syn kaaien los,
briek mei geweld
troch it kreakjende iis,
ferswevend ûnder nacht syn steden.
Ik seach de skaden fan in heit, in broer,
in ferdwinen yn in hielal, sûnder tekens.
Fan alle wei en wegen bin ik
de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en
in gerjochtsgebou, sûnder finsters.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

Eeltsje Hettinga

Yn syn taspraak by de presintaasje yn de Herman Gortertsjerke te Balk, joech de winner sels oan hoe’t er ta syn dielname kaam: Ik tankje hjir alle oanwêzigen, yn it bysûnder skriuwster en partner Elske Schotanus dy’t my oantrune hat om my dochs kandidaat te stellen foar it Dichterskip fan Fryslân.”

„It begong mei in gedicht oer Rients Gratama”, fertelt er as ik him freegje hoe’t Elske dat foarmekoar krige. De Fryske akteur en teaterman ferstoar op 6 septimber. „Ik ha ein jierren santich syn foarstelling Ha dy Basken sjoen. Wat in dichter! In pear jier lyn, foar it 125-jierrich bestean fan it Posthústeater op it Hearrenfean, die hy de krystfoarstelling Scrooge op de FoK. Seldsum grutte klasse!

„Doe’t ik hearde dat er stoarn wie, ha ik yn in koart skoftke tiid in fers oer him skreaun en op myn webside pleatst. [sj. it gedicht ‘Ta neitins fan Rients Gratama’ hjirûnder.] Dêr kamen in soad reaksjes op. Minsken seine, do hast him beskreaun sa as er is, sa’t wy him kenne. Der wiene ek guon dy’t seine, ‘asto ditsoarte dingen skriuwst, dan moasto dochs meidwaan mei Dichter fan Fryslân.’ Ja, sei ik dan, mar ik ha in stik yn de Leeuwarder Courant skreaun, ik doch net mei. Bin mei oare dingen oan de gong. Ik sit boppedat meast yn in persoanlik soarte fan poëzij.”

„It wie Elske by einsluten dy’t it lêste gewicht derop lein hat. Ik krige mear ideeën, tocht, sa kin it dus ek. De tiid om yn te stjoeren wie hast om. Boppedat hie ik de regeleminten net goed lêzen. De sjuery frege net om fiif, mar om ien gedicht. Sneontejûn foar de deadline ha ik wurke oan in plan én fiif fersen. Doe nochris de regeleminten goed besjoen. Moast ik noch fjouwer fersen skrasse. Op snein de boel opstoerd, it koe krekt.”

Kompjûter
„Hasto dat ek, datst net de stap nei de komputer doarst te setten?” Hettinga seit dat er it meast nachts dichtet, en mei pinne. „Op grutte fellen papier. Mar dan moat ik nei de kompjûter. Dat fyn ik dan in rotding. Dêr kinst gedichten hielendal op stikken skriuwe. Dat it hiele oarspronklike idee dêr’t it mei begong fuort is. Soks giet op in kompjûter hiel maklik, men kin samar even wat feroarje, hinne-en-wer skowe, op de kop sette. De iene ympuls driuwt de oare. En mar trochpiele, skriuwst it libben derút. Op papier is dat oars. Mei pinne op papier is der in streekrjochte stream.”

De kompjûter, dat fyn ik in rotding. Der kinst gedichten hielendal op stikken skriuwe.

Plannen en ideeën hat de Dichter fan Fryslân mear as genôch. As in wetterfal streame de projekten en konsepten him oer de lippen. Sa wol er graach in ferfolch jaan op it Suriname-nûmer dat it Frysk literêre tydskrift De Tsjerne yn 1952 útbrocht. „Net mei dy âlde nasjonalistyske ynslach, dêr ha ik neat mei. Tegearre mei Welmoed de Boer, linguiste en dosinte taalkinde oan de Opleiding voor Leraren yn Paramaribo en redaktrise by opinytydskrift Parbode. Yn it foarste plak wolle wy ús rjochtsje op de meartalichheid yn Suriname en Fryslân. Dêrnei soe ek in útwikseling fan dichters en taalkeunstners tusken beide kultueren moai wêze.’

Want: „ Nei bûten ta, alle doarren iepen”. Dat is wat Hettinga foar eagrn stiet, hy wol de dialooch oangean mei oare skriuwers en dichters út oare kultueren en taalgebieten, sa liet er yn novimber al witte yn syn taspraak by de beneaming fan Dichter fan Fryslân wêryn’t er ek referearre oan LF2018. „Dat soe’, om skriuwer en histoarikus Pieter Breuker oan te heljen, ‘daliks ek ien fan de bêste yllustraasjes wêze fan in tinken oer Fryske kultuer: bewarje it bysûndere en hoedzje en noedzje dat, mar doch dat tagelyk yn kombinaasjes mei it oare en it nije.”

Syn earste offisjele DfF-gedicht Au Musée makket diel út fan de ynstallaasje SeeWegen, dêr’t er tegearre mei byldzjend keunstner Machteld van Buren oan wurke. As er fertelt oer dat ûndernimmen, skitterje syn eagen. „Ik fyn datst der wat fan meitsje moatst”, seit er oer it provinsjedichterskip. „It is foar my nij, it is foar de provinsje nij. Ik wol it mei kasjet en alluere dwaan, wol wol de oanjeier wêze dêr’t de sjuery om frege. Dat it it begjin fan in tradysje wurdt. As de Provinsje dy prioriteit ek stelt en de fasiliteiten dêr foar jout, dan kin de funksje op deselde hichte steld wurde as Dichter des Vaderlands of Dichter van Vlaanderen.”

=====================================================
 Arjan Hut, Friesch Dagblad, woensdag 10 januari 2018
 ====================================================

It fers Au Musée, de earste offisjele bydrage fan Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân, wurdt op 3 febrewaris yn Tresoar presintearre.

Ta oantins fan Rients Gratama
(1932-2017)

De dei leit stil, de sinne swijt,
Hinnegien is it wurd
Fan in biis, in boarter
En fan in dichter-majesteit.

Yn liet en sang fong er syn tiid,
Hold mei fyt en pots
En drok spottend mei God,
In elk syn narrespegel foar.

Syn lûd dondere en rôle
Gnizend de grinzen oer;
Hjir wie er de minske in broer,
Licht allyk in fôle.

Stim joech er al wa’t him nei wie:
De lytse, lytse bakker
Dy’t, lytsfeint makke,
Stilwei nei de Hoogovens gie.

My wie syn Frysk in himelryk!
De taal oars net as feest
By syn rynske sjongen
Fan Pingjum oant Rientsumageast.

De dei leit stil, de sinne swijt,
Hinnegien is it wurd
Fan in biis, in boarter
En fan in dichter-majesteit.

Eeltsje Hettinga