Gedicht ‘Woede’ – De aanslag, verkiezingen en wegen

(24-03) Het gedicht ‘Woede’, gisteren in de Friese versie onder meer te lezen in de Leeuwarder Courant, het Friesch Dagblad en in de kolommen van Omrop Fryslân, is geschreven naar aanleiding van de aanslag in Utrecht en de uitslag van de verkiezingen van afgelopen donderdag, de zwarte dag waarmee dit voorjaar begon. [Doorscrollen voor de Friese versie]

Georg Grosz – ‘Die Sonnenfinsternis von der Sonne’

.
WOEDE

Hoe iemand, een verwoed tikkende bom van
haat in het hart, een trein, winkel of tram
instapt, en buiten zinnen met een kop vol nacht,

diep in zichzelf verdwaald, zichzelf in woede
en geweld een uitweg denkt en met alle luiken
van de ziel dicht een kamer met kogels leegschiet.

*

Hoe op een ochtend iemand zichzelf manifest
maakt, radicaal gek, heel het raderwerk van
een stad stillegt als was het Hoger Machts werk,

terwijl er altijd ergens iemand is die zonder
smerige handen, simpelweg onschuldig, door
misdaad en straf wegrijdt op dood z’n tram.

*

Hoe midden in het woud van geweld alle
klokken bevriezen, een punt tegen de hemel
zetten zoals elk, een tel van schrik versteend,

ter plekke niet meer weet welk pad te nemen,
welk pad te nemen als allerwegen de haat
zijn uilenvlucht vindt in B. z’n nieuwe orde.
.

©Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân 2018/2019

.
Zie ook:.

.


.
It gedicht ‘Woede’, hjoed o.m. ek te lêzen yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en by Omrop Fryslân, is skreaun nei oanlieding fan de oanslach yn Utrecht en de útslach fan de ferkiezings fan ôfrûne tongersdei, in swarte dei dêr’t de maitiid, juster op World Poetry Day, mei úteinsette.

.
WOEDE

*

Hoe’t immen, al tikjendewei, in bom fan haat
yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram
ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht,

djip yn himsels ferdwaald, himsels yn woede
en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken
fan ’e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit.

*

Hoe’t op in moarntiid immen himsels manifest
makket, radikaal gek, hiel ’t raderwurk fan
in stêd stilleit as wie it Heger Macht’s wurk,

wylst der altyd ergens immen is dy’t sûnder
smoarge hannen, simpelwei ûnskuldich, troch
misdied en straf weireizget op dea syn tram.

*

Hoe’t midden yn it wâld fan it geweld alle
klokken befrieze, in punt tsjin de himel
slane, sa’t in elk, in tel fan skrik ferstienne,

langer net mear wit hokker paad te nimmen,
hokker paad te nimmen as haat rûnom
de ûleflecht makket mei B. syn nije oarder.

.

©Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân 2018/2019

.

https://www.facebook.com/sjacqueline.deleeuw/videos/2092250274195775/UzpfSTEwMDAwMDY0OTc5MDAzNTpWSzoyMjE5NDI5MDE4MTE0MzA3/?notif_id=1554104788216221&notif_t=feedback_reaction_generic_tagged

.