Jelle Kaspersma – Trije gedichten
(07-03) Trije gedichten fan de ferline moanne ferstoarne dichter Jelle Kaspersma. Op ‘e kweekskoalle yn Snits sette er om 1970 hinne útein mei it skriuwen fan fersen. As tekener yllustrearre er de earste bondels fan Tsjêbbe Hettinga (1949-2013). Hy makke yn dy tiid part út fan in groep jonge dichters dêr’t neist Tsjêbbe Hettinga ek Binne Lútsen Boarnstra by hearde.
Yn it betide wurk fan dizze dichters binne ljocht, wetter, wyn, ierde, leafde en nacht algeduerich weromkearende (kaai)wurden. Sawol yn Kaspersma syn teken- as dichtwurk is fierdersoan de ynfloed te bespeuren fan in libbenlange belangstelling foar de Yndiaanske kultuer.
.
sile
it each omheech
djipte
fan loft lit my dûzelje
jinsels ris te fersûpen
yn sok blau
om my hinne
in eachweid fier wetter
spegel
dêr’t himel en sinne
harren ljochte lok
op útstâlje
sûzjen yn it want
en twirre syn azem
faget gysten
myn dreamen út
bringt tinzen en hannen
werom
nei roer en koerts en skoat
bûten board hingjend
syl ik
op ien ear
myn mimerjen oer
de wurklikheid yn
.
Jelle Kaspersma, Bleatlein, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1986, s. 29.
.
wetter ljocht en poëzij
alle gedaanten fan ljocht
yn it wetter
in jonkje sutelt stientsjes
oer de dyksfeart
op ‘e mar sylt in boat
mei wite seilen troch de dei
alle gedaanten fan poëzij
yn it wetter
der driuwt in man
yn de stoarne spegelglêde see
de boat de sinne en de man
driuwe inoar temjitte
it jonkje ik sutelt
syn stientsjes
oer it fûle ljocht
it ferline yn
.
Jelle Kaspersma, Bleatlein, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1986, s. 30.
alkali (*)
mara dus
leit my bitter
op ’e lippen
is gjin sljuchtwei bibels wurd mear
yn it ûnthâld
fan de skoaljonge
folwoeksen wurden
stapt er hjir om
it wurd
is moude wurden
jo kinne it beetpakke
de loft ynsmite
want
alkali
is de namme
mara:
in bitende flok
liet op dizze grûn
in nuete wierheid
dy’t de minsken
yn ’e eagen wreaun wurdt
oer it ûnthjitten lân
stowe grize wolken
moudestoarmen
fiere dreamen mei
fan rike rispingen
njonken it omskot
fan in poel
tusken brún bakte biezen
lizze wite beakens
kadaver wurden
american dreams: ta
de bonken úttekene
in lucht fan habsucht
waait my yn it gesicht
ûntstutsen eagen
kypje boppe de bûsdoek
ûnder de gleone wyn op
om ‘e nocht
sykjend nei tekens fan
libben
Jelle Kaspersma, Ta de bonken úttekene, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1996, s. 8-9.
(*) it fers sels waard earder, yn in justjes oare foarm publisearre yn de bondel Bleatlein (1986)
Sjoch ek: ‘In memoriam Jelle Kaspersma ‘Syn dichtsjen in butfiskjen’, Eeltsje Hettinga, webloch, 19-02.