Liu Xiaobo en in lege stoel yn Stockholm

(04-12) In de omvangrijke bloemlezing ‘Een boek van wondere dingen’ heeft Daan Bronkhorst, sinoloog, vertaler en al  jarenlang actief voor Amnesty International, van de Chinese schrijver-dichter en mensenrechtenactivist Liu Xiaobo het gedicht ‘Kleine rat in de cel’ opgenomen.

– Yn de mânske karlêzing In boek van wondere dingen hat blomlêzer Daan Bronkhorst, sinolooch, oersetter en al jierren oanien aktyf foar Amnesty International, fan de Sineeske schrijver-dichter en foarfjochter fan de minskerjochten Liu Xiaobo it gedicht ‘Kleine rat in de cel’ opnommen.

Liu, yn de ôfrûne desennia ien fan de meast foaroansteande dissidenten yn Sina, wie oait belutsen by de studenteprotesten op it Plein fan de Himelske Frede yn Beijing, siet lange tiden fêst. In 2009 waard er noch feroardiele ta alve jier finzenisstraf fanwegen syn oprop ta demokratisearring .

De kommende tiid – 10 desimber is ‘De dei fan de Minskerjochten – op dit plak, sa út en troch, in tal ferfryske gedichten út boppeneamde blomlêzing, begjinnend mei Xiaobo’s fers ‘Lytse rôt yn de sel.’

Liu, in de afgelopen decennia een van de meest spraakmakende dissidenten in China, was ooit betrokken bij de studentenprotesten op het Plein van de Hemelse Vrede in Beijing, zat langere perioden gevangen en werd in 2009 nog eens veroordeeld tot elf jaar gevangenisstraf vanwege zijn oproep tot democratisering.

De komende tiid op deze plak, zo nu en dan, een aantal in het Fries vertaalde gedichten uit Een boek van wondere dingen, beginnend met ‘Lytse rôt yn de sel.’

.

Kleine rat in de cel

– voor mijn Xia –

Een kleine rat komt door de tralies
rent op en neer langs de kozijnen
de afbladderende muren kijken naar hem
de van bloed verzadigde muggen kijken naar hem
hij trekt zelfs de maan uit de hemel
zilveren schaduw werpt schoonheid neer
als in volle vlucht

Een echte heer deze rat, vannacht:
eet niet drinkt niet knarst zijn tanden niet
loert alleen maar met sluwe oogjes
op z’n ommetje in het maanlicht

26 maaie 1999

 

Lytse rôt yn de sel

– foar myn Xia

In lytse rôt komt troch de traaljes
fljocht op en del by de kezinen lâns
de skulferjende muorren nimme him op
de miggen, folsûge mei bloed, nimme him op
hy lûkt sels de moanne út ’e himel
sulveren skaad smyt as yn ’e flecht wei
de skjintme ôf

In echte hear dizze rôt, fannacht:
yt net drinkt net op gjin tosken knarskjend
gnúft oars net as mei slûchslimme eachjes
op syn kuierke yn ’t moanneskynsel

26 maaie 1999

 

Een boek van wondere dingen’ jout mei goed 300 siden poëzy in ryk ferskaat oan fersen, rûnom út de wrâld wei. Fan in goed 200 dichters is poëzy selektearre op basis fan de tema’s libben, stilte, geheimen, wierheid, ferlies, momint, ferbining en gloede.

De bydragen rinne fan Paul Éluard, Dereck Wallcott, Seamus Heaney, Hans Magnus Enzensberger, W.H. Auden, W.G. Sebald, Joseph Brodsky, Cesare Pavese, Anna Achmatova, Ingrid Jonker, Boris Ryzji oant en mei in tal Nederlânske dichters, ûnder oaren Ilse Starkenburg, J. Bernlef, Rutger Kopland en Jana Beranová.

De Fryske ynbring komt fan Albertina Soepboer. Fan har is it gedicht ‘It lichem fan leafde’ meinommen, ek te finen yn de bondel Gearslach (1995), in fers dat letteroan in plak krije soe yn har Nederlânsktalige bondel De hengstenvrouw.

Myn bydrage oan Een boek van wondere dingen is, as it om it Frysk giet, yndirekt. My wie frege om  in ferfrysking te meitsjen fan it gedicht ‘Paret’ fan de Sweedske dichter Tomas Tranströmer.

it plein

Doe’t ik fan ’t wykein, dwaande mei de Sineeske poëzy fan Slauerhoff, yn Bronkhorst syn blomlêzing omblêde, kaam ik it gedicht ‘Kleine rat in de cel’ fan de Sineeske dichter Liu Xiaobo tsjin, in navrant pynlike tekst.

Tegearre mei byldzjend keunstner en polityk aktivist Ai Weiwei wie Liu de lêste tritich jier ien fan de meast útsprutsen dissidinten yn Sina.

Syn libben hat winliken ien lange oanienskeakeling fan opsluting west. Kear oan kear besocht er gebrûk te meitsjen fan it rjocht op mieningsutering en alle kearen weroan gong er streekrjocht wer it petoet yn.

Yn 1989 wie Liu belutsen by de studinteprotesten op it Tiananmenplein yn Beijing, byienkomsten dy’t mei geweld de kop yndrukt waarden. In bloedbad. Tûzenen minsken waarden yndertiid oppakt.

Op ien fan dy moardpartijdagen kaam de saneamde ‘tankman’ op it toniel, de man dy’t op it Plein fan de Himelske Frede, it Tiananmenplein dus, pontifikaal foar in rige oplûkende tanks stean gie, en net wike woe. De foto fan syn ferset – hy, de man mei in boadskiptas, allinnich tsjin in rige tanks – hat in sa wilens ikoanyske betsjutting wûn.

Liu gong yn dy snuorje yn hongerstaking, waard oppakt, sûnder foarm fan proses feroardiele en siet ein jierren tachtich in foech twa jier yn ’e gefangenis.

de lege stoel

De lêste kear dat er oppakt waard, wie yn 2009 doe’t er in feroardieling fan alve jier oan ‘e broek krige fanwegen syn belutsenens by it opstellen fan it saneamde ‘Charta 08’-manifest, in oprop foar demokrasy en beskerming fan de minskerjochten yn Sina.

In jier letter waard him de Nobelpriis foar de Frede taskikt. De stoel yn Stockholm bleau lykwols leech. De laureaat krige fan de Sineeske oerheid gjin permisje om nei Sweden ôf te reizgjen.

Syn frou, de dichteres Liu Xia, ek fertsjintwurdige yn de antology Een boek van wondere dingen, skreau, aparternôch, al folle earder, nammentlik yn 1998, it gedicht dat de titel ‘Lege stoelen’ hie, mei ûnder mear dizze heal om heal mystike rigels:

‘Lege lege stoelen
zo veel lege stoelen
overal

(…) ze bewegen niet –
ze zijn bevroren
door wat in hen ademt.’

Liu Xia en Liu Xiaobo (1955- 2017)

Ferline jier juny waard Liu lang om let frijlitten. Hy ‘mocht’ nei hûs fanwegen de slimme krupsje, leverkanker, dy’t er al jierren oanien ûnder de lidden hie. Medyske soarch yn it bûtenlân dêr’t er earder om frege hie, waard him oant op it lêst ta wegere.

In pear wike letter kaam er te ferstjerren. Syn jiske waard útstruid oer see, in monumint foar de dichter op it lân waard him net, it soe inkeld mar protesten jaan.

massakultuer

Liu Xiaobo publisearre essays, poëzy en kommentaren yn kranten en tydskriften. By ien fan syn projekten ûnderfrege er fyftjinhûndert minsken oer it fenomeen massakultuer.

De dichter woe hawwe dat troch massakultuer Sina ien grut amusemintspark wurden wie, mei in midsmjittigens dy’t neffens him nearne oars yn de wrâld syn wjergader hie. ‘Faaks sille wy op in dei demokrasy en frijheid hawwe, mar tsjin dy tiid sille wy gjin siel mear hawwe.’
.

@Eeltsje Hettinga
.

Een boek van wondere dingen
Amnesty International / Daan Bronkhorst
De Geus, Amsterdam 2018

.