Paul Celan yn it Frysk – De traljes fan taal en tiid
(13-04) Dizze wike is it fyftich jier ferlyn dat de de Dútsk-Roemeenske dichter Paul Celan ferstoar. Earder as yn it Nederlânsk waard syn poëzy yn it Frysk oerbrocht. De klassikus en dichter Sybe Sybesma publisearre al yn 1963 yn it tydskrift Quatrebras in tal gedichten út syn wurk, ûnder mear it gedicht ‘Weiss und Leicht’. In lyts oersjoch fan Celan-teksten yn it Frysk, dêr’t ûnder mear ek it foar syn freondinne Ingeborg Bachmann skreaune gedicht ‘Corona’ by heart.
Paul Celan, in anagram fan Paul Antschel, waard grutbrocht yn in Dútsk pratende Joadske famylje yn Czernovitz yn Roemenië. Op syn achttjinde sette er nei Paris foar in stúdzje medisinen, mar moast werom doe’t de Twadde Wrâldoarloch op útbrekken stiet.
Yn de oarloch sels waard er yn it wurk steld yn twangarbeiderskamp, deis arbeidzjend yn de stienskachten. Syn âlden kamen yn 1942 yn it konsintraasjekamp om; syn mem waard troch de nazi’s fermoarde yn it kampsikehûs.
trauma
Celan oerlibbe de nazikampen, wenne earst in skoft yn Boekarest en sette yn 1947 fia Wenen nei Paris, de stêd dêr’t er letteroan Dútske taal en letterkunde dosearre oan L’Ecole Normale Supérieure.
It trauma dat yn alles beskiedend foar syn libben west hat en dêr’t syn poëzy net sûnder lêzen wurde kin, is de Holocaust. Hy hie yn de jierren dy’t er yn Paris tabrocht slim te lijen fan algeduerich weromkommende depresjes. Yn de nacht fan njoggentjin op tweintich april, dizze wike fyftich jier ferlyn, makke er in ein oan syn libben, doe’t er yn de Seine sprong.
De dichter, ûnder mear beynfloede troch de Frânske surrealisten René Char en Paul Eluard skreau by alle oare talen dy’t er behearske, ûnder mear it Roemeensk en Russysk, lykwols yn it Dútsk, syn memmetaal, tagelyk de taal fan de moardners fan syn âlden.
tekoart
Men kin hinnegean en sis dat der foar Celan gjin befrijing bestie, ek net út de taal dy’t foaroer alle ferskrikkingen fan de Holocaust oanienwei syn tekoart bewiisde. Der is it besykjen om dat te sizzen wat him net sizze lit, te moetsjen wa’t net mear te moetsjen binne. Der is in algeduerich wrikken en wramen oan de traljes fan taal.
Syn poëzy, bytiden net mear as in stammerjen, is in skriuwen op de râne fan stilte. In geandewei ferstomjende taal. De teksten sitte lykwols fol bedutsen ferwizings dy’t har by in earste lêzen net bleatjouwe. Gjin wurd of der giet mear as ien betsjutting ûnder skûl. It is mei om reden fan alle ferhoalene betsjuttingslagen dat syn wurk faak as hermetysk, tsjuster en ûntagonklik sjoen wurdt.
Celans poëzy ferget oer alle boegen in ‘traach’ lêzen. Wa’t ree is en jou syn wurden romte en tiid, dy wit him kear oan kear sprakeleas slein troch in tsjusternis dy’t like oangripend as ûnbegryplik is. Lês fan datoangeande it iepeningsgedicht ‘Es war Erde in ihnen’ fan de bondel Die Niemandsrose (1963), dêr’t ik hjir de Nederlânske oersetting fan Ton Naaijkens fan jou.
Er was aarde in hen
Er was aarde in hen, en ze groeven
Ze groeven en groeven, en zo ver-
liep hun dag, hun nacht. En loofden niet God,
die dit zo hoorden ze allemaal wilde,
die dit zo hoorden ze allemaal wist.
Ze groeven, vernamen niets meer:
ze werden niet wijs, verzonnen geen lied,
bedachten generlei taal.
Ze groeven.
Er kwam een stilte, er kwam ook een storm,
en alle zeeën kwamen.
Ik graaf, jij graaft en hij graaft ook, de worm,
en het zingende ginds zegt: ze graven.
O eenling, o geenling, o niemand, o jij:
waarheen ging het, nu het nergens heen ging?
O jij graaft en ik graaf, ik graaf me naar jou,
en aan onze vinger ontwaakt al de ring.
Ut Die Niemandsrose, s.12-13, vert. Ton Naaijkens.
Es war Erde in ihnen
Es war Erde in ihnen, und sie grüben.
Sie gruben und gruben, so ging
ihr Tag dahin, ihre Nacht. Und sie lobten nicht Gott,
der, so hörten sie, alles dies wollte,
der, so hörten sie, alles dies wusste.
Sie gruben und hörten nichts mehr;
sie wurden nicht weise, erfanden kein Lied,
erdachten sich keinerlei Sprache.
Sie gruben.
Es kam eine Stille, es kam auch ein Sturm,
es kamen die Meere alle.
Ich grabe, du gräbst, und es gräbt auch der Wurm,
und das Singende dort sagt: Sie graben.
O einer, o keiner, o niemand, o du:
Wohin gings, da’s nirgendhin ging?
O du gräbst und ich grab, und ich grab mich dir zu,
und am Finger erwacht uns der Ring.
.
Celan syn wurk waard, opmerklik genôch, earder yn it Frysk oerset as yn it Nederlânsk. Oer dat singeliere feit kaam Freark Dam yn 1990 mei in moai literêr-histoarysk skriuwen yn de Ljouwerter Krante.
Quatrebras
Hy die dat nei oanlieding fan in doe op steapel steande Nederlânske oersetting fan it sammele dichtwurk wêrfan’t de krante Trouw hawwe woe dat der yn Nederlân pas nei syn dea fan Celan echt niget oan syn poëzy ûntstien wêze soe.
Dam makket dêr kanttekening by dat ‘de Fryske oersetting fan de hân fan Sybe Sybesma al yn 1963 publisearre waard yn it doe besteande ’eksperimintele’ tydskrift Quatrebras en dat der yn dat fermidden, alteast doe, dus al each west hat foar dizze aparte skriuwer.”
De dichter en klassikus Sybe Sybesma sette mei-inoar fjouwer gedichten oer, ornearre foar ien fan de ferneamde Quatrebras-nûmers dat omtinken joech oan oersettingen fan eigentiidske útlânske poëzy, besoarge troch ûnder oaren Hessel Miedema, Marten Brouwer en Theo Jensma.
De fersen sels kamen út de bondel dy’t Celan yn 1959 yn it ljocht jûn hie ûnder de typearjende titel Sprachgitter. By it kwartet fersen siet ûnder mear it gedicht ‘Wyt en licht’, dat ik hjir yn syn hiele hear en fear oernim, ynbegrepen syn âlde stavering.
Wyt en licht
Sichtedunen, sûnder tal.
Yn ’e lijte, tûzenfâld: dou.
Dou en de earm,
dêr’t ik neaken mei ta dy woechs,
forlernen.
De strielen. Hja waeije ús to heap.
Wy drage de glâns, de pine en de namme.
Wyt,
hwat him roert oan ús,
sûnder swierte,
hwat wy útwikselje.
Wyt en licht:
lit it reizgje.
de fierten moannenei as ús. Hja bouwe.
Hja bouwe it klif, dêr’t
al hwat reizget op brekt,
hja bouwe
fierder:
mei ljochtskûm en stouwende weagen
Hwat reizget, fan ’e kliffen ôf winkend.
De hollen
winkt it neijerby,
de hollen, dy’t men ús liende,
om wjerspegelje to kinnen.
De hollen.
Dêrmei rȏlje wy dêrhinne.
Hollestrân.
Sliepstou?
Sliep.
Seemoulne draeit
iisklear sûnder wjergea
yn ús eagen.
.
Weiss und Leicht
Sicheldünen, ungezählt.
Im Windschatten, tausendfach: du.
Du und der Arm,
mit dem ich nackt zu dir hinwuchs,
Verlorne.
Die Strahlen. Sie wehn uns zuhauf.
Wir tragen den Schein, den Schmerz und den Namen.
Weiss,
was sich uns regt,
ohne Gewicht, was wir tauschen.
Weiß und Leicht:
Laß es wandern.
Die Fernen, mondnah, wie wir. Sie bauen.
Sie bauen die Klippe,
an der sich das Wandernde bricht,
sie sammeln
Lichtschaum und stäubende Welle.
Das Wandernde, klippender winkend.
Die Stirnen
winkt es heran,
die man uns lieh,
um der Spiegelung willen.
Die Stirnen.
Wir rollen mit ihnen dorthin.
Stirnengestade.
Schläfst du jetzt?
Schlaf.
Meermühle geht,
eishell und ungehört,
in unsern Augen.
.
De Celan-oersettingen yn Quatrebras krigen jierren letter in ferfolch yn it literêre tydskrift Kistwurk (2000-2003), dêr’t ûnder oaren it gedicht ‘Landschaft mit Urnenwesen’ (‘Lânskip mei urneskepsels’) yn te lêzen wie, in oersetting fan ûnderskreaune.
De oanlieding dêrfoar lei by in tal stikken dat it tydskrift yn dy snuorje publisearre (hie) oer de poëzy fan de Eastenrykse dichteres Ingeborg Bachmann (1926-1973), waans wurk net allinne besibbe is oan dat fan Paul Celan, mar mei wa’t hja ek, ein jierren fjirtich, begjin jierren fyftich, in ferhâlding hie.
Beide dichters hiene inoar moete yn 1947 yn Wenen, op it atelier fan de surrealistyske skilder Edgar Jené. Bachmann dy’t yn Wenen filosofy studearre, skriuwt har âlden yn Klagenfurt dat ‘de surrealistyske dichter Paul Celan […] slim fereale op my wurden is.’ Oan har draacht Celan net allinne it gedicht ‘In Ägypten’ op, mar hy skriuwt foar ek it yndrukwekkende leafdesgedicht ‘Corona’, dat part útmakket fan in briefwiksel dy’t hast oant Celan syn dea duorje.
it ûnútspreklike
Beide dichters setten yn har wurk de ferhâlding tusken taal en werklikheid op skerp. Der is de algeduerigen spanning tusken ‘het zegbare’ en ‘het onzegbare’. Ingeborg Bachmann skreau yn dat ferbân sels dat ‘de taal in straf is’. En sa is dat!
Likegoed Celan as Bachmann slute mei harren sizzen oer dat wat net te sizzen is, neam dat it ûnútspreklike, by in âlde mystike tradysje oan. Celan syn wurk gauris is gauris yn ferbân brocht mei in âldkristlike en joadske manier fan sprekken. It is de poëzy fan de leechte en it swijen by de romte achter it alfabet.
As it om Celan yn it Frysk giet, dan is der fierders de ferfrysking fan wat miskien wol syn meast bekende gedicht is: ‘Todesfuge’, mei dêryn de iene, ferneamde rigel: ‘Der Tod ist ein Meister aus Deutschland’. Yn 2007 publisearre Jabik Veenbaas yn it tydskrift De Moanne in treflike oersetting fan dit gedicht.
De ûnderstelde ûnfersteanberens fan dat gedicht leit net sasear by de taal, mar folle mear by de werklikheid dêr’t de dichter nei ferwiist: de Holocaust.
sinnefertsjustering
Yn it artikel ‘Paul Celan – De tiid keart werom yn ’e skyl’ (des. 2012) haw ik oait in Celan-ferfryskingen in tal nije oersettingen tafoege. It gedicht ‘Corona’, te finen yn de bondel Mohn und Gedächtnis (1952), wie der ien fan, in tried dy’t ik de kommende moannen miskien wer op. Miskien, want Celan oersette, is yn de measte gefallen Sisyfuswurk.
Hoe dan ek, no safolle jier letter hat de titel fan de Corona-tekst fan Celan, dy’t neist syn ferwizing nei de astronomy, yn it bysûnder nei de ljochtkrâns dy’t by sinnefertsjustering om de moanne leit, – Celan sprekt fan in ‘Blutstrahl’ – in alles ûntheisterjende betsjutting krigen.
Corona
Aus der Hand frißt der Herbst mir sein Blatt: wir sind Freunde.
Wir schälen die Zeit aus den Nüssen und lehren sie gehn:
die Zeit kehrt zurück in die Schale.
Im Spiegel ist Sonntag,
im Traum wird geschlafen,
der Mund redet wahr.
Mein Aug steigt hinab zum Geschlecht der Geliebten:
wir sehen uns an,
wir sagen uns Dunkles,
wir lieben einander wie Mohn und Gedächtnis,
wir schlafen wie Wein in den Muscheln,
wie das Meer im Blutstrahl des Mondes.
Wir stehen umschlungen im Fenster, sie sehen uns zu von der
Straße:
es ist Zeit, daß man weiß!
Es ist Zeit, daß der Stein sich zu blühen bequemt,
daß der Unrast ein Herz schlägt.
Es ist Zeit, daß es Zeit wird.
Es ist Zeit.
Korona
De hjerst fret my it blêd út ‘e hân: wy binne freonen.
Wy pûlje de tiid út syn núnders en leare him rinnen:
de tiid keart werom yn ’e skyl:
Yn ’e spegel is it snein,
yn dreamen wurdt der slept,
de mûle praat oprjocht.
Myn each dwaalt ôf nei it slachte fan myn leafste:
wy sjogge inoar oan,
wy sizze ús tsjusterens,
wy ha inoarren leaf as papaver en memoarje,
wy sliepe as wyn yn de skulpen,
as de see yn de bloedstriel fan de moanne.
Wy omearmje inoar, steand foar ’t finster, fan strjitte ôf nimt men ús op:
it is tiid, foar besef!
It is tiid, dat de stien him oerjout ta bloeien,
dat de ûnrêst in hert klopje lit.
It is tiid, dat it tiid wurdt.
It is tiid.
.
Fan it gedicht sels binne ûnder mearlûdopnamen by it Lyrikline.org, in audioplatfoarm foar poëzy, rûnom wei. In tal fan de nei it Frysk oerbrochte gedichten fan Paul Celan en Ingeborg Bachmann binne bedoeld foar de rige (blomlêzing) Fan kontininten fiif – De moaiste gedichten út de wâldliteratuer, in fariant en/of fuortsetting op de eardere blomlêzing Wrâld Finster Gedicht.
@Eeltsje Hettinga
.
• Eeltsje Hettinga, ‘Elke brêge, in ferlitten‘, [‘Every bridge a leaving’, translation David Colmer’, 2019].
• Eeltsje Hettinga, ‘De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy’, De Moanne, 2012
• Eeltsje Hettinga, ‘Paul Celan – ‘Corona’ – De tiid keart werom yn ’e skyl’, 2012.
• Eeltsje Hettinga, ‘Ingeborg Bachmann…revisited’, 2013.
• Eeltsje Hettinga, Ingeborg Bachmann, ‘Tsjuster de sizzen [Dunkles zu sagen], 2013.
• Jabik Veenbaas, ‘De fuga fan de master’, Albumbêd, De Moanne, nr. 6, 2007.s. 48-49.
• Eeltsje Hettinga, ‘Ingeborg Bachmann – Poëzy as brea of it tinken út ien oarprong wei, Trotwaer, 1993.
• Ton Naaijkens, In de leidsels Over Paul Celan, Revisor, jrg. 17,1990.
• Freark Dam,‘Paul Celan’, Sa sydlings, Leeuwarder Courant, 14 des. 1990.
.
(*) Ofbylding skilderij Anselm Kiefer, ‘Des Herbstes Runengespinst – für Paul Celan’. Oalje, akryl, gips, loed, strie, tûken en houtskoal op kanvas, yn twa parten, 2,80 sm. by 190 sm.