Sineeske gedichten yn it Frysk – Op ‘e tee by de keizer

hu_thung-song_1
Hu Thung-song (1923) – Sj. ek: Ynlieding by it wurk fan Hu Thung

Op ‘e tee by de keizer
.

(foar de baas en it slippedragende fee)
.

I

Kensto har de nuete hakkeslik-
rakkers fan skrassende fazanten en

provinsjale mandarijnen, de hear’ge
skribinten dy’t kreas fan foarm mar

nea net fint, tsjinstber har risse litte
foar tee by de Keizer? Kensto har

de bodders fan wa’t men gjin boek
lêze kin of men fielt, optocht is it

en makke, sûnder it fjoer dat earst
út it ûnfertocht berin fan tsjuster wei

de gedachten opbringt ta it ljocht
fan it gedicht dat bliuwt. Kensto har

de selsfoldienen dy’t dy wikke
‘Gean mei de lawine mei, lis net

net yn ’e kontramine, it is better
foar dyn namme, én dyn posysje letter.’

.
II

Yn it maatpak hyst, it sydsulver mei
beplúzje hja op it Bûten by de poel
de bitterkoekjes, de kwastekoeken!

Fan de Geast wurdt earnstich bepraat
de frijheid en fan harren metropoal
de hege Keunst, mar fan it eigen sels

ek it selsferneuk? ‘Kaam bin ik en
tankje Him, de Keizer dy’t my taskikte
in poepke sinten foar myn drege wurken.’

Sjoch it gnyskjen fan de fazanten,
lapswanzen dy’t al ieuwen oanien
stêd en lân smoarch troch it rip skite.

En de keizer sels? Dy sit op souder,
trije geisha’s ta syn wille: ‘O, lit my
jimme ris lekker troch it mûltsje kakke

en set de fruchten fan myn earsgat
as apelflap op it boerd fan dit folk
dat tinkt: ‘Hoai, troch my hegerop.’

 

op 'e tee by de keizer audio