Sjoerd de Vries (1941-2020) – Fan de ierde dy’t leech is…
WEEKLACHT
foar Sjoerd de Vries –
Fan de ierde dy’t leech is, kensto
it teken dat, deemoedich hast,
de dieren bûgje lit en
fan it reid dat delleit, djip
yn himsels, herbergsto yn dyn linen,
in stil kriten, midsiuwsk.
As de skerpe westewyn dy’t
oer de ieuwen mei see en wetter
stiente en kliffen kerve,
snijt de weeklacht fan in frou
de himel, in skreau
yn syn ienlikens oeral likens.
Fossyl is har gesicht dat
fan de dûnkere holten fan tiid
de âlde riedlingen hâldt.
En dêr’t it lân oergiet ta loft en
hierren ferfloeie ta reid
fart yn de dize de dei.
©Eeltsje Hettinga
Ut: Ikader (s. 71)
r. 9. ‘wetter’ – regen as it om in Nederlânske oersetting giet
In grutte jonge is hinnegien. Europeesks formaat. Syn portretten en lânskippen wist er universeel te belaborantsjen. Magysk wurk. ‘Het landschap is de moeder, de bron van alles. De overeenkomst tussen het landschap en de vrouw schuilt in de herbergzaamheid. In beide kun je wonen.’ Dat is de dichter achter de skilder. Us heit hie him oer ‘e flier yn de dagen doe’t er op Hotsum yn âld caravan omhúsmanne en sa altemets it trekpaad bylâns de Boalserter feart delkuierjen kaam, allinne yn de swarte jas, mei yn de linker en rjochter binnenbûs in flesse schnapps. Se hiene each foar elkoars dingen, Sjoerd foar de swarte happen fan myn faâr en ús heit foar de kromtongige ferhalen fan de skilder. Se begriepen inoar yn al harren lossens en leed. Mar ûnderwilens grapjeie. De biisfeinten. It tal kearen dat ik mei him opreizgje – de reis Ljouwert-It Hearrenfean of oarsom – dy litte har net telle. Underwerpen: de keunst (skeane mûle, lange úthaal: de keeeuuunst) en de wolken, de wolken en ús longen…
- Eeltsje Hettinga – Sjoerd de Vries, Sechstich jier keunstnerskip, 13 okt. 2016.
- Eeltsje Hettinga – De magyske laborant, keunstskilder Sjoerd de Vries, 21 nov. 2015.
- Eeltsje Hettinga – Sjoerd de Vries – ‘Altijd hetzelfde willen zeggen, maar altijd anders en duidelijker.’ – 9 maart, 2013.
.
- Eeltsje Hettinga – Sjoerd de Vries, Sechstich jier keunstnerskip, 13 okt. 2016
- Eeltsje Hettinga – De magyske laborant, keunstskilder Sjoerd de Vries, 21 nov. 2015.
- Eeltsje Hettinga – Sjoerd de Vries – ‘Altijd hetzelfde willen zeggen, maar altijd anders en duidelijker.’ – 9 maart, 2013.