Sjoernalistyk ûnder druk: Bulgaarse sjoernaliste Marinova fermoarde

(09-10) Viktoria Marinova fan Bulgarije, Ján Kuciak fan Slowakije, Daphne Caruana Galizia fan Malta. Samar trije, yn Europa wurksume sjoernalisten dy’t it ôfrûne jier fermoarde binne.

In fertsjintwurdiging fan it Comité ter Bescherming van Journalisten (CPJ), dêr’t in tal grutte ynternasjonale organisaasjes foar parsefrijheid en minskerjochten part fan útmeitsje, docht oer oare wike ferslach fan in reis nei Malta dêr’t de groep ûndersyk dien hat nei de moard op de sjoernaliste Daphne Caruana Galizia.

Lykas  Ján Kuciak wie Viktoaria Marinova dwaande mei ûndersyk nei korrupsje en misbrûk fan Europeeske jilden en subsydzjes. Fan ’t wykein waard se op brute wize fermoarde. It regear fan Bulgarije seit dat der gjin streekrjochte relaasje is mei it sjoernalistike wurk fan Marinova.

The Shift News, it on-line platform foar krityske sjoernalistyk, stelt dêrfoaroer dat dy bewearing klearebare ‘state propaganda’ is. It CPJ kin nei Malta streekrjocht troch nei Bulgarije.

LF2018 en Malta 

Juster hat the European Centre for Press and Media Freedom mei fjouwerentweintich oare organisaasjes, dy’t tûzenen sjoernalisten en tal fan minskerjocht-aktivisten fertsjintwurdigje, in brief dien oan de Maltese minister-presidint mei it fersyk foar in publike ‘hearing’  yn de saak Daphne Caruana Galizia.

Wat de sitewaasje op Malta oangiet, is it spitich, sa net kwealik dat der gjin fertsjintwurdiger fan LF2018 en de provinsje Fryslân mei it CPJ mei reizge is.

Ek al is de gearwurking tusken Malta-Valletta en Ljouwert fan ’t simmer offisjeel opsein – beide stêden binne dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa – men hie mear en better in finger oan de Maltese pols hâlde kinnen.

Wat de sitewaasje op Malta oangiet, is it spitich, sa net kwealik dat der gjin fertsjintwurdiger fan LF2018 en de provinsje Fryslân mei it CPJ mei reizge is.

Sûnt it debat mei kultuerminister Owen Bonnici fan Malta, begjin july, is yn de Fryske  polityk kulturele rûnten mûsstil. In bliedende noas?

Dochs sil der wat dien en sein wurde moatte, al wie it mar omdat ek de moard op Viktoria Marinova noch werris dúdlik makket dat parsefrijheid rûnom yn Europa ûnder grutte druk stiet. En tiid prest, te mear ek omdat it jier foar beide Europeeske kulturele haadstêden der sa’n bytsje op sit.

Korrupsje

Underwilens rint it CDA-Keamerlid Pieter Omtzigt – hy is troch de Rie fan Europa oansteld as “speciaal rapporteur’ yn de moardsaak op Daphne Caruana Galizia – nei oft it Maltese ûndersyk  wol earlik ferrint.

Yn in earste rapportaazje dêroer stelt it Keamerlid dat de rjochtssteat op Malta alderhande lekken en brekken sjen lit en dat der sprake is fan ‘belangenverstrengeling tot in de hoogste regionen, de premier van het eiland inbegrepen.’
.

© EH

Update 10-10. Europa leit it regear fan Europa it fjoer neier oan de skinen. De Ljouwerter Krante berjochtet hjoed dat “de moord op Carauna Galizia lang tevoren is gepland, dat de aanleiding ligt in haar onderzoekswerk naar corruptie en witwassen, en dat de verdachten die zijn gearresteerd handelden in opdracht van hogerhand.” 
.

Sjoch ek: